Poitiers

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Poitiers
Poitiers hill.jpg
Sifers
Ynwennertal 87 961 (2016)
Oerflak 42,1 km²
Befolkingstichtens 2.089 / km²
Stêdekloft 310.000 (2019)
Hichte 65 - 144 m
Polityk
Lân Frankryk
Departemint Vienne
Arrondissemint Poitiers
Oar
Tiidsône UTC
Simmertiid UTC
Webside Ville de Poitiers
Plak fan Poitiers yn Frankryk

Poitiers is in stêd en gemeente yn it Frânske departemint Vienne (regio Poitou-Charentes) mei 87.961 ynwenners (2016). It plak heart ta it arrondissement Poitiers.

Merkplein mei midsiuwske gebouwen

Stêd en omkriten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It sintrum fan Poitiers leit op in hichte tusken de gearrin fan de rivieren de Clain en de Boivre.

De stêd hat in âld sintrum, in protte tsjerken en in ferskaat oan dingen dy't it besjen wurdich binne, in universiteit en in (lyts) fleanfjild. Dêr stopje TGV's fan de spoarlinen Parys - Bordeaux en La Rochelle oan it stasjon. It plan is dat der ôftakke nei Poitiers fan de LGV Atlantique komt. Teffens leit de stêd oan de sneldyk A10 tusken Parys en Bordeaux.

Net fier fan Poitiers leit it attraksjepark Futuroscope.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al foar de Romeinske ynvaazje fan Galje wie op it plak fan Poitiers in delsetting, dy't waakste ta de Romeinske stêd Lemonum (of Limonum), dêr't termen, in akwadukt en ien fan de grutste amfiteaters fan Frankryk boud waarden (it Amfiteater fan Poitiers).

Faaks hat it by dizze stêd west dat Karel Martel yn 732 de Sarasenen fersloech en sadwaande harren opmars nei Noard-Europa opkearde. Poitiers wie de haadstêd fan de Frânske provinsje Poitou en it waard in bloeiende stêd, net yn't lêste plak meidat it in sammelpunt foar pylgers ûnderweis nei Santiago de Compostela út noardwest-Jeropa waard. Der waard skitterende romaanske tsjerken set. Der kaam in ein oan de bloei doe't kening Filips Augustus de stêd yn 1208 oermastere. Yn de 14e iuw wie it betstjoer fan de stêd in skoft yn hannen fan Jean de Berry (bekend fan de Très Riches Heures du Duc de Berry, ferluchtige fan de bruorren Van Limburg). Hy liet in belfort sette, mei in klok, dy't it fyfde iepenbiere oewurk fan Frankryk wie.

Yn de Hûndertjierrige Oarloch moasten de Frânsen yn de slach by Poitiers (1356) belies jaan oan de Ingelsken.

Doe't de Ingelsken 1418 Parys ynnamen, flechte kroanprins Karel earst nei Bourges en letter nei Poitiers. De stêd bloeide op; der waarden mûnen boud en der waard 1431 in universiteit stichte.

Untjouwing befolking
Jier 1936 1954 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2007
Ynwenners 44.269 52.681 62.178 71.129 81.313 79.350 78.894 83.448 89.253[1]

Berne yn Poitiers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Poitiers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. INSEE: Befolking Poitiers 2007