Springe nei ynhâld

Pierre de Coubertin

Ut Wikipedy
Pierre Baron de Coubertin (1915)

Pierre de Frédy, Baron fan Coubertin (better bekend as Pierre (Baron) de Coubertin) (Parys, 1 jannewaris 1863Genêve, 2 septimber 1937) wie in Frânsk histoarikus en pedagooch dy't bekend wurden is as de oprjochter fan de moderne Olympyske Spullen. Hy wie de twadde foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee.

In útspraak dy 't faak assosjearre wurdt mei Pierre de Coubertin is "meidwaan is wichtiger as winne". Dat is lykwols gjin útspraak fan him. Wol hat er yn 1908 in útspraak fan de biskop fan Pennsylvania oernommen: [1]

It wichtige yn it libben is net de triomf, mar de striid, it essinsjele is net om wûn te hawwen mar om goed striden te hawwen .

L'important dans la vie ce n'est point le triomphe, mais le combat, l'essentiel ce n'est pas d'avoir vaincu mais de s'être bien battu.

De Coubertin die sels mei oan de Olympyske Spullen fan 1912 ûnder de skûlnammen Georges Hohrod en M. Eschbach en wûn in gouden medalje by it ûnderdiel literatuer foar syn gedicht . Dy wedstryd stie oant en mei de Olympyske Simmerspullen fan 1948 op it programma.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hill, Christopher R. (1996). Olympic Politics. Manchester University Press ND. ISBN 978-0-7190-4451-9., PG 7-8