Springe nei ynhâld

Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
Alvestêdetocht
Rûte fan 'e Alvestêdetocht.
Rûte fan 'e Alvestêdetocht.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
tiid fan it jier winter
bysûnderheden
soarte evenemint toertocht (reedriden)
bestean fan 1909 ôf
oprjochter Pim Mulier
org. troch Keninklike Feriening
   De Fryske Alve Stêden
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

De Alvestêdetocht is in reedriderstocht fan justjes minder as 200 km oer natoeriis by de alve stêden fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân lâns. Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân, is fan âlds it start- en finishplak. De tocht wurdt eltse winter, ynsafier't de tastân fan it iis dat talit, maksimaal ien kear organisearre troch de Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. De earste offisjele Alvestêdetocht waard yn 1909 ferriden, hoewol't soks ek foar dy tiid wol op ûnoffisjele wize dien waard. Sûnt 1909 hat de tocht noch mar 15 kear holden wurde kinnen. Omreden fan syn lange ôfstân en syn seldsumens wurdt de Alvestêdetocht ek wol de 'Tocht der Tochten' neamd.

De Alvestêdetocht liedt de dielnimmers by de alve Fryske plakken lâns dy't histoarysk stedsrjochten krigen hawwe. Hoewol't Drachten en It Hearrenfean folle grutter binne as guon fan 'e 'stêden', telle sy op dit mêd net mei om't oan har nea stedsrjochten taparte binne, ek al wurde se yn 'e moderne kontekst faak wol 'stêden' neamd. Dat komt om't Drachten en It Hearrenfean pas yn 'e njoggentjinde en fral de tweintichste iuw har hjoeddeistige omfang en dêrmei wichtigens berikt hawwe.

De rûte fan 'e Alvestêdetocht fiert behalven by de histoaryske stêden fan Fryslân ek by in protte doarpen lâns, mar dat komt om't dy tafallich oan it trajekt lizze, en is fierder net fan belang. De rûte kin wat dat oangiet dan ek sûnder folle swierrichheden ferlein wurde. Om in foarbyld te jaan: de Alvestêdetocht docht altyd Balk oan, yn Gaasterlân, mar doe't yn 2012 it rivierke De Luts by Balk mar net tichtfrieze woe, waarden der plannen makke om 'e rûte tusken Sleat en Starum te ferlizzen oer De Fluezen, sadat men Balk (letterlik) links lizze litte soe. Dêr wiene de Balksters fansels net bliid mei, mar foar de Alvestêdetocht as gehiel makke it gjin ferskil. Uteinlik gie de tocht yn 2012 lykwols oer en barde dit sadwaande net.

De rûte fan 'e Alvestêdetocht begjint op De Swette yn Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân, en liedt dêrwei oer Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum, om dêrwei wer werom te kearen yn Ljouwert, dêr't op 'e Bonke de einstreek leit. De ôfstannen binne sa:

stêd km ôflein
Ljouwert 0
Snits 22
Drylts 26
Sleat 40
Starum 66
Hylpen 77
Warkum 86
Boalsert 99
Harns 116
Frjentsjer 129
Dokkum 174
Ljouwert 199

Himelsbreed is de ôfstân fan stêd nei stêd mar 155 km. Dokkum leit in hiel ein út 'e reek; as men dy stêd oerslaan soe, wie de Alvestêdetocht teminsten 50 km koarter.

It Alvestêdemonumint op 'e Kanterlânsbrêge oer De Moark by Gytsjerk.

De rûte fan 'e Alvestêdetocht rint troch it noarden en westen fan Fryslân, mar docht it súdeasten (de earme sân- en feangebieten, dêr't histoarysk gjin stêden leine) net oan. Yn 'e Súdwesthoeke lizze de stêden relatyf deun byinoar, mar yn it noarden fan 'e provinsje is dat net it gefal. It lange stik fan Frjentsjer nei Dokkum, dat komt as de riders al wurch begjinne te wurden, wurdt dêrom ek wol de 'Hel fan it Noarden' neamd. Der binne twa stikken dêr't de riders in ein hinne en werom oer itselde wetter moatte: in lyts stikje fan 'e Sleattemer Mar oer De Ie nei Sleat en werom, en in folle langer ein fan Bartlehiem oer de Dokkumer Ie nei Dokkum en werom.

Dat de rûte mei de wizers fan 'e klok mei riden wurdt (mei de start op De Swette en de finish op 'e Bonke) hat net altyd sa west: fan 1909 oant en mei 1929 en yn 1941 waard de rûte oarsom ôflein. It beswier dêrtsjin wie fral dat de riders dan moarns ier yn it tsjuster hinne en wer moasten oer de Dokkumer Ie, wat ta botsings late tusken riders dy't yn tsjinstelde rjochtings giene.

Grutte tarin op 'e ynskriuwing foar de Fjirtjinde Alvestêdetocht yn 1986.

De Alvestêdetocht wurdt eltse winter, alteast ynsafier't it dan friest, taret troch it bestjoer fan 'e Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden yn gearspraak mei 22 rayonhaden. Dy rayonhaden binne elts yn har eigen rayon ferantwurdlik foar it yn 'e gaten hâlden fan 'e tsjûkens fan it natoeriis. Har befinings jouwe se troch oan it bestjoer, dat op basis dêrfan beslist oft der in Alvestêdetocht útskreaun wurde moat, en sa ja, oft dy trochgean moat of letter dochs noch ôflast wurde moat.

Om op feilige wize in Alvestêdetocht hâlde te kinnen, moat de iistsjûkens oer frijwol de hiele Alvestêderûte minimaal 15 sm bedrage. Foarôfgeande oan 'e tocht kinne lytseftige wjekken opfolle wurde mei iisskotsen dy't op oare plakken (bûten de rûte) 'rispe' binne; soks wurdt in iistransplantaasje neamd. Op plakken dêr't omreden fan in lege brêge, in dearinnend wetter, in grut wjek of tige tin of min iis net riden wurde kin, is it mooglik om foarsjennings oan te lizzen om in stik te klúnjen (op redens te rinnen). Men kin dan tinke oan in rinpaad fan âlde flierbedekking of oar tapytwurk (sadat de redens net stomp wurde of skansearre reitsje) en mooglik in opstapke om fan en in ôfstapke om wer op it iis te kommen. Der binne lykwols grinzen oan 'e ôfstannen dy't klune wurde kinne.

De Alvestêderider, in stân-byld by it FEC oan 'e Heliconwei yn Ljouwert, mei in fuotstik dêr't de nammen fan alle winners fan 'e Alvestêdetocht yn gra-vearre steane.

Oan 'e Alvestêdetocht kin men inkeld dielnimme as men lid is fan 'e Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. Dan noch is it net mooglik foar alle leden fan dy organisaasje om oan ien en deselde Alvestêdetocht mei te dwaan, mei't der beheinings binne oan hoefolle minsken op ien dei feilich oer in beskaat iistrajekt hinne gean kinne. Dêrom is der sprake fan in systeem fan útlotting. De dielnimmers binne fierders ferdield oer in lytsere groep wedstrydriders, dy't bestiet út profesjonele of semy-profesjonele maratonriders, en in folle gruttere kloft toerriders. De wedstrydriders besykje sa fluch mooglik fan 'e start nei de finish te kommen en sette dêrom it earste ôf. De toerriders besykje miskien ek wol om sa hurd mooglik de hiele rûte ôf te lizzen, mar dat hoecht net, want by harren hat de Alvestêdetocht gjin kompetatyf elemint. Oan 'e Fyftjinde Alvestêdetocht fan 1997, dy't anno 2021 ek de lêste wie, diene 301 wedstrydriders mei en 16.387 toerriders.

By de Alvestêdetocht giet it derom dat de dielnimmers by alle alve Fryske stêden lâns komme en letter ek bewize kinne dat se dat dien hawwe. Dêrta krije alle dielnimmers by harren ynskriuwing fan 'e organisaasje in stimpelkaart útrikt, dy't se yn 'e alve stêden by offisjele stimpelposten troch frijwilligers fan 'e Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden mei de hân ôfstimpelje litte moatte. Boppedat binne der ek noch trije geheime kontrôleposten, dy't op net yn 't foar bekend makke plakken op 'e rûte tusken de stêden yn opsteld steane. Dêr wurdt mei in spesjale tange in gatsje yn 'e stimpelkaart knipt. Der wurdt gebrûk makke fan geheime kontrôleposten om foar te kommen dat guon slûchslimme dielnimmers bûten de stêden om in diel fan 'e tocht mei de auto of in oare net tastien ferfiermiddel ôflizze soene.

De Earste Alvestêdetocht yn Ljouwert. Yn 'e midden, 5e fan lofts mei burdsje, de winner Minne Hoekstra, lofts fan him Gerlof van der Leij, de twadde-priiswinner út Marrum, rjochts sjoernalist jhr. Jan Feith.

Nei oankomst by de finish yn Ljouwert wurdt troch funksjonarissen fan 'e organisaasje kontrolearre oft in dielnimmer wol alle stimpels op en knippen yn 'e kaart hat. Is dat it gefal en is de dielnimmer foar midsnacht oer de finish kommen, dan kriget hy of sy it fel begearde Alvestêdekrúske, in opspjeldbere ûnderskieding dy't ûntwurpen is troch Pim Mulier. De earste alve oankommen manlike dielnimmers èn de earste alve oankommen froulike dielnimmers krije dêropta in medalje. De winner fan 'e Alvestêdetocht by de manlju kriget ek in sulveren skûtel, de Pim Mulier-wikselpriis. De winner by de froulju kriget twa wikselprizen: in sulveren bokaal en in sulveren wikselbeker. Beide winners wurde huldige mei in krâns en harren nammen wurde byset yn 'e ynskripsje op it fuotstik fan it stânbyld fan 'e Alvestêderider fan byldhouwer Auke Hettema by it FEC yn Ljouwert. De prizen en huldiging fan 'e winneresse waarden pas ynfierd foar de Fyftjinde Alvestêdetocht fan 1997.

Fan âlds wie yn kâlde winters foar ynwenners fan Fryslân reedriden ien fan 'e effisjintste manearen om fan it iene nei it oare plak te kommen, benammen as ferkear oer de wei behindere waard troch sniefal of glêdens. It is bekend dat der yn foargeande iuwen troch jonge manlju wolris weddenskippen ôfsletten waarden oer de fraach oft it immen slagje koe om op ien dei alle alve stêden oan te dwaan. In lang gedicht fan Boelardus Augustinus van Boelens út 1749 ferwiist bgl. nei sa'n iere alvestêdetocht.

In filmke fan 'e Fyfde Alvestêdetocht yn 1933.

Yn 'e njoggentjinde iuw waard der eltse kear dat de stân fan it iis it taliet wol besocht om sa'n tocht te ferriden. Yn 'e winter fan 1890 op 1891, dy't útsûnderlike strang wie, weage de 25-jierrige Pim Mulier út Haarlim (mar oarspronklik fan Wytmarsum) him der op 2 jannewaris oan. Yn eltse stêd klampte er in ynwenner oan om syn hantekening te setten, sadat er bewiis foar syn prestaasje hawwe soe. Dêrtroch stiet fêst dat Mulier de hiele alvestêdetocht ferried. Dat died er binnen trettjin oeren. Hy kaam der mei yn 'e Ljouwerter Krante en wûn der in beskate bekendheid troch.

Letter kaam Mulier op it idee om in organisearre toertocht te hâlden by de alve stêden lâns. Ein 1908 waard op syn oanstean fia it Nederlânsk Bûn foar Lichaamlike Opfieding (NBLO) en ûnder auspysjes fan it Frysk Iisbûn foar it earst in toertocht útskreaun op in noch neier te bepalen datum. Der waard earst sein dat men oant en mei 5 jannewaris de tiid hie om jin yn te skriuwen, mar doe't it tsjin ein desimber hurd begûn te friezen, waard de finale ynskriuwdatum weromhelle oant 1 jannewaris. Dêrtroch hiene mar 48 minsken har op 'e tiid ynskreaun. Doe't it mei âld en nij hommels begûn te teien, seach de grutste helte fan 'e ynskriuwers fan 'e ûndernimming ôf. Mar 23 minsken (allegear manlju) diene sadwaande op 2 jannewaris 1909 mei oan 'e Earste Alvestêdetocht. Dy waard wûn troch Minne Hoekstra út Warmenhuzen mei in tiid fan 13 oeren en 50 minuten.

In filmke fan 'e Tsiende Alvestêdetocht yn 1954.

Nei de tocht fan 1909 waard troch Mulier, kranteman Mindert Hepkema en guon meistanners de Vereeniging De Friesche Elf Steden oprjochte, dy't by it hûndertjierrich bestean yn 2009 it predikaat Keninklik krije soe. Dy feriening soe tenei de organisaasje fan 'e Alvestêdetocht op him nimme. Yn 1929, doe't op 12 febrewaris de Fjirde Alvestêdetocht ferriden waard, duorre de perioade fan froast sa lang, dat leafhawwers fan lange toertochten goed twa wiken letter, op 28 febrewaris nochris in, sij it ûnoffisjele, edysje organisearren, dy't bekend kommen is te stean as de Tolhúster Alvestêdetocht, nei it kafee It Tolhûs, dêr't start wie.

De winters fan 1939 op 1940, fan 1940 op 1941 en fan 1941 op 1942 wiene tige strang, en dat wie iennichste kear dat der trije jier op rige in Alvestêdetocht holden wurde koe. De Sechsde Alvestêdetocht, op 30 jannewaris 1940, fûn hast persiis in fearnsjier foarôfgeande oan 'e Dútske ynfal yn Nederlân plak. Fiif man (fan it saneamde Pakt fan Dokkum) kamen min ofte mear mei-inoar oer de einstreek en waarden as dielde winners oanwiisd. Nei dielde oerwinnings by de Fyfde Alvestêdetocht fan 1933 en de Sechsde Alvestêdetocht fan 1940 lei it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden dêr it near op, om't men tenei ien winner hawwe woe om it wedstrydelemint te fergrutsjen. Doe't yn 1956, by de Alfde Alvestêdetocht, Jan J. van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Maus Wijnhout en Anton Verhoeven it Pakt fan Froubuorstermole sleaten en hân-yn-hân oer de einstreek kamen, skeinden se dêrmei de nije regel en waarden se diskwalifisearre. Der waard lykwols net in oare winner oanwiisd.

Wedstrydriders Hans Bouma, Jan Kooiman, Rein Jonker en Nanne Semplonius passearje ûnder de Fjirtjinde Alvestêdetocht yn 1986 Bartlehiem ûnderweis nei Dokkum.

De Njoggende Alvestêdetocht fan 1947 kaam benammen bekend te stean om it grutte tal diskwalifikaasjes fan dielnimmers omreden fan falskspyljen. De ienriedigens fan it bestjoer fan 'e Feriening de Fryske Alve Stêden om sokke wantastannen yn it ferfolch foar te kommen, late ta de profesjonalisearring fan 'e Alvestêdetocht as sportbarren. De Tolfde Alvestêdetocht, dy't ferriden waard op 18 jannewaris 1963, kaam bekend te stean as "de Hel fan '63", omreden fan 'e ekstreem lege temperatuer fan –18 °C en in hurde, snijend kâlde eastewyn. Mar 69 persoanen fan in dielnimmersfjild fan 10.000 rieden de tocht út. De winner, Reinier Paping, dy't oan 'e ein fan 'e tocht snieblyn wie en de einstreek net mear sjen koe, waard op slach in nasjonale held. In protte dielnimmers litten oan befriezingsferskynsels, ferwûnings oan 'e eagen en brutsen bonken troch falpartijen. Yn 2009 waard in spylfilm oer dizze edysje fan 'e Alvestêdetocht makke, dy't De Hel van '63 hjit.

Nei 1963 wiene de winters mear as tweintich jier lang net strang genôch om it hâlden fan in Alvestêdetocht ta te litten. Pas yn 1985 waard der op 'e nij in tocht ferriden. Dat wie de Trettjinde Alvestêdetocht, en de earste moderne edysje fan it evenemint. Tsjin 'e 1980-er jierren wie der op sportmêd in protte feroare: de dielnimmers droegen no allegearre spesjale reedriderspakken en der wie termysk ûnderguod om waarm te bliuwen, wylst men jin earder behelpe moatte hie troch kranten ûnder de klean te stopjen, benammen foar it boarst en de búk. Trainingsmetoaden wiene modernisearre en ek de technyk fan 'e redens hie stappen foarút makke, sadat it riden lichter en makliker gie. Winner wie Evert van Benthem, dy't troch syn prestaasje nasjonale bekendheid wûn. Yn 1985 koene froulju foar it earst ek oan 'e wedstryd dielnimme, al wie der noch gjin apart klassemint foar harren; earder hiene froulju inkeld oan 'e toertocht meidwaan kinnen.

Massaal útrûne taskôgers by in brechje yn Hylpen by de Fyftjinde Alvestêdetocht yn 1997.

Om't der mear as tweintich jier lang gjin Alvestêdetocht west hie, kaam de edysje fan 1985 in protte sportleafhawwers suver wat oer it mad. Doe't der it folgjende jiers, 1986, fannijs in Alvestêdetocht holden wurde koe, de fjirtjinde edysje, mûne dat lykwols út yn in reuseftich folksfeest. Hûnderttûzenen taskôgers trotsearren de kjeld om by de rûte lâns de dielnimmers oan te moedigjen. Hotels en oare oernachtingsgelegenheden yn hiel Fryslân sieten smoarfol. Evert van Benthem levere in huzarestikje troch foar de twadde kear in Alvestêdetocht te winnen. Ek kening (doe kroanprins) Willem-Alexander fan 'e Nederlannen naam oan 'e tocht fan 1986 diel, ûnder de skûlnamme W.A. van Buren. Nei 1986 waard pas yn 1997 de Fyftjinde Alvestêdetocht ferriden, dy't wûn waard troch Henk Angenent. Dat jiers ûntstie der opskuor doe't de bekende hurdrider Piet Kleine dochs oanspraak makke op in Alvestêdekrúske, hoewol't er syn dielnimmerskaart yn Hylpen net ôfstimpelje litten hie. De edysje fan 1997 wie de earste dy't in aparte wedstryd foar froulju hie.

Anno 2021 is de Fyftjinde Alvestêdetocht noch altyd de lêste edysje fan 'e Alvestêdetocht; it broeikaseffekt en klimaatferoaring meitsje it almar ûnwierskynliker dat it winterdeis hurd genôch frieze sil om 'e tocht te hâlden. Ein jannewaris, begjin febrewaris 2012 hie Nederlân te krijen mei in perioade fan swiere froast, en der waarden risselwaasjes makke om op sneon 11 febrewaris in nije Alvestêdetocht te hâlden. It iis op 'e rûte wie op grutte stikken foldwaande om dat te dwaan, mar der wiene ferskate grutte gatten yn it trajekt, dêr't it iis mar net genôch oanfrieze woe. Benammen De Luts by Balk kaam datoangeande lanlik yn it nijs. Op 8 febrewaris 2012 makke foarsitter Wiebe Wieling dêrom it beslút fan it bestjoer fan 'e Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden bekend om 'e tocht net trochgean te litten. Dat late ta in protte teloarstelling en lulke reäksjes.

edysje jier dei en datum ôfstân winners
winner (m) wenplak tiid winneresse wenplak tiid
Earste Alvestêdetocht 1909 sneon 2 jannewaris 189 km Minne Hoekstra Warmenhuzen¹ 13:50
Twadde Alvestêdetocht 1912 woansdei 7 febrewaris 189 km Coen de Koning Arnhim 11:40
Trêde Alvestêdetocht 1917 sneon 27 jannewaris 189 km Coen de Koning Arnhim 9:53 Janna van der Weg Ousterhaule ?:??
Fjirde Alvestêdetocht 1929 tiisdei 12 febrewaris 191 km Karst Leemburg Ljouwert 11:09
Tolhúster Alvestêdetocht ² tongersdei 28 febrewaris 199 km Marten van der Kooij
Ype Smid
Hylpen
Hylpen
10:32
Fyfde Alvestêdetocht 1933 sneon 16 desimber 195 km Abe de Vries
Sipke Castelein
Dronryp
Warten
9:53
Sechsde Alvestêdetocht 1940 tiisdei 30 jannewaris 198,5 km Piet Keijzer
Auke Adema
Cor Jongert
Durk van der Duim
Sjouke Westra
De Lier
Frjentsjer
Maarssen
Wergea
Warmenhuzen
11:30 Sjoerdtsje Faber Wergea ?:??
Sânde Alvestêdetocht 1941 tongersdei 6 febrewaris 198,5 km Auke Adema Frjentsjer 9:19 Wopkje Kooistra Wergea 11:09
Achtste Alvestêdetocht 1942 tongersdei 22 jannewaris 198 km Sietze de Groot Weidum 8:44 Antje Schaap Wurdum <9:30
Njoggende Alvestêdetocht 1947 sneon 8 febrewaris 191 km Jan W. van der Hoorn Ter Aar 10:51
Tsiende Alvestêdetocht 1954 woansdei 3 febrewaris 198,5 km Jeen van den Berg Nij Beets 7:35 Sjoerdtsje Faber Wergea ?:??
Alfde Alvestêdetocht 1956 tiisdei 14 febrewaris 190,5 km gjin winner oanwiisd ³
Tolfde Alvestêdetocht 1963 freed 18 jannewaris 196,5 km Reinier Paping Ommen 10:59
Trettjinde Alvestêdetocht 1985 tongersdei 21 febrewaris 196,8 km Evert van Benthem St. Janskleaster 6:47 Lenie van der Hoorn Ter Aar 7:34
Fjirtjinde Alvestêdetocht 1986 woansdei 26 febrewaris 199,3 km Evert van Benthem St. Janskleaster 6:55 Tineke Dijkshoorn Schipluiden 7:55
Fyftjinde Alvestêdetocht 1997 sneon 4 jannewaris 199,6 km Henk Angenent Alfen oan de Ryn 6:49 Klasina Seinstra Sint-Jânsgea 7:49

¹) Wenplak neffens de opjefte fan 'e Ken. Fer. De Fryske Alve Stêden. Oare boarnen jouwe Hoekstra syn berteplak Wergea as wenplak.
²) Om't de winter yn 1929 sa lang oanhold, waard der in twadde, ûnoffisjele Alvestêdetocht organisearre, dy't bekend stiet as de Tolhúster Alvestêdetocht, nei it kafee dêr't start wie.
³) Nei dielde oerwinnings yn 1933 en 1940 lei de organisaasje dêr it near op. Yn 1956, by de Alfde Alvestêdetocht, kamen Jan J. van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Maus Wijnhout en Anton Verhoeven hân-yn-hân oer de einstreek. Hja waarden diskwalifisearre, en de tocht hie dat jiers gjin offisjele winner.

In filmke fan 'e Achtste Alvestêdetocht yn 1942.
In filmke fan 'e Njoggende Alvestêdetocht yn 1947.

Utskreaune mar net trochgiene tochten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de tochten dy't ferriden binne, is de Alvestêdetocht ek in tal kearen wol útskreaun, mar net ferriden:

Oant en mei 2021 is de Alvestêdetocht yn totaal 26 kear offisjeel útskreaun, de earste kears troch it Nederlânsk Bûn foar Lichaamlike Opfieding en de oare 25 kear troch de Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. Fan 'e útskreaune tochten binne 15 ferriden en 11 net.

Oare Alvestêdetochten en sporten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle jierren wurdt der in Alternative Alvestêdetocht foar reedriders organisearre. Dêrfoar wurdt útwykt nei it bûtenlân, mei't it yn Fryslân yn 'e regel net hurd genôch friest. Almeast fynt de Alternative Alvestêdetocht plak op 'e Weißensee, in mar yn 'e Eastenrykske dielsteat Karinsje, mar yn it ferline is de Alternative Alvestêdetocht ek alris yn Finlân organisearre.

De start fan 'e Alvestêdetocht op de Fyts yn 2006.

Njonken de Alvestêdetocht op redens wurdt de tocht yn organisearre ferbân noch op ferskate oare wizen ôflein:

Fierders besocht Olympysk swimkampioen Maarten van der Weijden de rûte fan 'e Alvestêdetocht yn augustus 2018, by de saneamde 11stêdeswimtocht (2018), swimmend ôf te lizzen. It doel dêrfan wie om jild yn te sammeljen foar KWF Kankerbestriding. De earste kear slagge it Van der Weijden net om 'e finish te berikken. Dêrom besocht er it yn juny 2019 nochris, by de 11stêdeswimtocht (2019). Diskear slagge it him om 'e hiele alvestêderûte swimmend ôf te lizzen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht