Albert Camus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Albert Camus
Albert Camus yn 1957.
Albert Camus yn 1957.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Albert Camus
nasjonaliteit Flag of France.svg Frânsk
berne 7 novimber 1913
berteplak Dréan (Frânsk-Algerije)
stoarn 4 jannewaris 1960
stjerplak Villeblevin (Frankryk)
etnisiteit Flag of France.svg Frânsk
wurk
taal Frânsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
toaniel, essay's, non-fiksje
perioade 20e iuw
streaming eksistinsjalisme
bekendste
  wurk(en)
L'Étranger
La Peste
prizen Nobel prize medal.svg Nobelpriis 1957
jierren aktyf 19351960
offisjele webside
www.camus-society.com

Albert Camus (útspr.: [al'bɛ:ʁ ka'my]; Dréan (Frânsk-Algerije), 7 novimber 1913Villeblevin (Frankryk), 4 jannewaris 1960), wie in Frânsk skriuwer, toanielskriuwer, essayist, publisist, filosoof, sjoernalist en Nobelpriiswinner, dy't nettsjinsteande syn beheinde oeuvre (of miskien wol just dêrtroch) beskôge wurdt as ien fan 'e grutste figueren út 'e tweintichste-iuwske Frânske literatuer. Syn bekendste wurk is de roman L'Étranger. Hoewol't Camus ornaris beskôge wurdt as in oanhinger fan it eksistinsjalisme, wiisde er dy klassifikaasje sels rislút fan 'e hân. Neffens eigen sizzen wie syn hiele libben wijd oan it bieden fan wjerstân oan 'e filosofy fan it nihilisme, wylst er fierders in grut foarstanner wie fan yndividuële en seksuële frijheid. Dêrnjonken drukte ek syn komôf as bern fan Frânske kolonisten yn Algerije in swier stimpel op syn wurk. Yn 1957 waard him de Nobelpriis foar de Literatuer takend, trije jier foar't er hommels oan syn ein kaam by in auto-ûngemak.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albert Camus waard yn 1913 berne yn Dréan (dat doedestiden noch Mondovi) hiet, yn 'e Frânske koloanje Algerije. Syn âldelju wiene dêr saneamde Pied-Noirs ("Swartfuotten"), blanke kolonisten. Syn analfabete mem wie fan Spaansk komôf en dôf yn har rjochterear, wylst syn heit Lucien Camus in boere-arbeider wie, dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch yn 1914 sneuvele yn 'e Earste Slach oan de Marne. Camus waard dêrnei ûnder earmoedige omstannichheden yn 'e Algierske wyk Belcourt grutbrocht troch syn mem, dy't de kost fertsjinne as skjinmakster.

Yn 1923 gie Camus nei it lyseum en nei't er syn middelbere-skoaloplieding mei goed gefolch ôfrûne hie, studearre er filosofy oan 'e Universiteit fan Algiers. Hy wie ek in betûft fuotballer, en wie keeper yn it universiteitsalvetal, mar hy moast de sport opjaan doe't er yn 1930 oanhelle rekke mei tuberkuloaze. Om himsels te ûnderhâlden, wurke er as priveelearaar, klerk yn in autogaraazje en assistint by it pleatslike meteorologysk ynstitút. Yn 1935 studearre er ôf, en it jiers dêrop behelle er syn doktoraat mei it proefskrift Néo-Platonisme et Pensée Chrétienne ("Neoplatonisme en it Kristlike Gedachteguod").

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens wie Camus yn 1934 troud mei Simone Hié, mar dat houlik einige al rillegau yn in skieding mei't net ien fan beide partijen inoar trou wie. Yn 1940 troude Camus op 'e nij, diskear mei de pianiste en wiskundige Francine Faure, dy't yn 1945 it libben skonk oan in twilling, Catherine en Jean. Hoewol't er perfoarst fan har hold, beskôge Camus it houlik as in ûnnatuerlik ynstitút, en hied er withoefolle affêres, wêrûnder úteinlik in iepentliken mei de Spaanske aktrise María Casares.

De plakette ta oantins oan Camus yn Villeblin, dêr't er stoar.

Foaroarlochske karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1935 rjochte Camus it toanielselskip Théâtre du Travail ("Arbeiderstoaniel") op, dat twa jier letter omneamd waard ta Théâtre de l'Equipe ("Selskipstoaniel"), mar yn 1939 opdoekt waard. Fan 1937 oant 1939 wurke er dêrnjonken as sjoernalist foar de sosjalistyske krante Alger-Républicain. In stik oer de plattelânsbefolking fan 'e regio Kabylje en de minne libbensomstannichheden dêrsanne koste him nei't it skynt syn baan. Hy koe lykwols frijwol daliks by de Soir-Républicain, in soartgelikense krante, begjinne, dêr't er oant 1940 bleau.

Yn 'e maityd fan 1935 joech Camus him by de Frânske Kommunistyske Partij, net om't er in oertsjûge kommunist wie, mar om't er it kommunisme seach as in middel om 'e maatskiplike ûngelykheden en diskriminaasje te bestriden dy't yn Frânsk-Algerije bestiene tusken de Pied-Noirs (de Frânske kolonisten) en de lânseigen Arabyske en Berberske befolking. Yn 1936 waard de Algerynske Kommunistyske Partij oprjochte, dy't fan Algerije in ûnôfhinklik lân meitsje woe, mar Camus rekke ynstee behelle by de Algerynske Folkspartij, wat der úteinlik ta late dat er yn 1937 út 'e Frânske Kommunistyske Partij set waard om't er in trotskist wêze soe.

Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it earste stadium fan 'e Twadde Wrâldoarloch, fan septimber 1939 oant april 1940, dat om't der doe neat barde by túltsjes wol de Sitzkrieg neamd wurdt (in wurdspiling op Blitzkrieg), oppenearre Camus him as pasifist. Doe't er yn 1940 yn Parys de Dútske besetting sels meimakke, begûnen syn opfettings lykwols te ferskowen, en nei't er op 15 desimber 1941 tsjûge west hie fan 'e eksekúsje fan kommunistysk politikus, sjoernalist en fersetsstrider Gabriel Péri joech er him by it Frânske ferset. De groep dêr't er ta hearde, Combat, joech in fersetskrante mei deselde namme út. Dêrnjonken wurke er ek foar himsels, en yn 1942 kaam syn earste en bekendste roman út: L'Étranger ("De Frjemdling"). Yn 1943 waard Camus de haadredakteur fan Combat, wêrby't er de skûlnamme Beauchard oannaam. By de befrijing fan Parys, yn augustus 1944, die Camus ferslach fan 'e lêste gefjochten. In jier letter, yn augustus 1945, wied er ien fan 'e minmachtige krantelju dy't har ôfkarring útsprieken oer de Amerikaanske atoombombardeminten fan 'e Hiroshima en Nagasaki. Yn 1947, doe't Combat in kommersjele krante waard, stapte Camus op.

Nei-oarlochske karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch rekke Camus yn 1948 behelle yn 'e Frânske anargistyske beweging. Hy skreau foar ferskate anargistyske útjeften, wêrûnder Le Libertaire, La Révolution en Proletarienne. Dêrnjonken wied er, fet fol tsjinstellings dat er wie, ek in oertsjûge Jeropeesk federalist, en wied er mei û.o. George Orwell en Lewis Mumford belutsen by de organisaasje fan 'e earste konferinsje fan 'e Jeropeeske federalistyske beweging yn Parys, yn 1945. Fierders ûntjoech er him mei kollega-skriuwer Jean-Paul Sartre ta ien fan 'e stamgasten fan it Café de Flore, oan 'e Paryske Boulevard Saint-Germain. Ek makke er in rûnreis troch de Feriene Steaten, om lêzings te jaan oer Frânske filosofy. Hy bleau syn hiele libben links, mar jage mei syn stevige krityk op it kommunisme in protte lykstimden tsjin him yn it harnas, en úteinlik rekke sels Sartre fan him ferfrjemde.

Monumint foar Camus te Villeblin, dêr't er omkaam by in auto-ûngemak.

Yn 1949 kaam de tuberkuloaze werom, en sadwaande brocht Camus doe twa jier lang yn ôfsûndering troch. Yn dy tiid skreau er û.m. L'Homme Révolté ("De Opstanneling"), in filosofyske analyze fan opstân en revolúsje, wêryn't er útdrukking joech oan syn ôfwizing fan it kommunisme. Dêr kaam er in protte fan syn tiidgenoaten en goekunde mei op it sear. De reäksjes foelen him raar ôf, en fan gefolgen smiet er it oer in hiel oare boech en begûn toanielstikken oer te setten.

Camus syn wichtichste bydrage oan 'e filosofy waard foarme troch syn ideeën oer it absurde. Hy seach soks as it resultaat fan 'e minsklike sucht nei dúdlikheid en betsjutting yn in wrâld en yn omstannichheden dy't noch it iene, noch it oare biede. Oan dy opfetting joech er útdrukking yn Le Mythe de Sisyphe ("De Myte fan Sisyfus"), en teffens ynkorporearre er him yn oare wurken, lykas de romans L'Étranger en La Peste. Camus wurdt troch literatuerkritisy noch altyd rûnom beskôge as in fertsjintwurdiger fan it eksistinsjalisme, ek al wiisde der dy klassifikaasje sels yn syn essay Enigma rislút fan 'e hân. Neffens himsels wie it klearbare tafal dat dy streaming in protte gemien hie mei syn eigen praktyske ideeën oer de wrâld.

Yn 'e 1950-er jierren begûn Camus him yn te setten foar de minskerjochten. Yn 1952 joech er syn wurk foar UNESCO deroan, doe't de Feriene Naasjes besleaten en akseptearje Spanje as lid (dêr't doe de faksistyske diktatuer fan Franco noch oan 'e macht wie). Yn 1953 kearde er him tsjin it delslaan fan in arbeidersstaking yn East-Berlyn troch de Sovjet-Uny. En yn 1956 utere er fannijs hurde krityk op Moskou doe't earst de protesten yn Poalen hurdhannich de kop yndrukt waarden en doe de Hongaarske Opstân delslein waard. Underwilens sette er him ek yn foar in ein oan 'e deastraf oeral op 'e wrâld.

Doe't yn 1954 de Algerynske Oarloch útbriek, kaam Camus lykwols foar in moreel dilemma te stean. Hy identifisearre him mei de Frânske kolonisten, de Pied-Noirs, en woe hawwe dat de Arabyske en Berberske opstannelingen har brûke lieten troch in nij Arabysk ymperialisme dat út Egypte wei bewurkmastere waard, stipe troch de Sovjet-Uny, dy't fan 'e sitewaasje profitearre troch West-Jeropa mei in "anty-Westerske" besingeling fan 'e Feriene Steaten te skieden. Hoewol't er in foarstanner wie fan Algerynske autonomy, koed er Algerynske ûnôfhinklikheid net goedkrije. Camus besocht tusken de beide partijen te bemiddeljen en rôp op ta in "boargerlik sjitferbod", dat de boargerbefolking sparje moast, mar dat waard troch sawol de Frânsen as de opstannelingen fersmiten. Efter de skermen begûn er him doe yn te setten foar finzen Algerinen dy't de deastraf oplein wie.

It grêf fan Albert Camus.

Fan 1955 oant 1956 skreau Camus foar it wykblêd L'Express. Yn 1957 waard oan him de Nobelpriis foar de Literatuer takend foar syn "wichtige literêre oeuvre, dat mei skerpsinnige oprjochtens de swierrichheden fan it minsklik gewisse fan ús tiden beljochtet", sa't it Nobelkomitee it útdrukte. Camus wie de op ien nei jongste skriuwer dy't ea de Nobelpriis foar de Literatuer wûn hie (nei Rudyard Kipling). Doe't er in taspraak hold foar studinten fan 'e Universiteit fan Stokholm ferdigene Camus syn opfettings oangeande de Algerynske Oarloch û.m. mei te sizzen dat er yn noed siet oer wat der mei syn mem barre soe, dy't noch altyd yn Algerije wenne. Dy útspraak waard troch polityk links yn Frankryk mei minachting ûnthelle, en late ta in noch fierder geande isolaasje.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 4 jannewaris 1960 kaam Camus om it libben by in auto-ûngemak yn Boergonje, yn it lytse plakje Villeblin, net fier fan Sens. Der waard in treinkaartsje yn syn bûse fûn, mei't er fan doel west hie en reizgje mei it spoar, mar op it lêste momint hied er in oanbod fan syn útjouwer Facel Vega oannommen dy't him in lift jaan woe. Vega oerlibbe it ûngemak sels ek net. Camus waard 46 jier. Hy waard te hôf brocht yn Lourmarin, yn 'e Faukluze.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1942 – L'Étranger
  • 1947 – La Peste
  • 1956 – La Chute
  • 1971 – La Mort Heureuse (postúm ferskynd; skreaun 1936-1938)
  • 1995 – Le premier Homme (postúm ferskynd; ûnfoltôge)
De Fryske oersetting fan La Peste, troch Syt Palma.

Koarte fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1957 – L'Exil et le Royaume (ferhalebondel)
    • La Femme Adultère
    • Le Renégat ou un Esprit Confus
    • Les Muets
    • Jonas ou l’Artiste au Travail
    • La Pierre Qui Pousse
  • 1959 – L'Hôte

Toanielstikken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1938 – Caligula
  • 1944 – Le Malentendu
  • 1948 – L'Etat de Siège
  • 1949 – Les Justes
  • 1956 – Requiem pour une Nonne
  • 1959 – Les Possédés

Essay's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1946 – Combat
  • 1954 – L'Été
  • 1957 – Réflexions sur la Guillotine

Oare non-fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1935 – Néo-Platonisme et Pensée Chrétienne (proefskrift)
  • 1936 – Révolte dans les Asturies (yn gearwurking)
  • 1937 – L'envers et l'Endroit
  • 1938 – Noces
  • 1942 – Le Mythe de Sisyphe
  • 1948 – Lettres à un Ami Allemand (ûnder it pseudonym Louis Neuville)
  • 1950 – Actuelles I, Chroniques 1944-1948
  • 1951 – L'Homme Révolté
  • 1953 – Actuelles II, Chroniques 1948-1953
  • 1957 – Réflexions sur la Peine Capitale (y.g.m. Arthur Koestler)
  • 1958 – Chroniques algériennes, Actuelles III, 1939-1958
  • 1962 – Carnets I, mai 1935-février 1942
  • 1964 – Carnets II, janvier 1942-mars 1951
  • 1989 – Carnets Tome III, Mars 1951-December 1959

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.