Springe nei ynhâld

De Pest (roman)

Ut Wikipedy
De Pest
algemiene gegevens
oarspr. titel La Peste
auteur Albert Camus
taal Frânsk
foarm roman
1e publikaasje 1947, Parys
oarspr. útjwr. Éditions Gallimard
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Pest
publikaasje 2012, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Syt Palma
ISBN oers. 978-9 08 95 44 575

De Pest, yn it oarspronklike Frânsk: La Peste, is in roman fan 'e hân fan 'e ferneamde Frânske sjoernalist, skriuwer, toanielskriuwer, essayist, publisist en filosoof Albert Camus (1913-1960). Dit wurk waard foar it earst publisearre yn 1947 en fertelt it ferhaal fan in útbraak fan 'e pest yn 'e Algerynske stêd Oran. De haadpersoanen yn it boek rinne útinoar fan dokters oant toeristen oant kriminelen, dy't mei-inoar in goed byld jouwe fan 'e druk dêr't de maatskippij yn sa'n sitewaasje ûnder komt te stean. Dat gegeven wurdt troch de auteur brûkt om fraachtekens te stellen by it idee fan it lot en it aard fan 'e minske. La Peste wurdt beskôge as in klassiker fan it eksistinsjalisme, nettsjinsteande it beswier dat Camus sels tsjin dy klassifikaasje hie. It boek lit him ek lêze as in allegory oer it Frânske ferset tsjin 'e Dútske besetting ûnder de Twadde Wrâldoarloch. De Fryske oersetting fan Syt Palma kaam út yn 2012.

Histoaryske eftergrûnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Men tinkt dat De Pest fierhinne basearre is op in goalera-epidemy dêr't yn 1849, koart nei de Frânske kolonisaasje fan Algerije, in grut part fan 'e befolking Oran oan stoar. De roman spilet lykwols in iuw letter, yn 'e fjirtiger jierren fan 'e tweintichste iuw. Neffens in ûndersyksrapport fan 'e Amerikaanske Centers for Disease Control and Prevention (CDC) waard Oran yn 1556 en 1678 swier troffen troch de pest, en wiene der nei de Frânske kolonisaasje noch útbraken fan dy sykte yn Oran yn 1921, 1931 en 1944. Mei 185 gefallen, resp. 76 gefallen en 95 gefallen wiene dy lykwols lang sa slim net as de epidemy dy't beskreaun wurdt yn 'e roman.

As yn Oran tûzenen rotten begjinne dea te gean, ûntkomt dat de befolking yn 't earstoan, mar as it opmurken wurdt, feroarsaket it grutte panyk. De kranten begjinne deroer te skriuwen, en de autoriteiten stjoere lju om 'e deade rotten byinoar te sykjen en te ferbrânen, sûnder te beseffen dat krekt it opromjen fan 'e liken it foar de bûdepest mooglik makket om him te fersprieden nei minsken.

De haadpersoan, dokter Bernard Rieux, liedt in noflik bestean yn in appartemintegebou as op in stuit de konsjerzje, in goekunde fan him, stjert oan 'e iene of oare sykte. Rieux en in kollega fan him, dokter Castel, oerlizze oer de saak en komme ta de konklúzje dat it om 'e pest giet, mar de autoriteiten wolle dêr neat fan witten. As almar mear minsken oan 'e sykte stjerre, docht lykwols bliken dat der in epidemy útbrutsen is. Einlings komt it stedsbestjoer, mei oan it haad de prefekt, dan fanwegen mei maatregels, mar tsjin dy tiid is it al te let om 'e epidemy noch tsjin te hâlden. As der eltse dei weroan mear as tritich minsken yn Oran oan 'e pest beswike, wurdt de stêd yn karantêne pleatst en fan 'e bûtenwrâld ôfsletten.

De sjoernalist Raymond Rambert, dy't yn Oran wie om ferslach te dwaan oer de libbensomstannichheden yn 'e Arabyske wyk, beslút om te besykjen en ûntsnap út 'e stêd. Dêrta leit er kontakten mei de pleatslike ûnderwrâld, om himsels nei bûten ta smokkelje te litten. De jezuïtyske pastoar Paneloux makket gebrûk fan 'e útbraak om syn eigen oansjen te fergrutsjen troch te preekjen dat de pest in straf fan God is foar de boargers. De krimineel Cottard profitearret ek skamteleas fan 'e sitewaasje troch foar hege prizen minsken en guod yn en út 'e stêd te smokkeljen. Underwilens sette dokter Rieux, de toerist Jean Tarrou en amtner Joseph Grand har yn om 'e pasjinten te helpen. Rambert fertelt Tarrou oer syn ûntsnappingsplan, mar Tarrou praat sa op him yn, dat Rambert him begjint te skamjen en him by it sikehûs oanmeldt as frijwilliger om te helpen by it ferpleegjen fan 'e siken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Tsjin mids augustus wurdt it noch helte minder. De sykte hâldt yn 'e stêd ûnmeilydsum hûs, minsken besykje te ûntsnappen en party wurde deasketten troch de sjândarmery. Geweld brekt út yn 'e stêd en der wurdt plondere, dêr't de autoriteiten dan op reägearje troch de steat fan belis út te roppen en in jûnsklok yn te stellen. Begraffenissen wurde almar flugger ôfhannele, mei wat langer wat minder omtinken foar de gefoelens fan 'e djipdrôven. Rieux, dy't al withoelang gjin kontakt mear hân hat mei syn frou, dy't bûten de stêd yn in sanatoarium ferbliuwt, hurdet himsels ek tsjin it fielen fan emoasjes, mei't dat de iennichste manear is om fol te hâlden. De krimineel Cottard hat lykwols de tiid fan syn libben, mei't er hannen fol jild fertsjinnet oan syn smokkelwurk, en him boppedat foar it earst yn syn libben ferbûn fielt mei oare minsken, om't no in elk mei deselde swierrichheden te krijen hat. Rambert, de sjoernalist, kriget einlings de kâns en naai út, mar beslút om te bliuwen, om't er himsels oars nea wer rjocht yn 'e eagen sjen kinne soe.

Albert Camus yn 1957.

Ein oktober is Castel syn nije anty-pestsearum einlings ree, mar it kin it libben fan rjochter Othon syn soan net rêde. Pastoar Paneloux, dy't as frijwilliger yn it sikehûs wurket en tsjûge is fan 'e dea fan 'e jonge, preket no dat de pest in leauwenstest foar de oanhingers fan it kristendom ynhâldt, mei't it lijen fan in ûnskuldich bern de minsken twingt om alles of neat te leauwen. Hy fiteret syn gemeente oan om 'e striid net op te jaan, mar alles op alles te setten om 'e sykte derûnder te krijen. In pear dagen letter wurdt Paneloux sels siik, en hoewol't de symptomen net op dy fan 'e pest lykje, wurdt it likegoed syn dea.

Underwilens besykje Tarrou en Rambert ien fan 'e isolaasjekampen, dêr't se rjochter Othon moetsje. As dy syn karântêne derop sit, beslút er lykwols yn it kamp te bliuwen as frijwilliger, om't er him dêr tichter by syn ferstoarne soan fielt. Grand, de amtner, rekket ek oanhelle mei de pest, en riedt him ta op 'e dea, mar betteret dan ûnferwachts wer op. De pestepidemy liket oer syn hichtepunt hinne te wêzen.

Tsjin ein jannewaris is dúdlik dat de epidemy hast foarby is. De ynwenners fan Oran begjinne alfêst de ein fan 'e isolaasje fan har stêd te fieren. Rjochter Othon ûntkomt lykwols net oan 'e dea. Ek Tarrou rekket noch besmet en stjert nei in heldhaftige striid as ien fan 'e lêste slachtoffers. Dokter Rieux oerlibbet alles, mar as der wer kontakt mei de bûtenwrâld komt, kriget er it nijs dat syn frou ûnderwilens yn it sanatoarium oan har eigen, hiele oare sykte beswykt is. Smokkelder Cottard rekket yn 'e put no't de epidemy foarby is. Uteinlik draait er alhiel troch en besjit er minsken út syn hûs wei, wêrnei't er oppakt wurdt. Rieux, dy't himsels no bekendmakket as de alwittende ferteller, beëiniget it ferhaal mei de konklúzje dat der al mei al yn minsken mear is om te bewûnderjen as om te ferachtsjen.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan La Peste waard yn 2012 mei stipe fan 'e Provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting publisearre ûnder de titel De Pest. It boek ferskynde by Utjouwerij Elikser, te Ljouwert. It waard út it Frânsk oersetten troch Syt Palma, dy't earder ek al In Wrâldreis yn Tachtich Dagen, de klassiker fan Jules Verne, nei it Frysk ta oerbrocht hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.