Springe nei ynhâld

Bonkefeart

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bonke (feart))
De Bonkfeart
De Finishboog

De Bonkefeart of de Bonke is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart foarmet de earste ferbining benoarden de stêd fan it Alddeel mei de Dokkumer Ie. De Bonkefeart rint east-west, krekt noardlik fan de Grinzer Strjitwei, likernôch fan de Hegebrêge oant Snakkerbuorren. Oan de oare kant fan de Dokkumer Ie, rint de Taniamear fierder nei it westen.

De Bonkefeart lei oarspronklik yn Ljouwerteradiel, mar yn de rin fan ferskate gemeentlike weryndielings is er earst de grins tusken de gemeenten, en letter part fan Ljouwert wurden. De Bonke is no fral ferneamd om't de Alvestêdetocht dêr einiget, en fan it ferske Bonkefeart fan Anneke Douma.

Yn 2009 hat de gemeente Ljouwert nei oanlieding fan lûden fan bewenners fan 'e Vrijheidswijk oan 'e Bonke in wetterpjutteboartersplak, in fuotbalfjild en in doarpsgreide foar de buordoarpen ynrjochte, ûnder de projektnamme Oer de Bonke. Dit strân, yn 'e folksmûle de Bonkebeach neamd, kin op in grutte populêrens ûnder de jongerein en de bewenners fan 'e njonkenlizzende studinteflats rekkenje.

Op 28 novimber 2019 waard in nij ljochtkeunstwurk oer de Bonkefeart ûntbleate: De Finishboog. It keunstwurk is in idee en ûntwerp fan keunstnersduo Tijdmakers, dat bestiet út Saskia Hoogendoorn & Lieuwe Martijn Wijnands. Tijdmakers liet him foar har idee & ûntwerp ynspirearje troch de ikoanyske foarm fan it Alvestêdekrúske: de bôge foarmet de boppekant fan it krúske en de wjerspegeling de ûnderside. Troch yntegrearre blau LED-ljocht, in dei en nacht werkenber symboal. In oantinken foar wa ’t de tocht der tochten ea riden hat, in langstme foar wa't útsjocht nei de folgjende Alvestêdetocht. De stielen blau ferljochte bôge is 17,17 meter breed en 12,15 meter heech.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

{{{boarnefermelding}}}

  1. Mytysk symboal as finish Alvestêdetocht: krúske oer de Bonkefeart, Omrop Fryslân, 29 novimber 2019