Hy wurke yn syn heechtijdagen oan it prestisjeuze Collège de France, as heechlearaar yn de ‘Skiednis fan Gedachtesystemen’. Hy joech ek les oan de like heechsteande Universiteit fan Kalifornje, Berkeley. Foucault wie in kritikus fan sosjale ynstituten as it psychiatrysk systeem en it detinsjesysteem. Ek skreau er wiidweidich oer de skiednis fan de minsklike seksualiteit.