Springe nei ynhâld

Algiers

Ut Wikipedy
Algiers
Algiers 2010
Algiers 2010
Polityk
Lân Algerije
Boargemaster Mohamed Kebir Addou
Sifers
Ynwennertal ± 2.000.000 (2008)
Oerflak 273 km²
Befolkingsticht. 7.908,6 km² ,small>(stêd)
Stêdekloft 3.500.000 (2007)
Hichte 1 m
Oar
Stifting 944 (fannijs)
Tiidsône CET ([UTC]+1)
Basilyk Us Leaffrou fan Afrika

Algiers (Arabysk: الجزائر, Al-Jazā'ir) is de haadstêd fan Algerije yn it noarden fan Afrika. It leit oan de noardkust fan it lân, en hat in ynwennertal fan likernôch 1.500.000 miljoen. Yn de gânse stêdekloft wenje likernôch 3.500.000 minsken.

De stêd hat in seehaven en in wichtige tekstyl- en learyndustry. It is dêrneist benammen in universiteitsstêd. Algiers bestiet út twa dielen: in modern diel, op in flakte oan de seekust boud en de âlde stêd dy't tsjin de steile hichten leit mei ûnder oare de kasba of sitadel. Dy kasba stiet sûnt 1992 op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Algiers wie eartiids in seerôvernêst dêr't ek in soad Fryske seelju as galeislaaf lije moasten. Faak waard yn de tsjerke fan de Republyk kollektearre om slaven frijkeapje te kinnen. In Harnzer fregat die yn 1779 mei oan de tuchtiging fan Algiers.

Iepenbier tagonklike gebouwen fan belang

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • de kasbah
  • de regearingsgebouwen (foarhinne it Britske konsulaat)
  • de paleizen fan de gûverneur-generaal en de aartsbiskop, dy't allegear Moarske gebouwen binne
  • de Grutte en de Nije moskee
  • de Basilyk fan Algiers (in katolike katedraal)
  • de eardere katedraal fan H. Filippus (boud om 1893, no in moskee)
  • de tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid (Tsjerke fan Ingelân)
  • de Nasjonale Bibleteek fan Algiers (Bibliothèque Nationale d'Alger), in Turksk paleis dat yn 1799 en 1800 boud waard

Algiers hat in befolking fan sa'n 2,072,993 (2007).[1]

De etnyske ferdieling is: 59% mei in Arabysktalige eftergrûn, 38% fan Berber-talige komôf en 3% út it bûtenlân, meast út Sina, Fietnam, en Maly.

  • 1950 - 300,000 ynwenners.
  • 1960 - 900,000 ynwenners.
Jier Populaasje
1977 (Sensus) 1,353,826
1987 (Sensus) 1,507,241
1998 (Sensus) 1,519,570
2007 (Rûzing) 2,072,993
  • Yn 2007 wurdt foar de twadde kear yn Algiers de Africa games hâlden. De earste kear wie yn 1978.

Berne yn Algiers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Algiers in the World Gazetteer
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Algiers