Pasifisme

Ut Wikipedy
It universele fredesteken.

Pasifisme is it wjerstân bieden oan oarloch en geweld, mar oars as gewoane geweldleazens wurdt dizze term ornaris brûkt yn 'e betsjutting fan in politike oertsjûging op dat mêd. In besibbe term is ahimsa (letterlik: "gjin kwea dwaan"), dat ien fan 'e kearnwearden is fan it boedisme, it hindoeïsme en it jaïnisme.

De oantsjutting "pasifisme", dat ôflaat is fan it wurd "passyf", waard betocht troch de Frânske fredesaktivist Émile Arnaud (1864-1921), en yn 1901 oernommen troch lykstimden op it tsiende Universele Fredeskongres yn Glasgow. Hoewol't de namme "pasifisme" dus noch net sa âld is, bestiet it begryp dat dermei beneamd wurdt al sûnt minskewitten. Oant en mei de jierren sechstich fan 'e tweintichste iuw waard it pasifisme troch de fêstige oarder yn 'e Westerske wrâld iroanysk genôch as in subversive en tige gefaarlike politike streaming beskôge, en in protte iere pasifisten moasten, fral yn tiden fan oarloch, harren opfettings bekeapje mei de ferachting fan harren lânslju en sels mei lange finzenisstraffen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.