Moskou
Moskou | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Ruslân | |
Federaal distrikt | Sintraal | |
Stedsyndieling | 10 distrikten | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 13.010.112 (2021) | |
Oerflak | 2.561,5 km² | |
Befolkingsticht. | 5.079,1 ynw./km² | |
Stêdekloft | 17.400.000 | |
Hichte | 156 m | |
Oar | ||
Stifting | 1147 | |
Postkoade | 101000-129626 | |
Tiidsône | UTC +3 | |
Koördinaten | 55° 45' N 37° 37' E | |
Offisjele webside | ||
mos.ru | ||
Kaart | ||
- Dizze side giet oer de Russyske haadstêd Moskou. Foar it buorskip Moskou yn Eaststellingwerf, sjoch: Moskou (Eaststellingwerf).
Moskou is de haadstêd fan de Russyske Federaasje. De stêd leit midden yn it Europeeske part fan Ruslân en hat goed 13 miljoen ynwenners.
De earste skriftlike boarne fan Moskou datearret fan 1147. Argeologysk ûndersyk wiist út dat der al sûnt de 11e iuw in stedske delsetting wie yn it gebiet fan it letter kremlyn. Moskou wie earder de histoaryske haadstêd fan it Grutfoarstedom Moskou, it Tsaardom Moskoovje, it Russyske Ryk, de Sovjet-Ruslân en de Sovjet-Uny.
De stêd is it politike, wittenskiplike en kulturele sintrum fan it lân mei universiteiten en in grut tal ynstituten, teäters, musea en keunstústallings. Yn it stedsgebiet steane de heechste wolkekliuwers fan Europa en de markante Sân Susters , lykas ek de 540 meter hege Ostankino-toer, it heechste bouwurk fan Europa.
Moskou is in populêr toeristysk sintrum fan Ruslân. It kremlyn fan Moskou, it Reade Plein, it Novodevitsji-kleaster en de Himelfeartstsjerke yn Kolomenskoje binne opnommen op de list fan UNESCO-wrâlderfgoedlokaasjes.
De stêd is de sit fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. De stêd telt hûnderten tsjerken en katedralen; wêrfan de Kristus-Ferlosserkatedraal de grutste is. It Danilov-kleaster is de residinsje fan de patriarch fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Dêrnjonken is de stêd in belangryk ferfiersknooppunt. Moskou hat 6 lofthavens, 10 treinstasjons, 3 rivierhavens en sûnt 1935 in metrosysteem.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste fêste bewenners yn de omkriten fan Moskou wiene Slaven út East-Europa. Nei in striid tusken Slavyske stammen hie Rûrik, dy't yn Novgorod syn sit hie, de macht oer it gebiet. Syn opfolger Oleg ferhûze de sit nei Kiëv en makke dat plak ta syn haadstêd. Yn it noarden ûnstiene yn de rin fan de tiid Russyske foarstedommen, dy't stadichoan de macht fan Kiëv oantaasten. Jûri Dolgorûki fan it foarstedom Rostov-Sûzdal boude yn 1156 in houten kremlyn oan de Moskva en hy wurdt dan ek as de stifter fan Moskou beskôge.
Doe't de Gouden Heap ûnder Batû Khan it lân binnenfoel, waard op 20 jannewaris 1238 de stêd troch de Mongoalen oermastere en ferneatige. De hast 250 jier dy't folgen wie Moskou hearrich oan de Mongoalen, mar yn ruil foar hege belestings oan de Mongoalen hold de stêd in sekere foarm fan autonomy.
Dmitri Donskoj (1359-1389), grutfoarst fan Moskou, wist in leger fan de ferskillende foarstedommen te smeien en brocht yn 1380 yn de Slach op it Snippefjild de Gouden Heap in grutte slach ta, ek al waard Moskou yn 1382 op 'e nij troch de Mongoalen oanfallen en yn 'e jiske lein. Dochs groeide it foarstedom Moskou ûnder it bewâld fan Donskoi, dat no de sterkste macht fan Ruslân wie.
De Moskouse grutfoarst Vasili I, de âldste soan fan Dmitri Donskoi, wegere ynearsten him ûnder de Tataren del te jaan en sa stie op 5 desimber 1408 op 'e nij in Mongoalsk leger ûnder lieding fan emir Edigü foar de poarten fan Moskou. Dy kear slagge it de Mongoalen net om de stêd yn te nimmen en nei in belis fan trije wiken joech dy it op. Mar nei't Vasili I troch prinsen fan Nizjni Novgorod polityk yn 'e swierrichheden rekke, waard er twongen om yn 1412 ôf te reizgjen nei de regearjende khan Gelal-ed-Din, om fan him de befêstiging as russyske grutfoarst te freegjen. Pas yn 1478 makke Ivan III definityf in ein oan de gearwurking mei de Mongoalen.
Fral yn it lêst fan de 15e iuw begûn de útwreiding fan Moskou. In soad ambachtslju en keapfolk setten harren yn Moskou nei wenjen en it ynwennertal gyng foar it earst oer de 100.000, sadat om 1600 hinne de bou fan in ringmuorre needsaaklik waard. De stêd waard yn 1571 foar it lêst troch Mongoalen oanfallen, wêrby de gruttendiels noch houten stêd fannijs ôfbaarnde. Mar al in jier letter kaam oan it Mongoalske gefaar yn de Slach by Molodi súdlik fan Moskou definityf in ein.
Yn de Tiid fan Unstjoer besetten Poalske troepen tsjin it ein fan july 1610 de stêd. Hja besochten dêr in marionettenregear yn te stellen, mar in yn 1611 gearstald Russysk folksleger twong de Poalen werom yn it kremlyn en op 25 oktober 1612 folge de Poalske kapitulaasje. Michail Romanov waard yn 1613 troch de machtichste boargers ta tsaar keazen, it begjin fan de 300 jier duorjende dynasty fan Ruslân.
Mei it ûnstean fan de earste yndustry (linnen-, papier-, glês-, tegel- en buskrûdfabriken) briek yn it lân ek in tiid fan sosjale ûnrêst oan. De boeren fan de Wolga en Don-regio, bekend as Kozakken, kamen yn 1667 yn opstân tsjin de ûnderdrukking. Harren lieder Stepan Razin waard yn 1671 op it Reade Plein fan Moskou eksekutearre.
Moskou as it Tredde Rome
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as West-Europa dêr't sûnt de 17e iuw steat en tsjerke skieden waard oant it punt dat tsjerken beskôge waarden as partikuliere ferienings, bleau yn it russyske bestel de ienheid fan it gesach en de Russysk-Otterdokse Tsjerke noch iuwenlang yntakt mei de tsaar as primaat.
De sûnt 1462 regearende grutfoarst Ivan III trouwde yn 1472 mei de byzantynske prinsesse Sofia (Zoe) Palaiologos. Nei de oermastering fan Konstantinopel troch de Turken wie it Byzantynske Ryk opholden te bestean. Ivan III naam fan dat Ryk it autokratyske steatskonsept en harren symboal fan de dûbele earn oer.
De jonge Russyske steat lei benammen ûnder it bewâld fan Ivan de Grousume de basis foar de doktrine fan Moskou as it Tredde Rome. Lykas Filofei, in muonts út Pskov yn it noardwest fan Ruslân, formulearre:
- "Want twa Romes binne fallen, mar de tredde (Moskou) stiet noch jimmeroan en in fjirde sil der net wêze".
Peter de Grutte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1712 rôp tsaar Peter de Grutte de stêd Sint Petersburch út ta haadstêd fan it Russyske Ryk. Yn dy tiid hie Moskou sa'n 200.000 ynwenners, werfan't 50.000 ynwenners ferhûzje moasten nei de nije haadstêd. Ek Katarina de Grutte hie Moskou net sa heech; hja fûn it mar in achterlike stêd en hat der nea lang wenne.
Ek al wie Moskou no gjin haadstêd mear, de stêd bleau in ekonomysk, kultureel en wittenskiplik sintrum fan Ruslân. Yn 1755 waard yn Moskou de earste Russyske universiteit iepene. Skriuwers as Aleksander Sûmarokov, Denis Fonvizin, Nikolaj Karamzin en in soad oaren wurken yn Moskou, lykas ek de grutte Russyske wittenskipper Michail Lomonosov. Yn dy tiid levere Ruslân de earste grutte bydragen oan it kulturele wrâlderfgoed.
Frânske ynvaazje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ambysje fan Napoleon Bonaparte om Moskou te oermasterjen liede ta in grutte ramp foar Moskou en it Grande Armée fan Napoleon. De Moskoviten flechten foar de Frânsen nei't hja harren stêd yn 'e brân stieken. Twatredde fan de gebouwen waarden troch de brân ferneatige. It Frânske leger oermastere in stêd dy't ferlitten en ferneatige wie en waard troch kjelt en brek oan iten twongen om werom te gean. De ôftocht einige mei de ûndergong fan it Frânske leger.
Yn 'e maaitiid fan 1813 begûn de grutskalige weropbou fan de stêd. Al gau moast der bûten de âlde stedsmuorren boud wurde. Yn 1851 waard de spoarferbining tusken Moskou en Sint-Petersburch iepene. Ferbinings mei oare stêden yn Ruslân folgen. De earste elektryske trams rieden yn 1890. By de earste folkstelling op 28 jannewaris 1897 telde de stêd in miljoen ynwenners. Yn 1914 ferdûbele dat oantal oant twa miljoen.
De lêste dessinia fan de 19e iuw namen de sosjale spannings ta. Troch it ôfskaffen fan it liifeigenskip yn 1861 en de groei fan yndustry ûnstie der in migraasje fan tsientûzenen boeren sûnder lân nei Moskou, dêr't hja as leanarbeiders om in bestean sochten.
By de kroaning fan keizer Nikolaas II yn 1896 fûn yn Moskou de saneamde Chodynkatragedy (Russysk: Ходынская трагедия) plak, wêrby't 1.389 minsken ferstoaren. Yn 1898 waard yn Mosou de Sosjaal-Demokratyske Arbeiderspartij fan Ruslân stifte.
Revolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 9 jannewaris 1905 demonstrearren 140.000 minsken yn Sint-Petersburch foar bettere libbensomstannichheden. De tsaar sels wie net oanwêzich, mar de demonstranten easken de tsaar te sjen en it rûn op in sjitten fan de soldaten út. 130 minsken ferstoaren en yn it hiele lân brieken stakings út. Yn Moskou waard op 17 febrewaris fan dat jier de omke fan de tsaar, Sergej Aleksandrovitsj, troch in revolúsjonêr fermoarde.
De tsaar moast wat macht belies jaan, mar de rûzige omstannichheden, dy't yn de Earste Wrâldkriich it ekonomyske libben en de befoarrieding fan Moskou mei iten en oare saken ûntregelen, brochten noch mear spanningen. It útbrekken fan de revolúsje yn Sint-Petersburch yn febrewaris fan 1917 twong tsaar Nikolaas II (1868-1918) yn maart fan dat jier ta abdikaasje. Noch yn itselde jier late Vladimir Lenin yn Sint-Petersburch de Oktoberrevolúsje yn mei it bestoarmjen fan it Winterpaleis en de ferdriuwing fan it tydlike regear. De ûndertekening fan de Frede fan Brest-Litovsk betsjutte foar Ruslân it ein fan de Earste Wrâldkriich. Moskou waard wer haadstêd fan in lân, dat yn in boargerkriich fersile rekke mar dy't yn 1922 einige mei de konsolidaasje fan de bolswistyske diktatuer.
Moskou wer haadstêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 12 Maart 1918 waard Moskou wer de haadstêd fan Ruslân en it regear ferhûze de sit fan Sint-Petersburch nei de gebouwen yn it kremlyn. Dêr waard op 22 desmber 1922 de Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken (Sovjet-Uny) stifte. Nei't der in ein oan de boargerkriich kaam, sette de stêd útein mei it opknappen fan Moskou. In grut tal fan de krottewiken oan de rânen fan de stêd waarden romme en troch nije wenwiken ferfongen. Yn 1926 gyng it ynwennertal foar it earst oer de 2,5 miljoen.
Yn desimber 1931 waard in begjin makke mei de oanlis fan it metrosysteem. Yn 1939 wiene der al 22 stasjons foar it ferfieren fan mear as in miljoen minsken. Ferneamde keunsters krigen de opdracht om de stasjons oan de hân fan in tema yn de styl fan it Sosjalistysk Realisme moaier te meitsjen. De metrostasjons leine somtiden tige djip en wiene dêrom tige gaadlik om yn de Twadde Wrâldkriich foar de Moskoviten as skûlkelder tsjin Dútske bombardeminten te tsjinjen.
Yn 1935 sette de troch Jozef Stalin plande stedsfernijing yn. Der waarden nije wegen om de stêd hinne oanlein en it Moskou-Wolgakanaal waard iepene. In soad histoaryske gebouwen waarden sloopt en ferfongen troch grutte Sovjet-gebouwen. Likernôch 200.000 boufakkers, fral politike finzenen, wurken oan de projekten. Yn 'e selde tiid foel likernôch de helte fan alle tsjerken dy't it Tredde Rome ryk wie ûnder de slopershammer. Tsjerken en kleasters dy't net ôfbrutsen waarden feroaren yn fabriken, klubgebouwen of kantoaren.
It útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich hat der foar soarge dat net de hiele histoaryske stedskearn ôfbrutsen waard. Op it plak dêr't de op 5 desimber 1931 opblaasde Kristus-Ferlosserkatedraal stie, moast it 415 meter hege Paleis fan de Sovjets (Russysk: Дворец Советов) komme. Doe't de fûneminten leine briek de oarloch út en waard it wurk stil lein. Nei de oarloch hie Stalin gjin nocht mear oan it projekt en tsjinstwurdich stiet op it plak de wer boude Kristus-Ferlosserkatedraal.
Slach om Moskou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Twadde Wrâldkriich begûn op 30 septimber 1941 de Dútske oanfal op Moskou. Hastich besochten mear as hûnderttûzen ynwenners, fral froulju en âlderein, groppen, anty-tankgrêften en oare obstakels te graven, meiïnoar sa'n 150 kilometer lang. Mei 80 difyzjes, wêrfan 12 pânser- en acht meganisearre difyzjes, hûndert fleanmasines, tûzenen tanks, artillery en granaatwerpers waard it offinsyf tsjin de stêd ynset. Adolf Hitler gyng fan in rêde oermastering út en proklamearre dat er sels by de oerwinningsparade fan syn leger yn Moskou wêze soe. Mar op 7 novimber waard op it Reade Plein in parade holden om de Oktoberrevolúsje te betinken.
Op 15 novimber setten de Dútskers mei in twadde offensyf útein; yn it suden hienen hja it measte súkses, mar fierder as de foarstêden kamen se net. De tsjinoanfal fan de Sovjets op 5 desimber 1941 twong de Wehrmacht om sa'n 100 oant 300 kilometer werom te lûken. De Dútske loftmacht fleach wol 12.000 missy's, mar it wie mar in beheind tal fleanmasinen dy't boppe de stêd komme koenen.
Yn de Slach om Moskou hie it Dútske leger 250.000 man, 1.300 tanks, 2.500 stik artillery, mear as 15.000 fartugen en wit hoe folle oar materiaal ferlern. Der binne 700.000 Sovjet-soldaten omkommen, ferwûne of fermist. It wie seis moannen nei it begjin fan de Blitzkrieg tsjin de Sovjet-Uny de earste kear dat de Dútsers ferlearen en harren weromlûke moasten. De Slach oan de Wolga fan july 1942 oant febrewaris 1943 wie it begjin fan it ferlies fan it Dútske leger tsjin de Sovet-Uny.
Op 24 juny 1945 waard op it Reade Plein in oerwinningsparade fan it Reade Leger holden. By de muorre fan it kremlyn is it grêf fan de ûnbekende soldaat fan de Twadde Wrâldkriich. Op it tinkstien stiet:
- Dyn namme ûnbekend,
- dyn heldedied ûnstjerlik.
Nei de kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de kriich begûn de weropbou fan Moskou. Yn 1947 waard it beslút nommen om yn acht stedswiken wolkekliuwers te bouwen. Troch de ôfbraak fan in soad tsjerken en katedralen yn de jierren 1930 en 1940 en de hegere nijbou rekke Moskou net allinne belangrike monuminten kwyt, mar feroare ek de skyline fan it âlde Moskou.
De Sovjet-lieders woene foar de nije wolkekliuwers gjin ûntwerpen fan ferzjes fan bûtenlânske gebouwen, mar ûntwerpen dy't de tradysjes fan de Russyske arsjitektuer folgen. Nei de dea fan Stalin yn 1953 waarden de bouaktiviteiten yntensivearre.
Undertusken groeide de stêd fierder en yn 1970 hie de stêd al 7 miljoen ynwenners. Moskou wie yn 1980 de gaststêd fan de Olympyske Simmerspullen.
Yn 1989 einige de kommunistyske diktatuer mei de earste frije ferkiezings yn Ruslân sûnt 1917, dy't troch de perestroika en glasnost fan Michaïl Gorbatsjov mooglik waarden. Réaksjonêre krêften besochten yn 1991 mei in diel fan it leger de âlde macht fan de Kommunistyske Partij werom te bringen troch yn augustus 1991 mei tanks yn Moskou it Wite Hûs te bestoarmjen, mar troch fûleindich ferset fan it Moskouse folk mislearre dat.
Yn it ramt fan de fiering fan '850 jier Moskou' waard yn de twadde helte fan de jierren 1990 in grut part fan de stêd renovearre. Ek waard in begjin makke mei de weropbou fan de troch de bolsjewiken ôfbrutsen Kristus Ferlosserkatedraal, dy't op 16 augustus 2000 iepene waard. Yn de jierren 1990 waarden in soad tsjerken restaurearre, diels werboud en werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Nei in rige terroristyske oanslaggen, lykas dy op in muzykteäter yn 2002 en op it metrosysteem yn 2004 waarden de feilichheidsmaatregels oanskerpe.
Moskou-Citi
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likernôch fjouwer kilometer fan it kremlyn leit Moskou-City (Москва́-Си́ти; transl.: Moskva Siti), eartiids de grutste boulokaasje fan Europa, yn it Presnenski-rajon oan de Moskva. De plannen om in Russysk Manhattan te bouwen datearren al út de jierren 1930, mar koene fanwegen jildbrek nea útfierd wurde. Nei de ekonomyske bloei en grutskalige partikuliere ynvestearrings waard yn 2001 de earste wolkekliuwer foltôge.
Underdiel fan it kompleks is de 'Federatsjija' (Federaasje), it heechte kantoargebou fan Europa. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekten Sergej Tchoban (Berlyn ) en Peter Schweger (Hamburch) en bestiet út twa tuorren mei resp. 93 ferdjippings mei in hichte fan 354 meter en 63 ferdjippings mei in hichte fan 242 meter. De twa tuorren binne troch in nullefoarmige liftskacht fan stiel en glês mei inoar ferbûn. Op 9 febrewaris 2005 waard de basis lein foar de wolkekliuwer mei in hichte fan 448 meter (ynklusyf antennes). De wolkenkliuwer mei 341.000 kante meter kantoarromte, wêryn't ek plak foar lúkse apparteminten en in hotel (ferdield oer tolve ferdjippings) binne ûnderbrocht, is yn 2013 oplevere. De boppeferdjippings besteane út twa glêzen koepels.
It 'Triomfpaleis' (Russysk: Триумф-Палас) mei in hichte fan 264,1 meter wie jierrenlang it heechste bouwurk fan Moskou. De nije wolkekliuwer fan de Britske arsjitekt Sir Norman Foster, de Russia Tower ("Russia Tower"), soe nei foltôging yn 2012 mei in hichte fan 612 meter ek de heechte fan Europa west ha, mar de bou waard yn 2006 stopset fanwegen finansjele swierrichheden. Yn 2016 waard besletten om in legere wolkekliuwer te bouwen mei in hichte fan 360 meter.
Stedsútwreiding 2012
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 july 2012 waard in diel fan de oblast Moskou by de stêd Moskou foege. Mei de oerdracht fan de rajons Troitski en Novomoskovski waard Moskou 1.480 km² grutter en sa'n 233.000 ynwenners riker.
Neffens plannen fan it regear sille net allinne sa'n 2.5 miljoen Moskoviten dêr yn nije apparteminten harren wenstee krije, mar wurdt der ek oer neitocht om oerheidstsjinsten nei it nije diel fan de stêd te ferhûzjen. In nij finansjeel sintrum en kantoaren soene foar likernôch 1 miljoen nije banen soargje.
Op termyn sil de haadstêd útgroeie ta in megametropoal fan 20 miljoen ynwenners.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moskou is in selsstannige bestjoerlike ienheid fan it federale distrikt Sintraal-Ruslân. De stêd bestiet út 12 stedsdielen (okroegen), dy't ûnderferdield wurde kinne yn 124 rajons. Elts rajon hat in eigen parlemint mei alve keazen offurdigen en in prefekt, dy't troch de boargemaster fan Moskou beneamd wurdt en oan him ferantwurdzje moatte.
Nû. | Flagge | Bestjoerlik distrikt (okroeg) | Russyske namme | Ynwenners (2022) |
---|---|---|---|---|
1 | Sintraal bestjoerlike Okroeg | Центральный административный округ | 779.086 | |
2 | Noardlik bestjoerlike Okroeg | Северный административный округ | 1.175.229 | |
3 | Noardeastlik bestjoerlike Okroeg | Северо-Восточный административный округ | 1.427.597 | |
4 | Eastlik bestjoerlike Okroeg | Восточный административный округ | 1.514.420 | |
5 | Súdeastlik bestjoerlike Okroeg | Юго-Восточный административный округ | 1.432.839 | |
6 | Súdlik bestjoerlike Okroeg | Южный административный округ | 1.773.425 | |
7 | Súdwestlik bestjoerlike Okroeg | Юго-Западный административный округ | 1.442.971 | |
8 | Westlik bestjoerlike Okroeg | Западный административный округ | 1.383.853 | |
9 | Noardwestlik bestjoerlike Okroeg | Северо-Западный административный округ | 1.009.217 | |
10 | Zelenograd | Зеленоград | 253.687 | |
11 | gjin | Novomoskovski bestjoerlike Okroeg | Новомосковский административный округ | 300.375 |
12 | gjin | Troitski bestjoerlike Okroeg | Троицкий административный округ | 142.767 |
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moskou leit oan de Moskva yn it Europeeske diel fan Ruslân, likernôch 156 meter boppe de seespegel yn it heuveleftige lân tusken de Oka en de Wolga. De Moskwa rint fan noardwest nei súdeast meanderjend troch de stêd. Yn Moskou is de rivier tusken de 120 en 200 meter reed. Dernjonken binne der likernôch 120 lytsere rivierkes dy't troch de stêd op de Moskva útmûne. De measten dêrfan binne net te sjen en streame troch ûnderierdske rioelsystemen.
Likernôch in tredde fan it stedsgebiet is net beboud. Dêrûnder falle de likernôch 100 parken en mear as 800 oanleine grienfoarsjennings mei sa'n 500 fivers.
Om de stêd hinne leit in 30 oant 40 kilometer lang boskgebiet mei in grut tal rekreaasjegebieten. It stedsbosk hat in oerflak fan 1.725 km². Yn it noardeasten leit it 120 km² grutte nasjonale park Lossini Ostrov.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't it lege bertesifer fan de hjoeddeiske befolking fan de Russyske Federaasje alle jierren in befolkingskrimp fan 0,5% feroarsaket, makket Moskou noch jimmeroan in flinke groei mei. Dat komt fral troch de migraasje fanút oare dielen fan de federaasje nei Moskou. De hege ekonomyske groei fan Moskou en hegere leanen drage by oan dy migraasje.
Likernôch 5% fan de Moskouse befolking heart fanwegen harren hege ynkommen by de nije boppelaach fan de samenleving. hja wurde ek wol 'Nije Russen' neamd. Dochs is ek sa dat in soad oare Moskoviten likegoed meidiele yn de ekonomyske opgong, sa't ek bliken docht út de stadich, mar wis groeiende middenklasse fan de stêd.
De grutte mearderheid fan de befolking fan Moskou bestiet neffens de folkstelling fan 2010 út etnyske Russen. Mei in oandiel fan 91,65% foarmje de Russen in heger perzintaazje as it trochsnit fan Ruslân (80%). It oandiel Armeenjers (0,98%) en Joaden (0,49)) is heger dan it Russyske gemiddelde (resp. 078,% en 0,16%). Oare (gruttere) minderheden binne Oekraïners (1,42%), Tataren (1,38%) en Azerbeidzjanen (0,53%).
Historyske ynwenneroantallen | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
|
|
|
|
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moskou is it sintrum fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke, de Russysk-Otterdokse Aldleauwige Tsjerke, de Russyske Ald-otterdokse Tsjerke, de Russyske Uny fan Evangelysk-kristlike Baptisten en oare denominaasjes.
Alle grutte wrâldgodstsjinsten binne fertsjintwurdige yn Moskou. Mear as 1.000 religieuze ferienings en organisaasjes, dy't mear as 50 ferskillende religieuze denominaasjes fertsjintwurdigje, binne offisjeel registrearre yn de stêd.
De grutste fan dy organisaasjes is de Russysk-Otterdokse Tsjerke mei sa'n 500 ferienings en organisaasjes, goed 700 otterdokse tsjerken en kapellen en tolve kleasters, dy't allegear falle ûnder it bisdom Moskou. De grutste tsjerke is de katedraal fan Kristus de Ferlosser. Fierder binne der op it stuit (2022) noch in grut tal tsjerken yn oanbou.
De stêd telt foar de mohammedaanske mienskip fjouwer moskeeën, werfan't de yn 2015 foltôge Moskouse katedraalmoskee de grutste is.
Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de ferneamde metro kin men rap en maklik de stêd troch. Stalin hat it metrosysteem oanlizze litten yn it ramt fan syn stêdsfernijing. De metro rydt faak, is betrouber en net djoer. Der binne in tolvetal linen mei mear as 150 stasjons. De metrostasjons binne grut en mei prachtige ynterieuren oanlein.
Yn Moskou binne goeie bus- trolleybus- en tremferbinings. Autoride yn Moskou is foar Westerlingen in fak apart. Ferkearsrigels lykje hjir net te wêzen; it read ferkearsljocht betsjut lang net altyd dat dêr foar wachte wurdt. Autoriders binne agressyf en jouwe inoar gjin foargong. Auto's ride troch inoar hinne en wike gauris út fanwege gatten yn de dyk. Plysjes meie autoriders sûnder reden oanhâlde, om dêrnei in bekeuring út te dielen as oanfolling op harren salaris. Omdat de ynwenners hyltyd riker wurde, komme der mear auto's op de diken. De filefoarming is no ien fan de grutste problemen foar it stêdsbestjoer.
Hichtepunten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pûsjkinmuseum
- Wapenkeamer
- Mausoleum fan Lenin
- Romanovhûs
- Tretjakovgalerij
- Tolstojmuseum
- Sjaljapinhûs
- Polytechnysk Museum
- Utstalling fan de prestaasjes fan de nasjonale ekonomy
- Patriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve Apostels
- Museum fan de Skiednis fan Moskou
- Museum fan de Grutte Patriottyske Kriich
- Kûskovo
- Kolomenskoje
- Tsaritsyno
Kleasters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bertekleaster fan de Mem Gods
- Danilov-kleaster
- Donskoj-kleaster
- Epifany-kleaster
- Kleaster fan Jehannes de Doper
- Kleaster fan it Hillige Mandylion
- Кrûtitsi
- Martha- en Mariakleaster
- Nikolaas-Perervinskikleaster
- Novodevitsji-kleaster
- Novospasski-kleaster
- Stretenski-kleaster
- Untfinzeniskleaster
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Armeenske katedraal
- Basiliuskatedraal
- Epifanykatedraal
- Ferkundigingskatedraal
- Kazan-katedraal
- Klokketoer fan Ivan de Grutte
- Kristus-Ferlosserkatedraal
- Marije-Himelfeartkatedraal
- Petrus- en Pauluskatedraal
- Alderheljentsjerke yn Kûlisjky
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Moskou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iwan V fan Ruslân (27 augustus 1666), tsaar fan Ruslân
- Elisabet I fan Ruslân (18 desimber 1709), tsarina fan Ruslân
- Aleksander Poesjkin (26 maaie 1799), dichter
- Michail Lermontov (15 oktober 1814), skriuwer
- Fjodor Dostojevski (11 novimber 1821), skriuwer
- Vladimir Komarov (16 maart 1927), romtefarder
- Oleg Popov (31 july 1930), clown
- Nina Zjivanevskaja (24 juny 1977), swimster
- Marat Safin (27 jannewaris 1980), tennisser
- Anna Kournikova (7 juny 1981), tennisster en model
- Jelena Dementjeva (15 oktober 1981), tennisster
- Maria Kirilenko (25 jannewaris 1987), tennisster
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjeel webstee fan Moskou Russysk
- Moskou op World Geography Ingelsk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|