Franken

De Franken (Latyn: Franci of gens Francorum) wiene in federaasje fan Germaanske stammen dat safier bekend healwei de 3e iuw yn it tsjintwurdige Dútslân en Nederlân libben. Hja wiene ynearsten in stammeferbûn dat ûntstie yn it gebiet tusken de Weser en de Ryn dêr't in protte lytse stammen wennen. Troch de bekende Romeinske skiedskriuwer Tasitus út de 1e iuw wurde de Franken lykwols noch net neamd. Yn 291 wurde se foar it earst neamd yn in taspraak fan keizer Diokletianus. Om 360 berjochte de Romeinske skiedskriuwer Aurelius Fiktor dat de Francorum gentes (folk fan de Franken) sûnt 250 Galje ferwoastge hiene.
Harren kultuer, taal (it saneamde Aldfrankysk) en eigenheden wienen dy fan oare Germaanske folken net wanlyk. Guon tinke dat de Franken fan oarsprong ûntstien binne as in ferbûn tusken ferskate Germaanske stammen lykas de Bruktearen, Tubanten, Gamaven en oaren. Hjoed-de-dei wurdt der ek wol fanút gien dat in grutte kloft Frisii en Sjauken harren taheakke hawwe oan boppesteande stammen. Hja fêstigen har oan de ouwers fan de Ryn by de limes fan it Romeinske Ryk. Der ûntstiene twa groepen: de Salyske en Ripuaryske Franken. Yn de 4e iuw stieken de Salyske Franken de Ryn oer en fêstigen se har yn 'e Romeinske provinsje Germania Inferior en letter wreiden se har wengebiet út ta Gallia Belgica dêr't se harren machtssintrum opbouden.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net alhiel dúdlik wat de oarspronklike betsjutting fan de namme is, mar der wurdt algemien oannommen dat it in Germaanske oarsprong hat. It wurd wurdt fanâlds yn ferbân brocht mie it Aldfrânske franc dat weromkomt op it wurd "frij" of "dapper". Dy term is ôflaat fan it wurd Frank sels, nei harren frije status. Ek wol wurdt it wurd yn ferbân brocht mei it Germaanske wurd foar "spear", itjinge werom te finen is yn it Aldingelske franca of it Aldnoarske frakka, mar mooglik komt dy ek fan de Franken sels ôf, as de namme fan in Frankysk wapen. Dêr soe de namme fan it Ferbûn fan de Spearen, in ferwizing nei in teory oer it ûntstean fan it ferbûn fan de Frankyske stammen, dus weikomme kinne.
In populêre teory om de úteinlike oarsprong fan al dy termen te ferklearjen, is dat it wurd "woast" betsjutte. Neffens ien fariant fan dy teory is de namme besibbe oan in rekonstruearre Proto-Germaansk wurd *frekaz, dat habsuchtich bestjutte, mar ek wol sokssawat as "brutaal" betsjutte. It hat ôfstammelings lykas it Fryske frak (geil, wielderich, flaaikjend), it Dútske frech (brutaal, skamteleas), it Midnederlânske vrec (gjirrich), it Aldingelske frǣc (habsuchtich, moedich) en it Aldnoarske frekr (brutaal, habsuchtich, ynklausk).
It idee dat de namme fan de Franken ôflaat wie fan "woast", is fan in part ôflaat fan klassike ferwizings nei harren woastgens en ûnbetrouberens as skaaimerkende egenskippen.
Franken en Romeinen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nedergermaanske limes foarme yn de Romeinske tiid de grins tusken de Romeinske provinsje Germania Inferior oan de lofterouwer, en de net troch de Romeinen kontrolearre Germania Magna oan de rjochterouwer fan de Ryn. Dat part fan de limes begûn likernôch by it hjoeddeistige Bad Breisig en einige by de mûning fan de Alde Ryn yn de Noardsee. De grins foarme benammen de rin fan de rivier sels, en minder troch wâlen en muorren. By de rivier del stiene Romeinske forten en fêstingwurken fan Katwyk oer Leien, Utert, Nimwegen, Xanten, Neuss, Keulen oant Bonn, dêr't justjes de stream op de Oergermaanske limes begûn. Yn dy beskermingssône wiene yn it efterlân oan de lofterouwer fan de Ryn in grut tal Romeinsk lânguod (villae rusticae) en delsettings (vici) ûntstien. De keizerstêd Trier tsjinne as in wichtich teken fan Romeinske macht yn it Galloromeinsk en Germaanske grinsgebiet.
Yn it grutte gebiet tusken de Ryn en de Ardinnen wiene der lykwols ek Germaanske doarpen en delsettings dy't yn in ôfhinklike relaasje ta de Romeinske ynstellings stiene. De Germanen dy't har oan alletwa ouwers fan de Ryn fêstigen, wiene oer it algemien betroud mei de Romeinske kultuer, beskaving en militêre technyk. Germanen wiene dêr yn mear of mindere mjitte yn tsjinst fan de Romeinen, gauris as troepen fan militêre bûnsmaten. De stamme fan de Ubjers waard om 15 f.Kr. troch de Romeinen yn it hjoeddeistige Keulen fêstige en stadichoan romanisearre. Dat gou ek foar de Bataven yn de Betuwe. Letter wiene der hieltyd mear rôftochten fan Germaanske groepen tsjin Romeinske ynstellings, dat ta gruttere konflikten late koene.
De ynterne problemen yn Rome mei meikeizers en tsjinkeizers yn de 3e iuw hiene ek in destabilisearjend effekt op de tastân yn Galje en Germaanje. Dêr kamen de ûnrêst fan it begjin fan it folkeferfarren en de konflikten fan de Romeinen mei de Goaten en oare Germaanske stammen by. Yn dat tiidrek foarmen Germaanske groepen en stammen yn Germania Magna, oan de rjochterouwer fan de Ryn ta aksjemienskippen. Dy woeksen út ta stammefederaasjes en úteinlik ta nije folken. Dat proses gou foar de Franken, mar ek foar de Saksen, Alemannen, Bajuwaren, Tueringers en Boergonden.
Benammen yn de 4e iuw is der sprake fan in libbene ekonomyske en sosjale útwikseling mei it Romeinske Ryk. Yn plakken oan de rjochterouwer fan de Ryn waarden wol likefolle Romeinske munten fûn as yn plakken yn it ryk. Ek makken Frankyske eallju sûnt Konstantyn de Grutte karriêre yn it Romeinsk leger. In ier foarbyld is Bonitus, dy't faaks út in famylje fan de yn it ryk fêstige Frankyske laeti ôfkomstich wie. Under Konstantius II is der in yn it leger en oan it keizerlik hôf ynfloedrike Frankyske militêren om tsjinkeizer Silvanus hinne. Mei Richomer, Bauto en Arbogast wiene Frankyske legerlieders (magistri militum) har oan 'e ein fan de 4e iuw sels op skeakelpunten fan de macht, benammen yn it westen fan it ryk. Mei dy groep makke Mallobaudes karriêre, dy't ynearsten as comes yn it Romeinske leger tsjinne en dêrnei as lytskening fan de Franken nei syn heitelân weromkearde. Dêrtroch waard de grins suver mear dizenich ûnder oaren troch beynfloeding fan wjerskanten fan it Romeinske Ryk oan ien kant en de Germanen oan oare kant.
Iere Franken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Proto-Frankyske stammen of bûnsgenoatskippen fêstigen harren ynearsten oan de rjochterouwer fan de Ryn, ferpleatsten har wengebiet faak en lytsen gauris it Galloromaanske gebiet yn om plondertochten te ûndernimmen. Hoewol't it ôfbeakenjen fan de stammen ûnderinoar en neffens oare Germaanske stammen net alhiel wis is, lykje de Frankyske stammen foar de Romeinen in taalkundige en etnyske ienheid te foarmjen dy't fierder as de stamnamme rikte.
De "ynterne persepsje" fan de stammen ûnderinoar wie ynearsten lykwols mear nuansearre. Hja foarmen yn it begjin allinnich mar losse alliânsjes, lykas dy't gaadlik foar rôftochten of ferdigeningsmaatregels wiene. Ut dy "stammeswaarm" ûntstie yn 'e rin fan de tiid in stammeferbûn en lang om let in folk. Yn resinter ûndersyk wurdt dêrby hieltyd faker oannommen dat de ferieniging fan de Franken ynearsten troch de Romeinen befoardere waard, dy't op dy manear it foarlân fan de limes ûnder kontrôle bringe woene.
Doe't it Romeinske Ryk by de krisis fan de 3e iuw in tiid fan ferswakking trochgie, makken de Franken, Alemannen en Saksen dêr lykwols gebrûk fan om plondertochten te ûndernimmen. De earste bekende Frankyske ynfallen op Romeinsk grûngebiet wiene yn 257/259 en namen yn de dêopfolgjende perioade hieltyd fierder ta. Dy earste Frankyske ynfallen waarden lykwols net earder neamd as yn de let-antike boarne fan Aurelius Fiktor om 360 hinne. De earste kear dat de Franken neamd waarden is yn in kontemporêre boarne en is te finen yn in panegyrikus út 291. Doe't it Romeinske Ryk him wer stabilisearre hie, tsjinnen in soad Franken yn it Romeinsk leger en klommen guon sels op ta hege posysjes. De ekspânsje fan de Franken út it noardwesten en easten oer de Ryn hinne hie in suvere oanlûkingskrêft op de opkringende Germaanske stammen, lykas de Friezen, Saksen en Tueringers, itjinge late ta kontakten en fjochteraasjes, mar ek ta lytse alliânsjes tusken de stammen.
Op in Romeinske dikekaart út 'e mid-4e iuw, de Tabula Peutingeriana, stie Francia (it lân fan de Franken) oan de rjochterouwer fan de Ryn al goed en dúdlik oanjûn.
It is lykwols suver in ûnderwerp fan diskusje as der yndie fan Frankyske stammen sprutsen wurde kin. Guon wittenskippers beskôgje de groepearings earder as hierlingetroepen. De Frankyske etnogenese wie yn alle gefallen in proses dat him oer in langere tiidrek ûntjoech. Wannear't dat miene folksgefoel foltôge wie, is histoarysk net fêst te stellen. Yn 'e snuorje fan de skate aksjes fan de Salyske en Ripuaryske Franken wiene der lykwols altyd kontakten tusken de groepen en mienskiplike aksjes tsjin mienskiplike fijannen. Foar de Merovingyske kening Klovis I wie it dêrom yn 509 ienfâldich om him, nei it útskeakeljen fan de Ripuaryske oanfierder Sigebert fan Keulen, ek as haad fan de Ripuaarjers te pleatsen, omreden dy him, lykas harsels, as "Franken" beskôgen.
Dielstammen fan de Franken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
By de iere Franken gie it nei alle gedachten benammen om krigers út de stammen fan de groep fan de Istvaeoanen. Yn 'e oprjochtingsfaze fan de bûn fan de Franken yn de 3e iuw hiene de groepen dy't har yn it noardwesten en oan de Nederryn fêstige hiene, har feriene út de groepen dy't har fan de ûnderrin fan de Nederryn oant Sallân oan de Isel fêstige hiene. Dêr ûntstie de bûn fan de Salyske Franken of Westfranken. De groepen dy't as foederati fêstige wiene yn it gebiet om Keulen hinne, oer de Midryn en súdlik dêrfan, giene lang om let oer yn de Ripuaryske Franken of Rynfranken en yn de fan harren ôfstamjende Mûzelfranken. De Salyske Franken waarden dejingen dy't de Frankyske ekspânsje benammen fuortsetten en fan harren kaam it hearskershûs fan de Merovingen fuort.
It meast oannimlik is dat de groepen dy't har fan de mûning fan de Alde Ryn oant de Nederryn fêstigen harren by de Salyske Franken oansleaten, wylst groepen út 'e omkriten fan Keulen oant de delling fan de Lahn opgiene yn de Ryn- en Mûzelfranken. Hjirûnder is in list fan stammen dy't yn de rûsde folchoarder fan harren delsettingsgebieten fan de mûning fan de Ryn de stream op oant de Lahn oanjûn steane:
- Chassuarii: wiene fêstige oan de bopperin fan de Lek. Guon groepen krongen fier troch yn Galje.
- Gamaven: fêstigen har ynearsten noardlik fan de Lippe en lutsen yn d e4e iuw troch nei de Maas.
- Tubanten mei de subgroep Tuihanten: fêstigen har yn Twinte en yn de oanswettende gebieten.
- Sugambren (ek wol Sigambren): mei de subgroep fan de Kugernen oan de lofterouwer fan de Ryn yn it gebiet fan Xanten oant Krefeld. Troch skriuwers út de Aldheid waard de namme "Sugambren" wolris brûkt ynstee fan "Franken". Noch by de doop fan Klovis I (497-499) spriek biskop Remigius fan Reims de wurde: "Bûgje no, grutske Sigamber, jo holle en ûnderwerp it oan it sêfte jok fan Kristus! Oanbid wat jo oant no ta ferbaarnd hawwe, en ferbaarn wat jo oant no oanbidden ha!""
- Bruktearen: al troch Tasitus neamd, ynearsten fêstige oan de Iems en de Lippe, wiene belutsen by de oermasterings fan Keulen en Trier en fêstigen har dêr.
- Tenktearen: oarspronklik eastlik fan de Ryn, letter trochkrongen oant de Sieg.
- Usipeten: gauris yn ferbân mei de Tenktearen brocht, fêstigen har yn de delling fan de Lahn.
Ek groepen fan de Ingvaeones sleaten har by de Franken oan, lykas:
- Ampsivaren: troch Tasitus neamd as súdlike buorren fan de Friezen, ferdreaun troch de Sjauken út harren oarspronklik wengebiet oan e Iems, lutsen se nei de Nederryn.
- Sjauken: Hja fêstigen har as buorren fan de Saksen, dêr't it it grutste part fan harren yn opgie. In part sleat him nei alle gedachten oan by de Franken.
Groepen dy't mar in bytsje belutsen wiene by it ûntstean fan de Franken wiene:
- Bataven: yn 'e snuorje fan it foarmjen fan de Franken wiene se al romanisearre. harren neiteam gie op yn 'e salyske Franken.
- Ubjers: yn 'e omkriten fan Keulen al yn 18 f.Kr. troch de Romeinen oan 'e lofterouwer fan de Ryn yn it Oppidum Ubiorum fêstige. Yn 'e snuorje fan it foarmjen fan de Franken wiene se al romanisearre. harren neiteam gie nei it oermasterjen fan Keulen op yn 'e Rynfranken.
- Sjatten: fêstige oan de bopperin fan de Eder, Fulda en Lahn (nammejouwers fan it lettere Hessen). Hja foarmen in selsstannige stammen dy't yn it ramt fan de Frankyske ekspânsje ûnder Frankysk gesach kaam te stean en him mei de nei it súdeasten optsjende Frankyske kolonisten fermongen.
- Tueringers (en fersprate lytse groepen fan oare Germaanske stammen): hja wiene ferspraat nei de Ryn en dêrbûten trochkrongen en hiene har dêr fêstige. Der wurdt ek wol neamd dat der in "lyts keninkryk" oan de lofterouwer fan de Ryn fan de Tueringers (dy't yn 531 yn de Slach oan de Unstrut troch de Franken ferslein waarden), hoewol't dat yn resintere tiden omstriden rekke is. Dy kolonisten giene, ta tsjinstelling fan har yn it easten efterbleaune stamfolken, op yn de Franken.
Oare groepen dy't har yn it ekspânsjegebiet fan de franken fêstigen, wiene troch de Franken yntegrearre. Foar safier dy groepen har yn it hjoeddeistige Dútsktalige of Nederlânsktalige gebiet fêstigen, giene se op yn de Franken. Yn de hjoeddeistige Frânsktalige gebieten rûn it proses krekt oarsom: de Franken yntegrearren har dêr yn lettere iuwen mei de pleastlike Romaanske befolking:
- Romeinske kolonisten dy't nei it suden ta flechte wiene foar de optsjende Germanen.
- troch de Romeinen yn Gallia Belgica fêstige Germanen, dy't yn 'e snuorje fan it ûntstean fan de Franken al foar in grut part romanisearre wiene
- fersprate oerbliuwsels fan de Keltyske (en net-Keltyske) befolking yn it gebiet tusken de Ryn, de Eifel/Ardinnen en de Skelde
- Gallo-Romanen (romanisearre Kelten), fierwei de mearderheid fan de befolking lofts fan de Ryn fan foar de Frankyske ekspânsje.
Salyske en Ripuaryske Franken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Salyske Franken of Westfranken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It proses dêr't de Franken út ferskate dielstammen by ûntstiene, naam likernôch de hiele 3e iuw. Yn 294 ferdreau Konstantius I, dy't ta keizer útroppen wie, groepen dy't de Franken neamd waarden, út "Batavia", it eardere Bataafske gebiet yn de Betuwe, wei. Guon efterbliuwers waarden as laeti (healfrijen) op Romeinsk grûngebiet fêstige. Yn 358 stieken fannijs groepen Salyske Franken de Ryn oer nei it súdwesten ta en foelen oer de Betuwe it Romeinske Ryk yn. De Romeinen koene har mei sukses hohâlde. De lettere keizer Julianus (doe noch ûnderkeizer ûnder Konstantius II) stie de Saaljers ta en fêstigje har yn Toksandrje, dat doe noch in tinbefolke gebiet yn de Roeminske provinsje Belgica II wie. Dêr yn ruil foar stiene Frankyske krigers yn militêre tsjinst by de Romeinen.
De Salyske Franken bleaune oant it begjin fan de 5e iuw yn Toksandrje, doe't se fierder nei it suden ta lutsen en bytsje by bytsje Galloromeinsk gebiet bemachtigen. Gilderik I lei it grûnwurk troch yn de jierren 460-470 in machtsposysje yn Noard-Galje op te bouwen. Syn soan en opfolger Klovis I oermasteren ferskate lytse Frankyske keninkriken en lang om let yn 486/487 it keninkryk fan de lêste Romeinske hearsker yn Galje, Syagrius. Dêr kaam in ein oan de Romeinske hearskippij yn Galje mei. Yn de tiid nei Klovis makken de Merovingen gebrûk fan de kunde fan de âlde Galloromeinske eliten.
Skiedkundigen binne it der net oer iens as de Salyske Franken harren stamnamme al oan it begjin fan de Frankyske skiednis droegen. Wis is lykwols harren kaairol yn de Frankyske ekspânsje. De Merovingyske kening Klovis I lei it grûnwurk foar it lettere Frankyske Ryk om de Salyske Franken mei de Ripuaryske Franken te ferienjen. Klovis bekearde him, as gefolch nei in ûnthjit nei de oerwinning op de Alemannen yn de Slach by Tolbiak yn 496, mei 3000 folgelingen ta it kristendom.
Keningen fan de Saaljers wiene oant en mei Klovis I:
- Klodio (430/440)
- Merovech (455/460), de nammejouwer fan de Merovingen
- Gilderik I (457/63–481/82)
- Klovis I (481/82–511)
Ripuaryske Franken of Rynfranken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De term Francia Rhinensis wie al sûnt de 5e iuw bekend. Sûnt likernôch de 6e iuw waarden de stammen dy't har oan de Midryn en de stream op fêstigen ek wol Ripuaarjers neamd, itjinge "ouwerbewenners" betsjut. Njonken de Saaljers foarmen se de twadde wichtige stamme yn de Frankyske ekspânsje. Ut harren útstie letter de takke fan de Mûzelfranken. De Rynfranken wreiden har yn it ramt fan 'e Frankyske ekspânsje út fan Keulen oer Mainz oant yn it hjoeddeistige Hessen en oer Worms nei Spiers. De Mûzelfranken fêstigen har yn 'e delling fan de Mûzel en yn de oanswettende gebieten oant Trier en yn it hjoeddeistige Lúksemboarch
De Rynfranken hiene harren eigen lytskeningen. Dêr wie Sigebert fan Keulen, ek wol "de Lamme" neamd, de wichtichste fan. Yn in alliânsje mei de Salyske kening Klovis I hie er yn 496 de Alemannen ferslein yn 'e Slach by Tolbiak. Dochs waard er it slachtoffer fan in gearspanning fan syn eardere striidmaat, dy't dêrnei ek by de Ripuaarjers de macht oernaam en de twa grutte Frankyske folksgroepen feriene.
Fan de stamhaden en keningen fan de Ripuaarjers yn it tiidrek fan it ûntstean fan de Franken oant de gearspanning tsjin kening Sigebert fan Keulen wurde de folgjende persoanen yn skriftlike boarnen neamd:
- Gennobaudes (287/289)
- Askarikus en Merogaisus (likernôch 306)
- Mallobaudes (likernôch 380)
- Gennobaudes (II) (fan 388 ôf)
- Teudomer (413–428)
- Sigismer, yn 469 as „keningssoan“ neamd
- Sigebert fan Keulen (kening fan 483 oant 509)
De Frankyske maatskippij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Salyske kening Klovis I fan it hûs fan de Merovingen wie de earste fan de Frankyske hearskers dy't alle Frankyske keninkriken, dy fan de Saaljers en de Ripuaarjers, ûnder ien hearskippij feriene. Ek eardere net-Frankyske gebieten waarden by it keninkryk ynlive, sa't it Frankyske Ryk (Regnum Francorum) en it lân fan de Franken (Francia) sûnt net mear identyk wiene.
Yn it ryk libben de Franken as in folk mei taalkundige en kulturele tradysjes dy't weromgeane oant de tiid fan de (Proto-)Frankyske stammen en dêr't de gebrûken fan, nettsjinsteande de fierder geande kerstening, basearre wiene op it âlde Germaansk-Frankysk rjocht. Klovis I hie tusken 507 en 511 de Lex Salica opstelle litten, de wetjouwing fan de Salyske Franken. De dêrop basearre Lex Ripuaria ferskynde yn de 7e iuw yn it Rynfrankyske gebiet ûnder it bewâld fan kening Dagobert I, de lêste Merovinger dy't neffens tradisjonele wittenskiplike opfetting noch selsstannich regearre. Nei him namen de hofmeiers stadichoan de macht oer. Wylst yn de Ripuaryske wetjouwing benammen it rjocht fan it Frankyske folk fêstlein waard, befette de wetjouwing fan de Saaljers ek grutte wetteksten dy't net-Frankyske, benammen de Gallo-Romaanske befolking oangie. Ek regelings foar de geastlike stân (preesters, kleasters, biskoppen) wiene part fan de Lex Salica.
Utwreiding fan it Frankyske Ryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan de 6e iuw oant en mei de 8e iuw feroveren de Franken ûnder de Merovingyske keningen stadichoan ek de nea troch Rome besette streken fan Germania Magna, eastlik fan de Ryn en noardlik fan de Donau. Under de Karolingyske dynasty oermasteren de Franken it grutste part fan Itaalje en it gebiet fan noardlik Spanje tusken de Ebro en de Pyreneeën. Dêr ûntstie yn Jeropa de machtichste steat sûnt de fal fan it Westromeinske Ryk mei. Kening Karel de Grutte waard yn it jier 800 troch paus Leo III ta Roomsk keizer kroane.
De ein fan de Franken as folk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei harren oermastering fan Noard-Galje wennen in soad Germaansktalige Franken yn mienskippen dêr't de mearderheid fan de befolking net Frankysk wie en de oerhearskjende taal it Gallo-Romaansk wie. Alneidat de Franken lykwols machtiger waarden en har fermongen mei de folken dêr't se oer hearsken, waard de namme fan de Franken hieltyd breder tapast, benammen yn wat hjoed-de-dei Noard-Frankryk is. Christopher Wickham murk op dat it wurd "Frankysk" al gau syn eksklusive etnyske konnotaasje ferlear. Noardlik fan de Loire liket eltsenien uterlik healwei de 7e iuw as Frankysk ferwiisd (mei útsûndering fan de Bretonnen) te wêzen. De ynwenners fan it súdlikere Akwitaanje waarden dêrnei as Romani (Romeinen) ferwiisd.
Alneidat de maatskippijen feroaren, krige de namme nije betsjuttings en hold de âlde Frankyske mienskip yn syn oarspronklike foarm op te bestean.
Lettere bestjuttings fan Franken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Jeropa fan lettere tiden wiene it benammen de ynwenners fan it keninkryk Frankryk dy't yn it Latyn de Franci (Franken) neamd waarden, hoewol't al fluch nije termen gongberder waarden dy't de Frânsen yn ferbân brochten mei de eardere Franken, dochs harren dêr ek fan ûnderskaten. Hjoeddeistige Jeropeeske termen lykas it Frânske français en it Dútske Franzose binne ôflaat fan it midsiuwske Latynske francensis,dat "út Frânsje" (lân fan de Franken) bestjut, dat foar midsiuwske minsken yn Frankryk wie. Yn it midsiuwsk Latyn waarden Frânsen ek gauris francigenae neamd, betsjuttende "yn Frankryk berne".
Lykas yn Frankryk hat de regio Franken yn Dútslân in namme dy't oaspronklik ferwiisde nei de Franken, mar yn 'e rin fan 'e tiid in eigen betsjutting krige. It wie de eastlike útrinner fan it kearngebiet fan it Frankyske Merovingyske Ryk. It woeks út ta it midsiuwsk hartochdom Franken yn it Hillige Roomske Ryk, dat fuortkaam út it eastlike part fan it Frankyske Ryk. Yn tsjinstelling ta Frankryk waard it grutste part fan it eastlik ryk, nettsjinsteande de Frankyske oarsprong, net as Frankysk beskôge. De namme Franken stie dêrfoar yn kontrast mei de allyk machtige net-Frankyske stamhartochdommen eastlik fan de Ryn, lykas Tueringen, Saksen, Swaben en Beieren.
Yn tsjinstelling ta Frankryk en de regio Franken waarden de sintrale Frankyske gebieten westlik fan 'e Ryn mei oare nammen oantsjut. De regio foarme ynearsten de kearn fan it Merovingyske Frankyske Austraasje, dêr't eartiids ek de regio Franken eastlik fan 'e Ryn by hearde. It eastlike Frankyske Austraasje stie yn kontrast mei it westlike Frankyske Neustrje, yn Frankryk. It part fan Austraasje westlik fan de Ryn waard letter Loataringen neamd, nei de Karolingyske Frankyske kening Lotarius II, mar nei syn dea waard it gebiet ferdield tusken it West- en Eastfrankyske Ryk en krige it syn ûnôfhinklikens nea werom.
Yn mear ynternasjonale konteksten, lykas by de Krústochten yn it eastlik Middellânske Seegebiet, waard de term "Frank" ek brûkt foar alle Jeropeanen út West- en Mid-Jeropa dy't de Latynske riten fan it kristendom folgen ûnder it gesach fan de paus yn Rome. It gebrûk fan de term "Frank" om alle Westjeropeanen oan te tsjutten, fersprate him nei it easten ta nei in soad Aziatyske talen, lykas de Perzyske oantsjutting Farang.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn in moderne taalkundige kontekst wurdt de Germaanske taal fan de eardere Franken ek wol "Aldfrankysk" neamd. Dy term ferwiist nei de taal fan de Franken fan foar de Heechdútske lûdferskowing, dy't yn de 7e iuw wie. Nei dy lûdferskowing woeksen de Frankyske dialekten útinoar. De dialekten dy't letter it Nederlânsk foarmje soene, ûndergiene dy lûdferskowings net, wylst alle oaren dat al diene, yn ien of oare mjitte, dêr't it saneamde Rynlânske waaierpatroan troch ûntstie.
De eardere Frankyske taal is net streekrjocht dokumintearre, mei útsûndering fan in lyts bytsje rune-ynskripsjes dy't fûn waarden op earder Frankysk grûngebiet, lykas de ynskripsje fan Bergakker. Likegoed is in grut part fan de Frankyske wurdskat rekonstruearre troch ûndersyk nei eardere Germaanske lienwurden yn it Aldfrânsk en troch middel fan ferlykjende rekonstruksje yn it Nederlânsk. De ynfloed fan it Aldfrankysk op de hjoeddeistige Gallo-Romaanske wurdskat en fonology is al lang ûnderwerp fan wittenskiplik debat. Oannommen wurdt dat de Frankyske ynfloed op ûnder oaren fan de fjouwer wynstreken lykas nord (noard), sud (súd), est (east) en ouest (west) en noch op syn minst 1000 stamwurden.
Hoewol't de Franken lang om let gâns Galje oermasterje soene, wreiden de sprekkers fan it Frankyske Ryk harren allinnich út yn Noard-Galje en genôch oantallen om in taalkundige ynfloed te hawwen. Meardere iuwen lang wie Noard-Galje in twatalich gebiet, mei Fulgêr Latyn en Frankysk. De taal dy't brûkt waard op skrift, by de oerheid wie it Latyn. Urban T. Holmes hat suggerearre dat in Germaanske taal noch oant 850 as twadde taal sprutsen waard troch amtners yn West-Austraasje en Noard-Neustrje, en dat dy taal yn de 10e iuw folslein ferdwûn wie as sprutsen taal út de regio's dêr't hjoed-de-dei Frânsk sprutsen wurdt.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Germaanske folken | feroarje |
|---|---|
| Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen |
