Ljouwert (stêd)

Ut Wikipedy
Ljouwert (stêd)



Fan boppe nei ûnderen: Achmeatoer, Sintrum út de loft wei, Kelders mei de Sint-Bonifatiustsjerke, Aldehou en De Waach
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 94.675 (1 jannewaris 2022)[1]
Oerflak 84,11 km²
Befolkingstichtens 1.114,79 /km²
Stêdekloft 151.812 (Agglomeraasje Ljouwert)
Hichte 0,2 - 3 m. boppe seenivo [2][3]
Oar
Stifting Fúzjeferdrach 1435
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 12′ NB, 5° 47′ EL
Webside Webstee Ljouwert
Dizze side giet oer de stêd Ljouwert. Foar de gemeente, sjoch: Ljouwert (gemeente).
'De Kelders'

Ljouwert Lûdsfragmint útspraak(Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarden; Ljouwertersk: Leewarden of Liwwadden; Aastersk/Skylgersk: Lieuwadden; Amelânsk: Liewa'den; Biltsk: Luwt; Hylpersk: Leauwert; Skiermûntseagersk: Leeuwerts; Stellingwerfsk: Liwwadden of Luwadden; Westerkertiersk: Leeuwerd) is de haadstêd fan Fryslân en ek it haadplak fan de gemeente Ljouwert. De stêd hat 94.675 ynwenners (1 jannewaris 2022, boarne: CBS) en is dêrmei de grutste stêd binnen de provinsje. De agglomeraasje hat 151.812 (2020) ynwenners.

Ljouwert is ûntstien út trije terpen oan de eastlike igge fan de Middelsee, te witten de terpen Aldehou, Nijehou en Hoek. De formele gearfoeging fan de trije terpen krige syn beslach yn in rige Aldfryske oarkonden yn de earste helte fan de 15e iuw. Nei de ein fan de Fryske frijheid ûntjoech Ljouwert him ûnder frjemde hearskers as bestjoersplak fan de lettere provinsje Fryslân.

Op it mêd fan ûnderwiis en wittenskip hat Ljouwert trije hegeskoallen, de kursus- en taalynstelling Afûk, de Fryske Akademy en de Wetsus Akademy (wettertechnology). Ljouwert hat 29.628 hbû en mbû-studinten (stân 2010).[4]

Mei in gerjochtshof en in rjochtbank is Ljouwert foar it rjocht yn de provinsje Fryslân, as ek foar arrondisseminten bûten de provinsje, in plak mei betsjutting. Ljouwert is ien fan de alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. Yn 2018 wie Ljouwert, mei de Malteeske haadstêd Valetta, Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Dat jiers waarden der yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 alderhanne kulturele eveniminten yn Ljouwert organisearre.

Ek is Ljouwert is sûnt 2019 UNESCO City of Literature.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Satellytfoto fan Ljouwert en omkriten

Ljouwert leit yn it noarden fan de provinsje Fryslân. Wat it ynwennertal en it oerflak fan it stedsgebiet oanbelanget is Ljouwert de grutste stêd fan de provinsje.

Fan de sân grutste stedsgebieten binnen de provinsje Fryslân (Ljouwert, Drachten, Snits, It Hearrenfean, Harns, Frjentsjer, Dokkum) leit Ljouwert it meast sintraal, de ôfstân nei ien fan de oare plakken is himelsbreed noait fierder as 30 kilometer. De stêd leit sa likernôch 50 kilometer westlik fan Grins, 110 kilometer westlik fan de Eastfryske stêd Lear, en himelsbreed sa'n 80 kilometer noardlik fan Swol. Yn it westen is Ljouwert troch de oanlis fan de Ofslútdyk ferbûn mei West-Fryslân en Amsterdam.

It histoaryske sintrum fan Ljouwert is geakundich ûnderdiel fan Eastergoa, it terpgebiet tusken de Middelsee en de Lauwersmar. De skiednis fan Ljouwert begjint mei de trije terpen dy't oan de Middelsee leinen, yn de lette midsiuwen slike dy see stadichoan ticht. De skieding tusken Eastergoa en Westergoa wurdt yn it ynpoldere lân foarme troch de Swette. As feart rint dy tsjintwurdich fan Snits nei Ljouwert, mar de oarspronklike skieding rûn troch oan it begjin fan it Bilt oan ta. It stedsgebiet westlik fan de histoaryske binnenstêd en de Skrâns is boud yn it poldergebiet fan de eardere Middelsee. It lân oan de eastkant fan de Skrâns wie besteand (âld) lân, it gebiet westlik fan de Skrâns waard nei it ynpolderjen dus nij lân. De grins tusken âld lân en nij lân komt werom yn de nammen fan de wenwiken Aldlân en Nijlân oan de súdkant fan de stêd. Westergoa, Eastergoa en de Middelsee binne ûnderdiel fan de Klaaistreek. Troch it Van Harinxmakanaal, it Prinses Margrietkanaal en ferskate natuerlike wetterstreamen is Ljouwert yn it easten ferbûn mei de De Wâlden, yn it suden mei it wetterlân fan it Lege Midden.

Yn it noarden grinzet de gemeente Ljouwert oan Ljouwerteradiel, yn it easten oan Tytsjerksteradiel, yn it suden oan It Hearrenfean en yn it westen oan Littenseradiel en Menameradiel.

Geology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tichtslike en ynpoldere lân fan de eardere Middelsee leit in stik leger as it gebiet bûten de kwelderwâlen fan Westergoa en Eastergoa. It westen fan de stêd is boud op klaaigrûn. Yn it grutste part fan de stêd bestiet de grûn foaral út fean op klaai.[5][6] Noch fierder eastlik fan de stêd lizze de pleistosene sângrûnen fan De Wâlden. It gea om de stêd hinne bestiet foar it grutste part út greidlân. It iennichste reliëf wurdt foarme troch âlde terpen, kwelderwâlen en slinken.[7] De Lytse Heechstrjitte yn it noarden fan it sintrum is op de terp Nijehove boud en it hichteferskil is fan de Iewâl/Gûverneursplein goed te sjen. It sintrumgebiet leit op in hichte fan 0,2 - 3 m. boppe seenivo.[8][9] Nei it súdeasten en easten ta lizze ferskate marren en puollen.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Topografyske kaart fan Ljouwert
De Wikipedy hat ek in side Wiken en buerten yn Ljouwert.
De Wikipedy hat ek in side Strjitten fan Ljouwert.

De stêd is ûnderferdield yn wiken dy't wer ûnderferdield binne yn 58 buerten. Yn 2018 waard de stêd fannijs yndield. De yndieling is:

Noardlik fan 'e wyk Bilgaard waard tusken 1992 en 1996 de Ljouwerter Bosk oanplante. Yn 2006 begûn de bou fan in nije wenwyk súdlik fan it stedsgebiet; De Súdlannen. De wenwyk moat healwei de tweintiger jierren klear wêze. Techum is de earste buert dy't klear wêze sil. Oan de noardkant fan de stêd leit de nije wenwyk Blitsaard, dêr't de earste huzen yn 2006 oplevere waarden.

Yn it tiidsrek 2000-2010 binne de Vegelinbuert, de Frijheidswyk en Skieringen-Heechterp fernijd. Foar 2011-2014 sille de neikommende wiken fernijd wurde: Skipsbuert, Oldegalileën/Blommebuert, Nijlân, Tjerk Hiddes/Cambuursterhoek, Flietsône en it Faleriuskertier.[10]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljouwert hat ûnder ynfloed fan de Noardsee in matige seeklimaat. Yn de simmer binne de temperatueren kâlder as yn it binnenlân, yn de winter lizze de temperatueren ornaris heger. It klimaat wurdt beynfloede troch de Midden-Europeeske eastestewyn.

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen falt Ljouwert yn de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).[11]

De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 20 °C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 5 °C. De trochsnee reinfal beslacht sa'n 767 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e hjerst, yn de iere maitiid falt it minste reinwetter. Der binne dagen mei in soad reinwetter, mar it measte falt del as storein of lichte rein.

By in stoarm kin de delslach sa grut wêze dat gemalen, pompen en ôfwetteringsynstallaasjes fan it Wetterskip Fryslân ynset wurde. Sokke stoarmen komme net faak foar. It tal sinne-oeren yn Ljouwert is 1.475 yn ’t jier. [12] De klimaatgegevens hjirûnder binne fan it automatyske KNMI-waarstasjon yn Ljouwert. Oare automatyske waarstasjons fan de KNMI yn de provinsje Fryslân stean yn Starum en op Skylge.[13]

Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier
Heechste temp. ea metten °C 12,6 14,4 20,4 26,0 28,7 32,5 31,4 32,8 29,1 23,8 16,4 14,2
32,8
Maks. trochsneed temp. °C 4,6 5,1 8,3 11,4 15,9 18,1 20,3 20,8 17,6 13,4 8,7 5,8
12,5
Min. trochsneed temp. °C -0,2 -0,4 1,6 3,2 6,9 9,8 12,2 12,0 9,8 6,6 3,3 1,1
5,5
Leechste temp. ea metten °C -19,9 -16,3 -16,3 -5,9 -1,7 1,3 5,7 5,4 2,0 -6,5 -14,2 -19,2
-19,9
Reinfal yn mm 65,6 42,1 59,4 38,4 51,4 68,7 64,2 60,2 82,1 78,4 83,7 73,0
767,2
Boarne: KNMI mjittingen yn it tiidrek 1971-2000 [14][15]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljouwert oan de eardere Middelsee
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Ljouwert.

Trije terpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan Ljouwert giet werom nei de Romeinske tiid. Doe wennen der al minsken op it plak dêr't no de Aldehou stiet. Ljouwert is ûntstien op trije terpen dy't opsmiten waarden oan in ynham fan de Middelsee dy't letter tichtslike en ynpoldere waard. De rivierkes Ie, Flyt en Potmarge mûnen by dy terpen út yn de Middelsee. De terpbewenners dienen oan lânbou, fiskerij en skipfeart. Ljouwert lei geunstich oan see en ûnderhold hannelskontakten mei oare hannelsplakken lykas Lübeck en mei de Eastseelannen. Op de terpen ûntstiene trije delsettings: Aldehou, Nijehou en Hoek.

Fryske frijheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De terp Aldehou, dy't fanâlds in úthôf fan it abdij fan Corvey yn Ingelân wie, hie yn 'e midden fan de 12e iuw in tsjerke, wijd oan de hillige Fitus. Yn 1285 waard Ljouwert al as plak neamd yn in Dútske hannelsakte. Tusken 1200 en 1300 slike de Middelsee ticht en waard de hannel minder fanwege it ûntbrekken fan in haven. Tenei waard de measte handel dien mei de omkriten. Yn 1392 stiene de omlizzende gritenijen de magistraat fan de stêd hege rjochtspraak ta. Yn jannewaris 1435 waarden Aldehou, Nijehou en Hoek gearfoege ta ien stêd, Ljouwert, dy 't datselde jier stedsrjochten krige.[16] Foar it formeel gearfoegjen fan de stêd waarden ferskate Aldfryske oarkonden opsteld. Yn dy oarkonden waard Ljouwert as Liowert en Lyowert skreaun. Yn de 15e iuw lôge de striid tusken Skieringers en Fetkeapers op; in striid dy't tusken Norbertinen en Bernardinen yn de 14e iuw ûntstien wie. Yn it miene stienen de stêden en it plattelân efter de Skieringers. Ljouwert wie it bolwurk fan de Fetkeapers. De partijstriid late ta de bou fan nije ferdigeningswurken. De Fryske frijheid komt foar Fryslân tusken Sudersee en Iems yn 1498 ta in ein. Yn dat jier jout de Roomske keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk al dy Fryske lânsgemeenten oan de Saksyske hartoch Albrecht fan Saksen. Yn july 1499 wurdt troch Albrecht fan Saksen in Rie ynsteld foar it bestjoer en rjochtspraak yn syn Fryske gewesten.[17]

Iermoderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske kaart fan Ljouwert (1652)

Yn it jier 1500 fynt yn Ljouwert in rebûlje plak tsjin de besetter. By dy rebûlje bliuwt Wigle fan Aytta trou oan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. De Saksyske bestjoerders yn Westerlauwersk Fryslân besochten harren gesach oer de Fryske lannen te hâlden, dêr't fan ferskillende kanten ferset tsjin wie. Yn 1512 lieten se twa foaroansteande Fryske eallju op fertinking fan kontakten mei Edzard de Grutte fan it Greefskip Eastfryslân yn Ljouwert ûnthalzgje. Yn 1515 is de Saksentiid ta in ein en wurdt de lettere Karel V formeel Hear fan Fryslân. Yn 1523 waard Ljouwert de ferneamde Fryske frijheidsstrider Wijerd Jelckama as ien fan lêsten fan de Arumer Swarte Heap ûnthalzge. Mei de dea fan Jelckama, besibbe oan Grutte Pier, kaam der in ein oan de Fryske opstannen.

Yn 1529 waard begûn mei de bou fan de toer fan de Aldehou, op de eardere terp Aldehou. Om grûnfersakkingen waard de bou yn 1532 stil lein. It Hof fan Fryslân krige yn 1571 in eigen ûnderkommen, de Kânselarij. Yn deselde tiid waard yn Ljouwert ek it tsjerklik gesach fêstige. De Sint-Fitustsjerke waard de sit fan de deken. Yn 1559 waard Ljouwert ta biskopssetel ferheft fan it nij oprjochte bisdom Ljouwert. Cunerus Petri, de ienige biskop, belanne by de kalvinistyske machtsoername koarte tiid yn it gefang en ferliet Fryslân dêrnei definityf. De Sint-Fitustsjerke waard yn de jierren 1595 en 1596 wegens fiergeande boufallichheid ôfbrutsen. De 16e en 17e iuw foarmen in gouden tiid foar Ljouwert. Ljouwert krige oansjen trochdat it de residinsje waard fan de Fryske Nassau's dy't steedhâlder waarden fan de noardlike provinsjes. Yn dizze iuwen kaam de stêd ta grutte bloei. Mei de komst fan in nij bestjoer, dêr’t Ljouwert it bestjoerlike sintrum fan waard, koe de stêd him fierder ûntjaan. Soks docht bliken út it ynwennertal fan Ljouwert. Yn 1511 wennen der sa likernôch 4.000 minsken yn de stêd; yn 1650 wie Ljouwert útgroeid ta in stêd mei 15.000 ynwenners. [18] Ljouwert hearde doe by de tsien machtichste stêden fan Nederlân. Bewyskes dêrfan binne prachtige bouwurken út dy tiid, lykas de Kânselarij (dêr't rjocht sprutsen waard), it Steedhâlderlik Hof, de Waach (as sintrum fan de hannel), en de skeane toer de Aldehou. De Prinsetún waard yn 1648 oanlein.

Kânselarij

Yn 1675 waard it steedhâlderskip erflik ferbûn oan de Nassau's en fan om 1750 hinne ôf koe de steedhâlder troch it tanimmen fan beneamingsrjochten syn ynfloed noch fierder útwreidzje. It oerwicht dat de Nassau-dynasty yn relaasje ta oare ynfloedrike groepearrings en yndividuen yn Fryslân hie, kaam ta utering yn harren libbensstyl. Yn dy snuorje waarden it Steedhâlderlik Hof en oare paleizen fan de Fryske nassau's opkreaze.[19] Om 1780 hinne begjint de Patriottenbeweging yn Fryslân. Under Court Lambertus fan Beyma wurdt in ferbûn fan Patriotten ta stân brocht, dêr't Ljouwert him by oanslút. Under druk fan de Patriotten akseptearren de Fryske Steaten boargerbewapening. Yn Ljouwert en Dokkum waarden fuortendaliks frijkorpsen foarme neist de âlde skutterijen. Tusken 1761 oant 1798 wie Fryslân it meast radikaal-revolúsjonêr bestjoerde gewest fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.[20] Nei in mislearre steatsgreep yn 1787 joegen de Patriotten belies en flechten nei Frankryk.

Moderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan Ljouwert út 1866

Yn 1795 foelen Frânske troepen de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen yn. Yn de Frânske tiid wie Ljouwert de haadstêd fan it Departemint fan de Iems (rûchwei Fryslân en Grinslân), letter waard dat it Departemint Fryslân. Mei de komst fan de Frânsken kamen de patriotten werom dy’t oan ‘e ein fan de 18e út Ljouwert en de rest fan Fryslân troch oranzjisten ferdreaun wienen. Yn 1795 skeinden en plonderen radikale patriotten de grêven fan de steedhâlderlike famylje yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke. Hja fuotballen mei de skedels fan de Fryske Nassau's.[21] Yn novimber 1813 kaam de âldste soan fan steedhâlder Willem V werom nei Nederlân en waard nei it Kongres fan Wenen yn 1815 útroppen ta kening fan de Nederlannen. Yn de Frânske tiid feroaren de steatskundige ferhâldings yn de Nederlannen gâns. De republyk waard troch de Frânsen opheft en der kaam in ienheidssteat foar yn 't plak. Nei de Frânske tiid waard de ienheidssteat yntakt holden. Dêrtroch rekke Fryslân syn status as autonoom gewest definityf kwyt. Ljouwert soe tenei haadstêd fan de provinsje Fryslân wêze.

Kanadeeske militêren wurde yn 1945 ferwolkomme troch de Ljouwerters.

Yn 1827 begûn it ryk mei de oanlis fan strjitwegen fan Ljouwert nei Oerisel en nei Grins, Harns, Snits en De Lemmer. Yn de twadde helte fan de 19e wurde de ferbinings mei oare stêden/kriten ferbettere. Der waarden nije kanalen groeven en Ljouwert krige ferskillende treinferbinings. Fan de sudergrêft by de Emmakade lâns en by de hjoeddeistige Ljouwert jachthaven nei it suden ta waard it Nije Kanaal yn novimber 1895 iepensteld.[22] Yn oktober 1863 waard de treinferbining tusken Harns en Ljouwert iepene. Yn 1866 rieden de earste treinen nei Grins en yn 1868 waard Ljouwert mei It Hearrenfean en Swol. Op 't lêst fan de 18e iuw wurde bûten de stedsgrêften wenningen boud tusken Ljouwert en it doarp Huzum. Dat wie it begjin foar de wenwyk Achter de Hoven. Oan 'e ein fan de 19e iuw wreidet Ljouwert him fierder út bûten de stedsgrêften. De Transfaalwyk waard boud tusken 1870 en 1940. De bou fan oare stedsdielen lykas de Fokseparkwyk en Huzum-West begûn krekt nei 1900.

Yn 1938 waard bûten de stêd in fleanfjild boud. Under Dútske besetting waard dêr in militêr fleanfjild fan makke. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it fleanfjild brûkt foar de sivile loftfeart, sûnt 1949 is it de Fleanbasis Ljouwert fan de Keninklike Loftmacht. Yn 1944 waard in diel fan de gemeente Ljouwerteradiel anneksearre, wêrtroch Ljouwert der 15.000 ynwenners by krige. Op 8 desimber fan datselde jier fûn yn Ljouwert de ferneamde oerfal op it Hûs fan Bewar plak, wêrby't 51 fersetslju befrijd waarden. Foar de Twadde Wrâldkriich hie Joadske mienskip yn Ljouwert. Dy mienskip wie op syn hichtepunt yn it jier 1869, doe't 1.205 Joaden yn Ljouwert wennen. By de Dútske ynfal is fergees besocht om 800 Joadske flechtlingen út Westerbork nei de stêd ta te heljen; ein maaie 1940 moasten hja werom. Troch de Twadde Wrâldkriich wie de Joadske mienskip yn Ljouwert lytser wurden. De synagoge oan de Sakramintstrjitte waard yn 1948 opnij wijd, mar wie no te grut wurden, dat yn 1964 waard er sletten. Yn 1998 hie Ljouwert 45 Joadske ynwenners.[23] Nei de Twadde Wrâldkriich waard de stêd flink útwreide mei nije wenwiken en de ferkearsferbiningen mei oare stêden en kriten waarden ferbettere. De besteande strjitwegen fan It Hearrenfean en Harns waarden yn de twadde helte fan de 20 iuw omboud ta sneldyk.

Uterlik yn novimber 2013 moast Nederlân foar de EU ien stêd oanwize as kulturele haadstêd fan Europa 2018. Ljouwert wie ien fan de fiif Nederlânske kandidaten dy't meistried om 'e titel. Op 6 septimber 2013 waard bekendmakke dat Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wurde soe. Yn 2018 wie Ljouwert it toaniel fan in soad ûnderdielen fan it Kulturele-Haadstedsprojekt, lykas it strjitteäterbarren Reuzen yn Ljouwert, it WK Frysk damjen 2018 en de foarstelling Wereldburgers van de Voorstreek.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsgearstalling Ljouwert
sifers 2011[24]
Etnyske kategory Ynwennertal
Autochtoanen 78.335
Westerske allochtoanen 7.761
Net-westerse allochtoanen
wêrfan Marokkanen
wêrfan Turken
8.742
967
456
Mei-inoar 01-01-2011 94.838

De gemeente Ljouwert stiet mei 95.313 ynwenners op 1 febrewaris 2012 op it tritichste plak fan grutste gemeenten fan Nederlân.[25] Ljouwert is de grutste stêd fan de provinsje Fryslân en nei Grins de twadgrutste stêd fan Noard-Nederlân (Drinte, Fryslân en Grinslân).

Gearstalling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de Ljouwerters is 22% 19 jier of jonger (20.762 minsken). Sa'n tsien persint is 20-24 jier âld (9.578 minsken) en 28% falt yn de kategory 25-44 jier (26.689 minsken). Sa likernôch 25% falt yn de kategory 45-64 jier (23.654 minsken) en sawat 15% is 65 jier of âlder (14.155 minsken).[26]

De gemeente Ljouwert hie 94.838 ynwenners yn 2011, wêrfan goed 8 persint westerske allochtoanen en goed njoggen persint net-westerske allochtoanen. De grutste net-westerske groepen bûtenlanners wienen de Turken (456), Marokkanen (967), Surinamers (1.368) en Nederlânske Antillianen en Arûbanen (973).[24] Yn 2009 hie de stêd goed 94.000 ynwenners fan 181 ferskillende nasjonaliteiten.[27]

Yn Ljouwert wurdt Frysk en Nederlânsk praat. It Stedsfryske stedsdialekt, it Ljouwertersk, hat sawol Fryske as Nederlânske eleminten. Yn 1993 prate 46 persint fan de ynwenners Nederlânsk, 39 persint Frysk, en 15 persint Stedsfrysk.[28]

Befolkingsûntjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it neikommende oersjoch stean de histoaryske ynwennertallen fan de gemeente Ljouwert:[29][30]:

  • Yn 1944 komt in part fan Ljouwerteradiel by de gemeente Ljouwert, de gemeente krige der doe 15.000 ynwenners by.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Ljouwert is in ryk ferskaat oan religieuze mienskippen. Yn de iuwen nei de reformaasje slacht it protestantisme foar master op. Troch de sekularisaasje yn de twadde helte fan de 20e iuw binne de besikers- en ledetallen fan de tsjerken minder wurden. Dêrtroch binne sawol de roomsken as protestanten dwaande mei it feroarjen fan harren tsjerke-organisaasje.

Sifers oangeande religy yn de stêd Ljouwert binne net bekend. De sifers binne fan it CBS, oangeande religy, binne neffens COROP-regio berekkene. Hjirûnder stean de sifers foar de COROP-regio Noard-Fryslân fan 2003[31]:

Religy yn Noard-Fryslân
Roomsk-Katolyk Grifformeard Nederlânsk Herfoarme Islam Net religieus
5,6 %
21,0 %
18,2 %
1,9 %
47,3 %

Protestantsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De prostantse tsjerken yn de stêd binne oansletten by de Kerkelijk Bureau Protestantse Gemeente te Leeuwarden i.w.. Under dizze gemeente falle de neikommende wykgemeenten[32]: Grutte of Jakobinertsjerke, Iepen Hof en de Skakel (Kammingabuorren). De Protestantske Gemeente Ljouwert hat syn eigen blêd, 'De Geandewei'. De Protestantske Gemeente Ljouwert hat 6800 leden.[33] Mei troch it delgeande ledetal hie de tsjerkerie yn oktober 2011 besletten om de Pelikaantsjerke, Koepeltsjerke, Fenix en de Adelaar te sluten.[34]

Evangelyske tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Evangelysk Luterske Gemeente Ljouwert is yn it jier 1681 stifte en betelle troch Andreas Möller, in Dútske ritmaster, yn tsjinst fan de Fryske Nassau's. Op it plak dêr't de tsjerke boud is stie earder in roomsk kleaster. Yn 1774 is de âlde tsjerke foar in grut part fuorthelle, de tsjerke dy't dêrfoar yn it plak kaam is noch hieltyd deselde as dy hjoed-de-dei oan de Nije Easterstrjitte stiet. Yn de tsjerke is romte foar likernôch 150 minsken.[35] Organisatoarysk falt de Luterske Tsjerke ûnder de organisaasje fan de protestantske PKN.

De Betheltsjerke is in kristlike grifformearde tsjerke. De 'Kristlik Grifformearde Tsjerke fan Ljouwert' waard yn juny 1893 oprjochte. De tsjerke oan de Huzumerleane is yn 1986 boud.[36]

Oare evangelyske gemeenten yn Ljouwert binne De Salvator, gemeente De Doar, gemeente Perspektyf. Folle evangelyske gemeenten binne Nij Libben en de Opstanningstsjerke.

Roomsk katolyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bonifatiustsjerke út 1884

De parochy fan de roomsk-katolike tsjerke yn Ljouwert hjit de Titus Brandsma Parochy. Dy hat twa tsjerkegebouwen yn behear: de Sint-Bonifatiustsjerke en de Sint Dominikustsjerke. Ljouwert leit ek oan de pylgerrûte fan Sint Jabik nei Hasselt, it saneamde Jabikspaad. It Japikspaad is it begjin fan it pylgerpaad nei Santiago de Compostela. Fan 1559 oant en mei 1580 hie Ljouwert in eigen bisdom. It bisdom hat yn dy koarte tiid mar twa biskoppen hân. Troch de reformaasje waard it plak fan de Roomske tsjerke yn de Fryske mienskip lytser. Roomske kleasters en oar tsjerkebesit waarden yn 1580 eigendom fan de Steaten, sa ek it Bisdom Ljouwert. De Sint-Bonifatiustsjerke is it heechste en grutste religieuze bouwurk yn de stêd. De bou dêrfan begûn yn 1882 en op 19 novimber 1884 waard de tsjerke wijd. De beide roomske tsjerken yn Ljouwert binne ûnderdiel fan it yn 2006 oprjochte Bisdom Grins Ljouwert. Yn oktober 2010 waard in Marijeposessy yn de stêd holden, dêr't 700 minsken oan meidienen.[37] Neffens de Ljouwerter Titus Brandsmaparochy wie it doe fiif iuwen lyn dat der yn Ljouwert foar it lêst in prosessy mei it byltnis fan Us Leaffrou fan Ljouwert holden waard. Ut Leaffrou fan Ljouwert stiet yn de Dominikustsjerke.

Oare kristlike tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de menisten giet werom nei de earste helte fan de 16e iuw, de tiid fan de reformaasje. Sicke Frearks wie de earste martler fan de dopersken yn de Nederlannen. Hy waard op 20 maart 1531 ûnthalze yn Ljouwert. Dêrtroch naam Menno Simons syn twivel oer de katolike tsjerke ta. Yn 1629 is der sprake fan in menistefermanje oan it Switserwaltsje. Op it plak fan hjoeddeistige fermanje oan de Wurdumerdyk waard yn 1631 in houten fermanje delset. Yn 1680 wurdt it in stiennen bouwurk. Yn it jier 1760 waard de fermanje oan de Wurdumerdyk ferboud, yn 1850 waard de romte grutter makke en fernijd.[38] Yn 1695 waard de Fryske Doperske Sosiëteit stifte.[39]

De Grifformearde Tsjerke Frijmakke is de Moarnsstjer. Yn 1999 waard de Noardertsjerke oan de Fryske Akademy ferkocht. Mei de Grifformearde Tsjerke Frijmakke yn Huzum waard in nij tsjerkegebou socht. Beide tsjerkegemeenten fusearren yn 2011. Yn novimber 2004 waard de earste tsjinst yn de Moarnsstjer holden.[40]

De Remonstrantske Gemeente Ljouwert hat sa'n 90 leden, freonen en belangstellenden. Hja tsjerkje yn de Waalske Tsjerke oan de Grutte Tsjerkstrjitte. It wurdgebiet fan de remonstranten beslacht de provinsje Fryslân.[41]

Yn Ljouwert binne twa tsjerken fan de baptisten: De Parktsjerke fan de Baptistegemeente Ljouwert en De Wyngaard fan de Frije Baptistegemeente Ljouwert. De Baptistegemeente Ljouwert waard yn jannewaris 1896 stifte.[42]

Islam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de komst fan gastarbeiders kaam de islam nei Ljouwert ta. Yn 1975 wie it foar in part fan de moslims dúdlik dat Ljouwert net in tydlik wenplak, mar in permanint wenplak wurde soe. Yn dat jier waard de Moskeeferiening Assalam oprjochte. Yn 1981 krigen de moslims mei subsydzje in gebou oan de Eastergrêftswâl. Sûnt 1996 is de Masjied Assalam moskee fêstige yn de wyk Skieringen. Oare moskee's yn Ljouwert binne de Ulu Camii Moskee en de Ayaf Sofya (Turksk).

Joadske mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Joadske gemeente Ljouwert.

Hjoed de dei is der yn Ljouwert noch in lytse Joadske mienskip, dy't mei wichtige feestdagen gearkomt yn de synagoge yn de Slotmakkerstrjitte. Yn 1964 waard de synagoge yn de Sakramintstrjitte sluten omdat dy te grut wie foar de Joadske mienskip. Fan de eardere synagoge is in dûnsskoalle makke. Op bepaalde dagen wurdt it brûkt as Joadsk moetingssintrum. De Joadske mienskip yn Ljouwert hie 45 leden yn 1998. Op it Jaconijnertsjerkhôf, foar de Joadske skoalle oer, ferskynde yn 1987 in betinkingsmonumint. Yn maaie 2001 waard it monumint restaurearre. Yn it Fersetsmuseum Fryslân wurdt ek omtinken jûn oan de joadeferfolging.[43]

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedhûs fan Ljouwert

Stedsbestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Ljouwert (gemeente).

B&W, de gemeenterie en harren meiwurkers hawwe harren wurkplak yn it stedhûs fan Ljouwert. Oant 1993 sieten alle gemeentlike tsjinsten yn it stedhûs en bygebouwen. Oan 'e ein fan de tachtiger jierren fan de 20e iuw kaam der fanwege romtegebrek in nij stedskantoar oan it Aldehoustertsjerkhôf dêr't in grut kompleks foar sljochte wurde moast. It monumintale Burmaniahûs bleau wol oerein mar waard ynsletten troch de nijbou. Yn 1993 waard it stedskantoar yn gebrûk nommen. Elke wyk hat in wykwethâlder en in stedsdielbehearder ta syn foldwaan.

Susterstêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 gie de gemeente in stêdebân oan mei de Russyske stêd Orjol. Neidat Orjol minder florissant foar ljocht kaam en it nut fan de bân yn twifel lutsen waard en te djoer beskôge waard, hat de gemeente yn 2002 de bân mei har susterstêd ferbrutsen. Yn de perioade fan de stêdebân hat der ûnder mear in útwikseling west fan kuorbalteams, hawwe Ljouwerters de Russyske stêd besocht en is der in Russyske temawike organisearre wêryn't it Fersetsmuseum fan Ljouwert de eksposysje mei as titel ‘Orjol 1941-1943, byld fan in Russyske stêd yn oarlochstiid’ tentoanstelde.

Wapen en flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wapen fan Ljouwert Flagge fan Ljouwert
Wapen en flagge fan Ljouwert

It stedswapen is werom te sjen op ferskillende âlde bouwurken yn 'e stêd. Yn 1818 waard it wapen yn De Haach fêststeld. De eftergrûn fan it wapen hat de kleur azuer, it wapenbist is in kliuwende liuw fan goud. It wapenskyld is bedutsen mei in goudene kroan. Der binne ferskate teoryen oer de skiednis fan it wapen. Wierskynlik hat de liuw te krijen mei de hillige Sint Vitus, dêr't in tsjerke foar boud waard op de terp Aldehou. Op it âldst bewarre segel fan de stêd út 1422 stiet de Sint Vitus-tsjerke mei dêrûnder in liuw. Yn it tiidrek 1472 - 1493 wurde yn Ljouwert munten slein mei de kliuwende liuw as wapen. Op it lêst fan de fyftjinde iuw ferskynt it wapen op in sekreetsegel, oerlevere op in oarkonde fan 5 maart 1490. Yn 1584 wurdt it wapen yn kleur ôfbylde. Guon saakkundigen fine it wapen fan Ljouwert de suterige kant neist.

Oer de skiednis fan de flagge is net safolle bekend. De stêd hat grif in banier hân, in flagge mei it wapenbyld. Sa'n banier is oerlevere op in sulveren beker fan it Ljouwerter skippersgilde út 1658. Om 1700 hinne ferskynt in flagge mei fjouwer horizontale banen blau, giel, blau, giel. Der binne ek flaggen mei twa banen giel - blau as ek blau - giel. De hjoeddeistige flagge is fêststeld troch in beslút fan B & W fan 1 augustus 1947, nr. 4401. Dêrneist is der in wimpel dy't nergens formeel fêstlein is.[44]

Ekonomy en ynfrastruktuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryslân Bank yn Ljouwert
Suvelkonsern 'Friesland Foods' (no 'Friesland Campina')
De Postbank

Mei troch de status fan provinsjale haadstêd hat Ljouwert sa’n 54.000 wurkplakken.[45] In grut part fan dy wurkplakken meitsje diel út fan de tsjinstferlienende sektor en de oerheidsynstellings. Yn 2010 lei it persintaazje wurkleazen om de 6,8 persint. Dat wie 0,8 persint heger as de Fryske trochsneed en 1,4 persint boppe de Nederlânske trochsneed.[46] Ljouwert hat fjouwer wenwiken dy’t spesjaal omtinken krije fan de oerheid fanwege harren sosjale efterstân.[47]

Bedriuwen, yndustry & winkels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Ljouwert sitte in tal haad- en regiokantoaren fan grutte tsjinstferlienende ûndernimmings lykas KPN, Friesland Bank (oant 2013), Rabobank, Postbank, ING, ABN-Amro, AEGON, Achmea, en ûnderdielen fan Sintraal Behear en FBTO. Fierders is der in grut suvelkonsern (Friesland Campina), twa haadkantoaren fan regionale kranten (Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd) en in soad lytse en middelgrutte bedriuwen. De 114 meter hege Achmeatoer, de 77 meter hege toer fan Avero, en de koepel fan de Friesland Bank hawwe grutte ynfloed op it stedsbyld fan Ljouwert. Cendris B.V. en CrossOver binne de twa grutte callcenters/marketingbedriuwen fan de stêd.

Der binne trije grutte yndustryterreinen yn Ljouwert: Ljouwert West is it âldste yndustryterrein fan de stêd. Yn de tachtiger jierren fan de 20e iuw is yndustryterrein Himrik oanlein. It nijste yndustryterrein is it Newtonpark, oan de súdwestkant fan de stêd. It terrein fan Friesland Campina kin wat de grutte oanbelanget ek as yndustryterrein sjoen wurde. In protte bedriuwen yn Ljouwert binne lid fan ien fan de neikommende bedriuws- en ûndernimmersferienings, lykas de Kommersjele Klub Ljouwert, Leon, Merkkontakt Fryslân, Nije Garde Ljouwert en Jong Bedriuwen Netwurk Fryslân.

De grutste wurkjouwers fan Ljouwert binne[48]:

Grutste wurkjouwers fan Ljouwert
# Namme Tal wurkplakken
1 Medysk Sintrum Ljouwert 3000-3500
2 ING 2000-2500
3 Justysje/CJIB 1500-2000
4 Achmea 1500-2000
5 Fleanbasis Ljouwert 1000-1500
6 Gemeente Ljouwert 1000-1500
7 NHL 750-1000
8 Friesland Campina 750-1000
9 Polysje 750-1000
10 Fryslân Bank 750-1000
11 Aegon 500-750
12 Provinsje Fryslân 500-750
13 Nuon 500-750
14 Stenden Hegeskoalle (eardere namme CHN) 500-750
15 Koöperaasje de Friesland 500-750

Ljouwert hie yn 2009 750 winkels, 236 kafees/restaurants en 12 hotels.[48] De belangrykste winkelstrjitten binne de Nijstêd, Wurdumerdyk, it Wilhelminaplein en de Foarstreek. Op it Wilhelminaplein is alle freeds in wykmerk. Oan de râne fan it sintrum sit it retailpark De Sintrale, dêr't eartiids de PEB Sintrale (P.E.B. stiet foar Provinsjaal Elektrisiteits-Bedriuw, letter opgien yn it tsjintwurdige Nuon N.V.) siet. Doe't dat bedriuw ferdwûn wie, kaam it terrein fan 7 ha. yn 1989 te keap. In projektûntwikkelder kocht it ferlitten fabryksterrein, dat frijmakke waard om plak te meitsjen foar 12.000 m² winkels. Yn 1991 iependen de earste winkels harren doarren. Der binne ek gruttere winkels te finen lykas Media Markt. Fierders binne der ferskillende spesjaalsaken en in boumerk fêstige. De kommende jierren sil der 13.000 m² by boud wurde. Dêrmei komt it totale winkeloerflak op 42.000 m². De opset en de bransearring bart yn nauwe gearwurking mei de gemeente.

Ynstânsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerjochtshof fan Ljouwert
It Medysk Sintrum Ljouwert

Ljouwert is sûnt de 16e iuw de haadstêd fan de provinsje Fryslân en hat dêrtroch in lange tradysje as bestjoerdersplak. It provinsjehûs fan Fryslân is de sit fan it provinsjaal bestjoer fan Fryslân oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Neist it stedsbestjoer en it provinsjale bestjoer hat Ljouwert noch ferskate oare ynstânsjes.

Ljouwert hat in gerjochtshof en in rjochtbank. It gerjochtshof stiet oan de kopse kant fan it Wilhelminaplein. It saneamde Ressort Ljouwert omfet de arrondisseminten Ljouwert, Assen en Grins. De rjochtbank sit yn in nij gebou fan arsjitekt Abe Bonnema dat oan de langsside fan it Wilhelminaplein stiet. Hjiryn sitte it kanton- en de arrondissemintsrjochtbank.
It MCL (Medysk Sintrum Ljouwert) is mei 990 bêden it grutste algemiene sikehûs fan Noard-Nederlân en teffens ien fan de grutste fan Nederlân. Yn it MCL binne alle medyske en ferpleechkundige spesjalismen te finen. Sûnt 2004 is it MCL (earder MCL-Súd) it ienige sikehûs fan Ljouwert.
  • Bibleteken
Der binne trije bibleteken yn Ljouwert. De haadlokaasje is fêstige oan de Wurdumerdyk (sintrum) yn it eardere Beurs- en waachgebou. Fierders is der de bibleteek Ljouwert-Aldlân (súd) en de bibleteek Ljouwert-Bilgaard (noard), dy't (tydlik) bûten gebrûk is, omdat it winkelsintrum wêryn de bibleteek siet ôfbaarnd is. De bibleteek ûndersiket noch oft dizze lokaasje weriepen wurdt. Fierders is der noch Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, wêr't de eardere Provinsjale Bibleteek diel útmakket. Dy sit oan it Aldehoustertsjerkhôf. Hjir is in soad ynformaasje oer de provinsje Fryslân te finen. Hjir binne ek krante-argiven lykas dy fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.
  • Fêstigings fan oare ynstânsjes
    • Keamer fan Keaphannel
    • It Sintraal Justisjeel Ynkasso Buro (CJIB)
    • Belestingtsjinst
    • Dûane
    • Rykswettersteat

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryske Akademy

Ljouwert hat 18.950 hbû-studinten en 10.678 mbû-studinten (stân 2010).[49] Yn it skoaljier 2008/09 hienen de Ljouwerter basisskoallen 8.389 skoalbern en yn it fuortset ûnderwiis wienen 7.578 learlingen.[48]

Yn Ljouwert binne ferskate skoallen foar middelber beropsûnderwiis en fuortset ûnderwiis, wêrûnder it Fryslân Kolleezje, ROC Fryske Poarte, CSG Comenius, Nordwin Kolleezje, Kristlik Gymnasium Beyers Naudé en 5 skoallen dy't hearre by de skoallemienskip Piter Jelles wêrûnder it Stedsk Gymnasium Ljouwert, dat fuortkommen is út de Latynske skoalle. Histoarysk is benammen de Ryks-HBS fan belang, dy't bestie fan 1867 oant 1990 (fan 1968 ôf ûnder de namme Ryks Skoallemienskip, RSG).

Heger beropsûnderwiis en universiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Ljouwert binne twa skoallen foar heger beropsûnderwiis: Hegeskoalle Van Hall Larenstein, de NHL Stenden Hegeskoalle (fúzje fan de NHL Hegeskoalle en Stenden Hegeskoalle, dy't wer in fúzje wie fan de Kristlike Hegeskoalle Nederlân en de Hegeskoalle Drinte). Ljouwert hat ek fêstigingen fan de Universiteit Wageningen (Dairy Campus), Ryksuniversiteit Grins (Kampus Fryslân) en de Hânzehegeskoalle Grins. De yn Ljouwert festige Akademy foar Popkultuer is fan dy lêstneamde HBU-ynstelling in oplieding. Yn 2016 waard de Dairy Campus oprjochte en yn 2019 waard Kampus Fryslân oprjochte; it is in fakulteit foar Fryske maatskippij en Fryske ekonomy.

Dêrneist sit de Iepen Universiteit ek yn Ljouwert. De Iepen Universiteit biedt ôfstânsûnderwiis oan foar eltsenien boppe de 18 jier.

De Fryske Akademy is in ynstitút dat wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en mienskip. De Afûk is in kursusynstitút dy't rûnom yn de provinsje Fryslân kursussen Frysk jout en dêrneist in ferskaat oan taalprojekten hat.

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar nijsfoarsjenning binne der in Ljouwert ferskate kanalen. De twa deiblêden dy't har beide op de hiele provinsje rjochtsje binne de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. Fierders binne der de fergese blêden lykas de Hûs oan Hûs, De Stedskrante, Liwwadders, en UIT (ek as taheaksel fan de Ljouwerter Krante). Omrop Fryslân rjchtet har mei radio, tv en ynternet benammen op de hiele provinsje en de lokale omrop Omrop Merkurius rjochtet har mei deselde middels spesifyk op de gemeente Ljouwert. Op ynternet is liwwadders.nl sterk fertsjintwurdige, krektas de sites fan de beide deiblêden en de beide omroppen. NijsTV stjoert nijsberjochten út, kombinearre mei de radio-útstjoerings fan Omrop Merkurius. De Riedsgearkomsten wurde útstjoerd fia it lokale radiostasjon dat ek útstjoert fia ynternet.

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Slauerhoffbrêge

Mei de foarljochtingskampanje “Rom baan foar berikberheid” wol de gemeente safolle mooglik omtinken jaan oan de ynfrastrukturele wurksumheden. It ferbetterjen fan de berikberheid fan Ljouwert is in spearpunt fan it gemeentlik Ferkears- en Ferfiersplan (GVVP). Mei de útfiering fan ûnderhâldswurksumheden en de oanlis fan nije ynfrastruktuer wol men hjirmei berikke dat Ljouwert ek yn de takomst berikber bliuwt, sadat men maklik en fluch it paad fine kin en dat der genôch parkearplakken binne. Yn 2007 is der in twadde gruttte parkeargaraazje yn it sintrum by kaam, ûnder it Aldehoustertsjerkhôf.

Yn in diel fan de binnenstêd meie gjin auto's ride. Op ferskate plakken dêr't auto's net ride meie binne beweechbere peallen delset om dy allinnich tagonklik te meitsjen foar bussen.

In sivyl fleanfjild hat Ljouwert net. Fleanfjild Eelde ûnder Grins is de ynternasjonale lofthaven dy’t it tichste by de stêd Ljouwert leit.

Diken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oantal grutte diken en sneldiken ferbynt Ljouwert mei oare stêden en kriten. Yn it suden leit de A32, dy’t de stêd mei It Hearrenfean en Swol ferbynt. Yn it noardeasten fan de stêd leit de N355 nei Grins ta. Oan de westkant fan de stêd leit de N355 (Waadseewei) nei Harns en de Ofslútdyk. De N31 (Wâldwei) leit súdeastlik fan Ljouwert en ferbynt de stêd mei Drachten en Emmen. De Waadseewei en de Wâldwei binne beide ûnderdiel fan de Rykswei 31. Mei de Heak om Ljouwert sille de Waadseewei en Wâldwei mei-inoar ferbûn wurde troch in fjouwerbaans autowei. Foar de krusing mei it Van Harinxmakanaal is in akwadukt pland.

Yn de fyftiger en sechtiger jierren is der in ringwei om Ljouwert oanlein, dy't no midden yn de stêd leit. De Grinzerstrjitwei ferbynt it sintrum mei it noardeasten fan de stêd. De Harnzerstrjitwei ferbynt it sintrum fan de stêd direkt mei de A31 yn it westen. De Mr. P.J. Troelstrawei ferbynt it sintrum mei it noarden fan de stêd en rint oer yn de N357 nei Stiens en Holwert. Oan de súdkant fan de stêd lizze de Oeriselskeleane en de Drachsterwei. Dizze beide diken ferbine de stêd mei de A32 nei It Hearrenfean en de Wâldwei nei Drachten. De Anne Vondelingwei en Aldlânsdyk binne beide ûnderdiel fan de ringwei en op beide diken mei (diels) 70 km yn ‘e oere riden wurde ynstee fan 50.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stasjon fan Ljouwert

Ljouwert is it sintrale punt fan de spoarwegen yn Fryslân. Oan de súdkant fan de âlde binnestêd stiet it stasjon Ljouwert, dêr't alle treinen fan ôfsette. By it stasjon Ljouwert komme fjouwer treinspoaren gear: it spoar Harns-Ljouwert, Starum-Ljouwert, Grins-Ljouwert, en it spoar fan Swol oer It Hearrenfean nei Ljouwert. It spoar nei Starum, Harns en Grins is net elektrifisearre. Oer it hiele stik fan Ljouwert nei Swol ta leit in dûbel spoar dat wol elektrifisearre is. Ut Swol wei kinne minsken fierder reizgje nei de Rânestêd (lofthaven Skiphol) en it suden en easten fan Nederlân. It stasjon Ljouwert Werpsterhoek is in nij te bouwen treinstasjon yn Ljouwert. It stasjon moat boud wurde oan it spoar nei Swol, yn it nije kommersjele sintrum Werpsterhoek. De lokaasje fan it stasjon is tichtby de nijbouwiken Techum en Lommeryk. It spoar fan Ljouwert nei Swol is it iennichste spoar yn de provinsje Fryslân dêr't treinen fan de NS ride. It spoar nei Swol ta is ek it iennichste trajekt yn Fryslân dêr't riden wurdt mei frachtferkear.

Oer it hiele stik fan Ljouwert oer Snits nei Starum ta leit ien spoar. It spoar tusken Snits en Starum is de minst beriden treinferbining yn de provinsje Fryslân, oerdeis ride de treinen dêr mar ien kear yn 'e oere. Nei Harns ta ryd de trein oer Frjentsjer. Oer it hiele stik leit mar ien spoar. Simmerdeis wurdt de ferbining in soad brûkt troch badgasten dy't mei de boat fan Harns ôfstekke nei de eilannen Flylân en Skylge. It spoar nei Grins ta is foar in part dûbel. Op it stik fan Ljouwert nei Grins binne twa stasjons binnen de stedsgrinzen. It stasjon Cammingabuorren is opnommen yn de normale tsjinstregeling, it stasjon Achter de Hoven wurdt yn de spits as halte brûkt. Yn Grins kinne minsken fierder reizgje nei de stêd Lear yn East-Fryslân, dêrwei ride treinen nei de rest fan Dútslân. It treinferkear nei Starum, Harns en Grins is alhiel yn hannen fan Arriva.

Ljouwert hie ek in ferbining mei Eanjum en Dokkum yn it noardeasten fan de provinsje Fryslân. It spoar is bekend wurden as it It Dokkumer Lokaaltsje. It tal reizgers hat nea grut west en mei it reizgersferfier waard ek al op 1 july 1936 ophâlden. Yn 1998 is ek it lêste frachtferfier, op it trajekt Ljouwert-Stiens, stop setten.

Wetterwegen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Van Harinxmakanaal

Yn it suden fan it stedsgebiet leit it Van Harinxmakanaal. It Van Harinxmakanaal ferbynt Ljouwert yn it westen mei Frjentsjer en Harns, yn it easten rint it kanaal oer yn it Prinses Margrietkanaal dat yn de provinsje Grinslân oergiet yn it Van Starkenborghkanaal. De kanalen binne foaral fan belang foar de frachtskipfeart wêrfoar Ljouwert yn it súdwesten fan it stedsgebiet in yndustryhaven hat. Sûnt july 2012 is der ek in konternerterminal yn de Ljouwerter yndustryhaven dy't tusken de 15.000 en 20.000 konteners omslacht.[50][51]

Foar de plesierfeart wurde de Dokkumer Ie, De Swette, en de kanalen om Ljouwert hinne brûkt. De Dokkumer Ie ferbynt Ljouwert mei Dokkum en slút oan op in grut netwurk fan wetterwegen yn it noardeasten fan de provinsje Fryslân. De Swette ferbynt Ljouwert mei it Fryske marregebiet fan Súdwest-Fryslân. Troch it Van Harinxmakanaal en it Prinses Margrietkanaal kinne wettersporters ek yn it Fryske marregebiet komme.

De Bonkefeart is de earste ferbining benoarden de stêd fan it Alddeel mei de Dokkumer Ie. De Bonke rint east-west, krekt noardlik fan de Grinzer Strjitwei, likernôch fan de Hegebrêge oant Snakkerbuorren. De Bonkefeart is ferneamd wurden as einpunt fan de Alvestêdetocht. Yn it súdeasten fan de stêd leit in jachthaven direkt oan De Tynje, in wetter dat yn ferbining stiet mei it Nije Kanaal (nei it sintrum) en de Wide Greons (nei it Van Harinxmakanaal).

Busferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It busstasjon leit oan de noardwestkant fan it treinstasjon. It busstasjon kin skieden wurde yn twa dielen. It eastlike part (tichtstby it treinstasjon) hat in oerkaping. De bustsjinsten fan Connexxion dy’t binnen Ljouwert ride sette hjir ôf. By it westlike part fan in busstasjon (fierder fan it treinstasjon ôf) binne halten foar bussen dy’t nei oare plakken ta ride, bygelyks Dokkum, Bûtenpost, Drachten, It Hearrenfean, De Jouwer, Snits Boalsert, Frjentsjer, Harns en Alkmar. Buslinen nei oare plakken ta wurde sawol troch Connexxion as Qbuzz riden.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljouwert hat 236 kafee's/restaurants en 12 hotels mei mear as 500 hotelkeamers (stân 2008).[48] Yn 2010 kamen der 669.000 toeristen nei de stêd ta. De grutste atraksjes wienen swimbad De Blauwe Golf, Aquazoo, it Frysk Museum, it Natoermuseum Fryslân, en Tresoar.[52]

De stêd hat as gemeenteslogan Kijk, dat is 't mooie van Leeuwarden!. Dy slogan waard by it jierkongres fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten keazen as 'bêste gemeenteslogan'. De stêd profilearret him mei it as 'Hofstêd' fanwege syn ferline mei de Fryske Nassau's dy't yn de stêd taholden yn de 16e oant en mei de 18e iuw.[53] Sichtbere oantinkens út dy tiid binne it Steedhâlderlik Hof, it stedspaleis Prinsessehof, de Jakobinertsjerke en de Prinsetún.[54] Fierders profilearret Ljouwert him as 'Haadstêd fan wettertechnology' en as 'Haadstêd fan de Alvestêdetocht'.[55]

Ferdivedaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poppoadium Romein yn de eardere Westertsjerke

Op it kulturele mêd hat Ljouwert in skouboarch, musea en lytse poadia. Yn de stêd binne fierders 236 kafees/restaurants (stân 2009)[48] en fjouwer diskoteken. Yn de kroegen/disko's wurde nei 3 oere gjin minsken mear ynlitten, seis oere it slutingstiid. It grutste part fan de kafees sit yn de Doelesteech, by it Ruterskertier om, by it Gûverneursplein en oan de Nijstêd.

Eveneminten en festivals[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1500 wurdt yn Ljouwert wykliks de feemerk fan Ljouwert holden.

Ljouwert is it begjin- en einpunt fan de Alvestêdetocht. De einstreek leit op de Bonke. Ek alle fan 'e Alvestêdetocht ôflate eveneminten komme troch Ljouwert: de Alvestêde Fytsfjouwerdaagse, de Alvestêde Oldtimer Rally, de Alvestêde Roeimaraton, de Alvestêde Ultrarin, de Alvestêdekuiertocht, de Alvestêdetocht fan de Fryske Motorklub, de Alvestêdetocht op de Fyts, de Autopedalvestêdetocht, de SUP 11 City Tour, de Non-stop 11 Stêde Seekajak Prestaasjetocht en de Trekkeralvestêdetocht. Oare sporteveneminten yn Ljouwert binne û.m. de Lauwersloop (hurddraven), Rengersdei (keatsen) en, oant 2007, Indoor Fryslân (hynstesport).

Domino Day wie in evenemint dat fan 1998 oant 2009 alle jierren holden waard. In groep minsken besocht dêrby de grutste rige dominostiennen yn ien kear omfalle te litten. Ek it Noardlik Film Festival wurdt alle jierren holden. It festival is ien fan de grutste regionale eveneminten yn Noard-Nederlân en it grutste regionale filmfestival fan hiel Nederlân. It fynt û.m. plak yn Stedsskouboarch De Harmony en Slieker Film. It Media Art Festival is sûnt 1997 ek in jierliks festival dêr't de nije-mediakeunst fan jonge keunstners by sintraal stiet. Oan it begjin fan elts stúdzjejier fynt fierders yn Ljouwert de Ljouwerter Earstejiers Yntroduksjeperioade (LEIP) plak, wêrby't nije studinten mei de stêd en it studintelibben yn 'e kunde brocht wurde.

It Frysk StrjitFestival wurdt alle jierren op ferskate plakken yn 'e Ljouwerter binnenstêd holden. Dat feest stiet yn it ramt fan keunst en muzyk. Sûnt 2018 makket de boateparade Pride Ljouwert der ek diel fan út. It Aldehoustertsjerkhôf wurdt ien kear yn it jier brûkt foar it dûnsfestival Dancetour. Freeze wie in muzykfestival dat fan 1997 oant 2018 elts jier yn desimber yn Ljouwert organisearre waard, oant en mei 2015 yn Stedsskouboarch De Harmony en dêrnei yn muzyksintrum Neushoorn. Into the Grave is in oar muzykfestival, dat yn 2011 foar it earst holden waard op it Aldehoustertsjerkhôf, en dat him taleit op hardrockmuzyk. Oare muzykfestivals wurde simmerdeis yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer holden, wêrûnder Promised Land, Welcome to the Village en Psy-Fi.

Ljouwert Kulinêr is in ytfeest, organisearre troch de pleatslike serviceclub Lions Ljouwert '80, wêrby't de opbringst nei in goed doel giet. De Blomkemerk wurdt altyd op Himelfeartsdei holden. Noorderlicht is in fotomanifestaasje dy't it iene jier yn Grins en it oare jier yn Ljouwert holden wurdt. Elk jier kriget it evenemint in oar tema. As it evenemint yn Ljouwert holden wurdt stiet it tema yn it ramt fan de net-westerske fotografy. It festival waard yn it jier 2000 foar it earst holden yn Ljouwert, de Stichting Noorderlicht nimt de organisaasje op 'e noed.

Bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljouwert hat 575 ryksmonuminten, ferskillende beskerme stedsgesichten, en 375 byldbepalende panden. De âldste monuminten datearje út de 13e iuw, wêrûnder de Grutte of Jakobinertskerke (kleastertsjerke fan de Dominikanen) en de parochytsjerke fan Swichum (wijd oan de hillige Nicolaas en Katarina). It jongste monumint is it Burmaniakamp út 1940, it Dútske manskipsferbliuw tsjinoer de fleanbasis.

Eardere Kânselarij út 1566.

Yn 1566 waard mei de bou fan de Kânselarij fan Ljouwert begûn. Yn de 1571 wie de Kânselarij klear en waard brûkt troch it Hof fan Fryslân. Oant 1811 waard yn de Kânselarij rjocht sprutsen.

De Waach oan de Nijstêd wie it âlde sintrum fan de hannel, dêr't de minsken hannelen, woegen en metten. De hjoeddeistige waach is om 1590 hinne boud. Yn 1880 ferlear de waach oan de Nijstêd syn funksje, yn dat jier ferhuze de waach nei it nije Beurs en waachgebou. It nije Beurs en waachgebou oan de Sudergrêft/Wurdumerdyk is yn boud yn 'e neoklassisistyske styl. Sûnt de jierren 80 út de 20e iuw sit yn dat gebou de Iepenbiere Bibleteek. Yn it âlde waachgebou oan de Nijstêd sit in lunchroom mei in terras dat simmerdeis iepen is.

De Aldehou is in toer sûnder tsjerke yn it noardwesten fan it sintrum. Yn maaie 1529 joegen it Ljouwerter stedsbestjoer en de tsjerkfâden opdracht ta de bou fan de toer dy't 120 meter heech wurde moast. De toer begûn al nei it noardwesten te fersakjen doe't er noch mar tsien meter heech wie. De Aldehou is dochs sa'n 40 meter heech wurden en is in symboal foar de stêd Ljouwert. De Aldehou hinget hjoed de dei 1,68 meter yn noardwestlike rjochting út it lead.

De Sint-Bonifatiustsjerke is ien fan de belangrykste neogoatyske bouwurken fan Fryslân. De tsjerke waard tusken 1882 en 1884 boud en wie oant de bou fan de Achmeatoer it heechste bouwurk fan de stêd. Doe't de tsjerke op 'e nij boud waard bestie der in kâns dat Ljouwert biskopssit wurde soe; mei it each dêrop waard der in biskoplik paleis by de tsjerke boud. Doe't de biskopssit nei Grins gie waard dit paleis ynrjochte as sikehûs.

It Paleis fan Justysje oan de kop fan it Wilhelminaplein is lykas it nije beurs en waachgebou in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Adrianus Romein. It Paleis fan Justysje oan de westside fan it Wilhelminaplein is ien fan de twa lokaasjes yn Ljouwert dêr’t rjocht sprutsen wurdt. It oare rjochtsgebou is it Hofkertier út 1994 fan arsjitekt Abe Bonnema oan de súdside fan it Saailân.

It Stasjon Ljouwert is it wichtichste treinstasjon fan de stêd. It stasjon fan Ljouwert is boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. Yn 1863 waard it stasjon iepene mei in spoar fan Ljouwert nei Harns. Yn 1866 waard dat spoar nei Grins ta útwreide.

It 35 meter hege Crystalic Business Center yn it westen fan de stêd is in foarbyld fan moderne boukeunst.

It Stedhûs fan Ljouwert is it stedhûs oan it Riedhûsplein. De earste stien waard lein op 1 april 1715. It klassisistyske trijelaachs gebou hat in foargevel mei 27 ramen. Yn 1760 waard oan de efterside in nije riedseal boud. Yn 1914 waard yn de achtkante lantearne in beiaard setten.

It provinsjehûs fan Fryslân is de sit fan it provinsjaal bestjoer fan Fryslân oan de Twibaksmerk. It gebou is út de 16e iuw, foar 1578 wie it earst de wenning fan de abt fan Burgum en doe fan de biskop fan Ljouwert. Yn 1580 waard it de sit fan Deputearre Steaten fan Fryslân. De Provinsjale Steaten hienen earder harren gearkomsten yn it no ferdwûne Lânskipshûs. Sûnttiids is it gebou meardere kearen ferboud, yn maart 2009 is begûn mei de jongste ferbouwing en útwreiding. De foarnaamste romte yn it provinsjehûs is sûnder mis de troch Van Lokhorst ûntwurpen Steateseal út 1891-1894. De neogoatyske seal is 15 by 10 meter grut en rom 8 meter heech. De romte wurdt ferljochte troch mei-inoar tolve spitse finsters heech yn de beide lange wanden.

De Blokhûspoarte is in âld gebou yn Ljouwert dat fral bekend stie as it Hûs fan Bewarring. It is boud om 1500 hinne en stiet op de súdeastlike hoeke fan de âlde binnenstêd. It hat troch de iuwen in soad oanpassings en útwreidings ûndergien en wie sûnt 1580 in finzenis.

It Stedsweeshûs is omboud ta Frysk Natuermuseum.

In foarbyld fan moderne arsjitektuer is it Postbank-gebou fan arsjitekt Abe Bonnema. De top fan it gebou wurdt sierd troch in grut keunstwurk fan Marte Röling. In oar ûntwerp fan Abe Bonnema wie de 114 meter hege Achmeatoer. De toer helle in pear kear it nijs troch spontaan fallende gevelplaten. Doe't de Achmeatoer yn 2001 klear wie, wie de toer it heechste bouwurk fan Ljouwert. Dêrfoar wie de Bonifatiustsjerke it heechste bouwurk fan de stêd. It business center Crystalic yn it westen fan de stêd by it begjin fan de A31 is ûntworpen troch arsjitekt Gunnar Daan en ward yn 2002 oplevere.

Monumintale bouwurken fan Ljouwert
Grote of Jacobijner kerk te Leeuwarden.jpg
Grote of Jacobijner kerk te Leeuwarden.jpg
Grote of Jacobijner kerk te Leeuwarden.jpg 
Bibliotheek Leeuwarden 03.JPG
Bibliotheek Leeuwarden 03.JPG
Bibliotheek Leeuwarden 03.JPG 
WLM - mringenoldus - Blokhuispoort (4).jpg
WLM - mringenoldus - Blokhuispoort (4).jpg
WLM - mringenoldus - Blokhuispoort (4).jpg 
Boshuisen Gasthuis.jpg
Boshuisen Gasthuis.jpg
Boshuisen Gasthuis.jpg 
WLM - mringenoldus - Gabbemagasthuis (8).jpg
WLM - mringenoldus - Gabbemagasthuis (8).jpg
WLM - mringenoldus - Gabbemagasthuis (8).jpg 
Paleis van Justitie Leeuwarden 01.JPG
Paleis van Justitie Leeuwarden 01.JPG
Paleis van Justitie Leeuwarden 01.JPG 

Musea & teater[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk Museum

Op it mêd fan musea, teater en film is Ljouwert in plak mei betsjutting foar stêd en omkriten.

It Frysk Museum is in museum foar keunst en skiednis. Ien fan de topstikken fan it museum is de grutte fibula fan Winaam. It Fersetsmuseum Fryslân sit by it Frysk Museum yn. Yn 2013 waard it Frysk Museum oan it Saailân (Het Wilhelminaplein) iepene. It Pier Pander Museum is it museum foar de artistyke neilittenskip fan de Fryske byldhouwer Pier Pander (1864-1919). It museum waard oprjochte yn 1954 en is fêstige yn de Ljouwerter Prinsetún. Tresoar is it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum en is fêstige tusken de Ljouwerter Prinsetún en de Aldehou. Tresoar hat in grutte wittenskiplike bibleteek, in grut argyf fan allegear dokuminten en boeken dy't ferbân hâlde mei Fryslân en mei de Fryske literatuer. By Tresoar wurde ferskate Aldfryske dokuminten en boeken bewarre lykas it Freeska Landriucht.

Prinsessehôf

It Princessehof Ljouwert is in keramykmuseum. It hearehûs oan de Grutte Tsjerkestrjitte, dêr't it museum húsmannet, is boud yn 1693 en bestiet foar in part út resten fan de eardere Papingastins. It Natoermuseum Fryslân hat hast 150.000 foarwerpen dy't te krijen hawwe mei bisten en planten yn Fryslân. It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) is it sintrum foar ynformaasje en aktiviteiten oer de skiednis fan de gemeenten Ljouwert en Ljouwerteradiel. It is yn 2001 ûntstien út it eardere Gemeenteargyf Ljouwert en is it âldste stedsargyf fan Nederlân (sûnt 1838). It Frysk Film Argyf hat as doel it Fryske ferline, yn de foarm fan audiofisuële middels te bewarjen. De kolleksje omfiemet mear as 1.500 films en fideo's.

De Harmony is de stêdsskouboarch mei trije teatersealen. Yn de grutste teaterseal is plak foar maksimaal tûzen minsken. Poppoadium Romein waard yn septimber 2006 oprjochte en hat him ûntjûn as it poppoadium fan de stêd. It gebou stiet oan de Bagijnestrjitte, tichtby it Hofplein. It Sintrum foar Film yn Fryslân is in organisaasje dy't him dwaande hâldt mei eksploitaasje fan de filmhuzen yn Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits, it Frysk Film Argyf en it Noardlik Film Festival. Der binne twa biskopen; Tivoly en Cinema.

Yn 1963 waard der in nije feemerkhal boud dy't De Fryslânhal hiet. Yn de rin fan de jierren kamen der hieltiten mear foarsjennings by. Nei in brân yn 1996, waard der in nij en grutter gebou delset. Sa ûntstie it FEC (Frisian Expo Center), tsjintwurdich WTC Expo Ljouwert neamd. It WTC Expo Ljouwert is in multyfunksjoneel gebou mei beurzen, eveneminten, in feemerkhal, in iishokkybaan, kongressen en in kasino.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stadion fan SC Cambuur

Yn Ljouwert is in grut ferskaat oan sportfasaliteiten. De prof-fuotbalklup fan Ljouwert, Cambuur Ljouwert, spilet yn it Cambuurstadion. It stadion hat in kapasiteit fan 10.000 sitplakken dy't allegear oerdekt binne. Yn 1936 waard it stadion iepene en is folslein renovearre yn 1995 en yn 1999.

It Kealledykje is in sportkompleks mei in swimbad en twa hallen. De hallen wurde ûnder oaren brûkt foar basketbal- en kuorbalwedstriden. In oar (subtropysk) swimbad yn de stêd is De Blauwe Golf. Sporthal Bilgaard en sporthal Nijlân binne de twa âldste hallen fan de gemeente Ljouwert.[56] It Wiarda Kompleks hat fjouwer fuotbalfjilden mei keunstgers. It kompleks wurdt troch twa ferskillende fuotbalferienings brûkt. Oare sporthallen yn de stêd binne De Greuns en de sporthal fan it Fryslân Kolleezje. De Maraton fan Ljouwert wurdt ien kear yn 't jier hâlden. Ljouwert is it begjinpunt fan de Alvestêdetocht.

De iishal by it WTC Expo Ljouwert hat in 333 meter baan. Der binne plannen om in baan fan 400 meter oan te lizzen.[57]

Parken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Prinsetún is in park oan de noardkant fan de binnenstêd fan Louwert. De omjouwing fan dit stedspark foarmet it haaddekôr fan De koperen tún, de roman fan Simon Vestdijk wêr't ek ik etablissemint yn dit park nei neamd is. It Rengerspark is in park oan de Spanjertsleane dat neamd is nei Baron Rengers. It Alde Stedsbegraafplak grinzet oan it park dat yn april 1906 yn gebrûk nommen is. It Abbingapark leit noardlik fan de wyk Aldlân tsjin Huzum-doarp oan en waard yn 1979 offisjeel iepene. It is neamd nei de Abbinga State, dy’t nei alle gedachten fan de 14e oant de 19e iuw east fan it besteande park stie. It Julianapark leit yn Huzum-West tsjin de ringwei oan. De Froskepôle mei de Froskepôlemûne lizze súdeastlik fan de stêd. Oare parken yn Ljouwert binne it Westerpark of Foksepark en it Dr. Zamenhofpark. Rekreaasjegebieten oan de stedsrâne binne de Ljouwerter Bosk oan de noardkant fan de stêd en De Griene Stjer oan de noardeastkant. De Griene Stjer is in rekreaasjegebiet mei natuer, in kemping, in strân en in nudistestrân.

Ferneamde Ljouwerters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mata Hari
Pieter Jelles Troelstra

De politikus Rombertus van Uylenburgh (sa likernôch 1554-1624) wie yn syn libben boargemaster fan Ljouwert en de heit fan Saskia fan Uylenburgh (1612-1642), frou fan Rembrandt. Willem IV fan Oranje-Nassau (1711-1751), wie de earste erfsteedhâlder fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Yn de Fryske letteren, mar foaral op it politike mêd makke de sosjalist Pieter Jelles Troelstra (1860-1930) him fertsjinstlik. Mata Hari (Margaretha Geertruida Zelle) (1876-1917) wie in fan spionaazje fertochte dûnseres en courtisane en is ynternasjonaal faaks de meast ferneamde dochter fan de stêd. Johan Willem Albarda (1877-1957), wie in sosjalistysk politikus. Foar de SDAP wied er û.o. Twadde Keamerlid, fraksjefoarsitter en minister fan Wettersteat.

Obbe Philips (1533-1568) wie ien fan de earste foaroanmannen fan de Anabaptisten of werdopers. Ype Schaaf (1930-2003) hat him fertsjintlik makke as predikant, sjoernalist en skriuwer en is foaral bekend wurden as sindingspredikant.

De botanikus en bûtengewoan heechlearaar Willem Suringar (1832-1898) is mei syn botanyske ûndersiken, wêrûnder yn West-Yndië, bekend wurden. De skiekundige Cornelis Adriaan Lobry van Troostenburg de Bruyn (1857-1904) is ynternasjonaal bekend wurden mei syn wittenskiplike wurk op it mêd fan gemy. Bernard Slicher van Bath (1910-2004) is lânbouhistoarikus dy't yn 1974 de Prijs voor Meesterschap krige foar syn wurk.

Alexander Cohen (1864-1961) wie in sjoernalist, anargist en skriuwer dy't bekend wurden is om syn provokative skriuwerswurk en mislediging tsjin de keninginne dêr't er in healjier foar sitten hat. De sjonger en sjoernalist Max Blokzijl (1884-1946) wie yn de besettingstiid 1940-1945 in kollaborateur en wie nei de befrijing de earste kollaborateur dy't fusillearre waard. Wilfred Genee (1967) is in telefyzjepresentator en sportsjoernalist dy't ferskate telefyzjebedriuwen wurke hat.

Hans Vredeman de Vries (1527-1609 ) wie in ynternasjonaal arsjitekt, festingboudeskundige, keunstteoretikus, planolooch (avant la lettre), tekener en skilder. De skilder Wybrand de Geest (1592-1661) wie spesjalisearre yn it meitsjen fan portretten en wurke ûnder oaren yn opdracht fan it Fryske steedhâlderlik hôf. Abraham Lambertsz. van den Tempel (1622-1672) wie in suksesfol keunstskilder fan potretten, allegoariyen en bibelske foarstellings. Wigerus Vitringa (1657-1725) wie nei syn stúdzje advokaat fan it Hof fan Fryslân en is as keunstskilder ferneamd om syn skilderijen fan haven- en seesichten. Onno Zwier van Haren (1713-1779) wie in Frysk politikus en hat him foaral as (toaniel)skriuwer en dichter fertsjinstlik makke. Johan Joeke Gabriël van Wicheren (1808-1897) wie portretskilder dy't ûnder oaren potretskilderingen makke foar it Nederlânske keningshûs. De stedsarsjitekt Thomas Adrianus Romein (1811- 1881) hat ferskate bouwurken yn Ljouwert ûntworpen lykas it Beurs- en waachgebou en it Paleis fan Justysje. François Haverschmidt wie in dichter en dûmny dy't mei syn skriuwwurk ferneamd waard ûnder de namme Piet Paaltjens. Willem Cornelis de Groot (1853-1939) wie in Frysk arsjitekt dy't yn opdracht fan Wenningbouferiening Ljouwert oan it begjin fan de 20e iuw trije buerten yn Ljouwert ûntwurpen hat. De heechlearaar Johannes Hendricus Jurres (1875–1946) wie in romantysk keunstskilder. Nei de autodidaktysk keunstskilder Gerrit Benner (1897-1981) hat de Provinsjale Steaten fan Fryslân in twajierlikse priis ferneamd. Maurits Cornelis Escher (1898-1972) is neffens alle wierskyn de meast bekende Ljouwerter keunstner. Escher waard wiid ferneamd om syn houtsnij- en litografysk wurk en dan benammen om de ûntwerpen mei ûnmooglike konstruksjes, skynber ûneinige patroanen en fan foarm feroarjende yn inoar passende geometryske patroanen. J. Slauerhoff (1898-1936) wie in wichtich dichter en romanskriuwer fan it ynterbellum. Havank (Hendrikus Frederikus van der Kallen) (1904-1964), skriuwer fan populêre misdieromans. Pieter Terpstra (1919-2006) wurke as sjoernalist foar ferskate kranten en is ferneamd wurden as tige produktyf skriuwer. Piter Wilkens (1959) is sjonger en lietjeskriuwer en is ien fan de meast súksesfolle artysten yn de Fryske Top 100. De aktrise Tjitske Reidinga (1972) en de kabaretier en kollumnist Jan Jaap van der Wal (1979) sawol op de telefyzje as yn it teater bekend wurden, dêr't se beide tige produktyf binne.

De fuotballer Theo de Jong (1945) spile ferskate kearen foar it Nederlânsk alvetal en wûn mei Feyenoord yn 1974 de UEFA Cup. Dammer Harm Wiersma (1953) is ferskate kearen wrâldkampioen damjen wurden en hat ferskillende boeken oer it damjen skreaun. De eardere fuotballer Foeke Booy (1962) wûn mei de Belgyske fuotbalklup 'Club Brugge' twa kear it Belgyske lânskampioenskip en ien kear de beker. De bokser Lolle van Houten (1944) wie yn 1965 en 1970 kampioen swiergewicht fan Nederlân, 12 kear kampioen fan it Noarden en wûn de twadde priis yn it Achtjinlannentoernoai 1970. De proffuotballer Rienk Onsman (1943-2011) hat yn 10 seizoenen 200 wedstriden foar Cambuur spile.

Thomas Peters (1745-1857) is neffens ferskate boarnen de earste persoan yn 'e wrâld dy't âlder wurden wie as 110 jier.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • R. Kunst, G. Jensma, P.Th. Kok, Y. Kuipers, M. Schoor, H. Spanninga, R. van der Woude. (1999) "Leeuwarden 750-2000 Hoofdstad van Friesland" Utjouwerij van Wijnen Frjentsjer (2000), ISBN 978-90-5194-173-9
  • Sef Passage en Leendert Plaisier, Leeuwarden in de Schaduw van Havank (en andersom...). Leeuwarden: Stifting Utjouwerij Perio/Stifting Mateor, 1995.
Sicht op de binnenstêd fan Ljouwert út de observaasjeromte op de 26ste ferdjipping fan de Achmeatoer wei (2013)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Ljouwert – foto, fideo en harktriemmen
Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Ljouwert – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
  2. Webside KNMI oer it waarstasjon Ljouwert
  3. Gemiddelde hoogte in N.A.P. van de belangrijkste gemeenten fan allesopeenrij.nl
  4. Gemeentegids Ljouwert 2010/11, side 19 (18.950 hbû-studinten en 10.678 mbû-studinten)
  5. Sakjen fan de boaiem yn Fryslân side 2
  6. Geologyske kaart fan Nederlân
  7. Sicht op Fryslân
  8. Webside KNMI oer it waarstasjon Ljouwert
  9. Gemiddelde hoogte in N.A.P. van de belangrijkste gemeenten fan allesopeenrij.nl
  10. Overzicht Investering Stedelijke Vernieuwing op de webside fan de gemeente Ljouwert
  11. Aktuele wrâldkaart neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen, sjoen op 9 septimber 2012.
  12. Sinnekaart Nederlân
  13. Aktueel oersjoch fan automatyske waarstasjons Nederlân
  14. KNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000
  15. KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000
  16. Skiednis fan Ljouwert op bertsgeschiedenissite.nl Nederlânsk
  17. Hof fan Fryslân op inghist.nl
  18. Fryslân, staat en macht (1450-1650)
  19. Kanon fan de Fryske Skiednis De Nassau's yn Fryslân
  20. Kanon fan de Fryske Skiednis Fan republyk nei ienheidssteat
  21. Fryslân yn beroering kanon fan de Fryske skiednis
  22. Emmakade op de webside fan groetenuitleeuwarden.nl
  23. Ljouwert op jhm.nl
  24. 24,0 24,1 Net-westerske bûtenlanners fan de webside zorgatlas.nl
  25. Sjoch de list fan grutste Nederlânske gemeenten yn de Nederlânske Wikipedia
  26. buurtmonitor
  27. Folder gemeente Ljouwert
  28. Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008
  29. Tresoar histoaryske ynwennertallen Fryske gemeente
  30. Wykatlas Ljouwert Befolking yn sifers, side 7
  31. Religie; naar regio; 2000/2002 of 2003 op de webside fan it CBS
  32. kerkelijkburo.nl De webside fan de Protestantske Gemeente Ljouwert, sjoch by wijkgemeenten
  33. kerknieuws.nl PKN Leeuwarden stoot helft kerken af
  34. Omrop Fryslân Fjouwer tsjerken ticht
  35. Frysk Deiblêd Kerk waar jonkheer Möller het geld voor bijeen kreeg
  36. reliwiki.nl Betheltsjerke
  37. Frysk Deiblêd Het katholieke geloof mag gezien worden
  38. dgleeuwarden.org Vermaning
  39. fds.doopsgezind.nl Geschiedenis
  40. gkvmorgenster.nl Terugblik nieuwbouw
  41. remonstrantenleeuwarden.nl
  42. parkkerk.nl geschiedenis
  43. Ljouwert op jhm.nl
  44. Wapen en flagge op de webside fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert
  45. Gemeentegids Ljouwert 2010/11, side 19
  46. Sifers CBS
  47. Vier aandachtswijken Leeuwarden krijgen elk 55.000 euro uit pot Wijkidee 2011 op halloleeuwarden.nl
  48. 48,0 48,1 48,2 48,3 48,4 Ekonomyske feiten en sifers in útjefte fan de gemeente Ljouwert (PDF-triem)
  49. Gemeentegids Ljouwert 2010/11, side 19
  50. Webside informatie.binnenvaart.nl: Containerterminal MCS Leewarden operationeel
  51. Webside innovatiespotter.nl: Nieuwe containerhaven floreert door melkpoeder
  52. marketingleeuwarden.nl
  53. Hofstêd
  54. hofstad-leeuwarden.nl Bezienswaardigheden
  55. Gemeentelike webside: Stadsmarketin deelplan, vrije tijd 2012-2014 side 4
  56. Sporte yn Ljouwert kompleksen en hallen
  57. Ljouwert wol iisbaan fan 400m op omropfryslan.nl


 
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark
 
Plakken yn de gemeente Ljouwert
Flagge fan de gemeente Ljouwert
Stêd: Ljouwert

Doarpen en útbuorrens: Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum

Buorskippen: AbbenwierAldskou (foar in part) • AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part) • SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens