Springe nei ynhâld

Frânsen

Ut Wikipedy
Ferneamde Frânsen
rige 1: Jeanne d'ArcJacques CartierDescartesMolièrePascalLoadewyk XIVVoltaireDiderotNapoleon
rige 2: Victor HugoAlexandre DumasÉvariste GaloisLouis PasteurJules VerneEiffelde CoubertinToulouse-LautrecMarie Curie
rige 3: ProustCharles de GaulleJosephine BakerCousteauCamusÉdith PiafFrançois MitterrandBrigitte BardotZinédine Zidane

Under Frânsen (manlik iental: Frânsman, froulik iental: 'Frânsêze', Française) wurde ferstien:

  • besitters fan de Frânske nasjonaliteit
  • de autochtoane ynwenners fan Frankryk en Frânse emigranten en harren neisieten
  • militêren ûnder Frânsk gesach, bygelyks yn de Frânske tiid yn Fryslân (dit wiene net allinnich troepen mei de Frânske nasjonaliteit)

Frânsen as befolkingsgroep

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De autochtoane Frânsen binne fan oarsprong in griemmank fan Keltyske stammen (Galjers) en Romeinen, en letter ek Germanen (Franken, Noarmannen, Westgoaten en Boergonjers) en Basken of Ibearjers (Akwitaanjers).

De oerhearskjende taal dan de autochtone Frânsen yn Frankryk en dêrbûten is it Frânsk, in Romaanske taal, dy't lykwols beynfloede is troch Keltyske talen (Gallysk) en Germaanske talen (benammen it Frankysk).

Neist it Frâns wurde troch de autochtoane Frânsen yn Frankryk en noch de besibbe streektalen Arpitaansk, Pikardysk en it Oksitaansk sprutsen. Oare Frânsen yn Frankryk sprekke ek it Bretonsk, in Keltyske taal, it Baskysk, it Elzassersk, in Dútsk dialekt, it Katalaansk, Korsikaansk en Arabysk.