1963
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1958 | 1959 | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 | 1966 | 1967 | 1968 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1963 MCMLXIII |
Ab urbe condita | 2716 |
Armeenske kalinder | 1412 ԹՎ ՌՆԺԲ |
Etiopyske kalinder | 1955 – 1956 |
Hebriuwske kalinder | 5723 – 5724 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2018 – 2019 |
- Shaka Samvat | 1885 – 1886 |
- Kali Yuga | 5064 – 5065 |
Iraanske kalinder | 1341 – 1342 |
Islamityske kalinder | 1383 – 1383 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4659 – 4660 己寅 – 庚卯 |
1963 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1963.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 18 jannewaris - Reinier Paping út Ommen wint de tige swiere Tolfde Alvestêdetocht yn in tiid fan 10 oeren en 59 minuten.
- 8 febrewaris - By in steatsgreep yn Irak wurdt presidint Abdûl Karim al-Kassem fermoarde. De nije presidint is Abdûl Salim Arif.
- 21 maart - Ljouwert wurdt troffen troch in grutte brân op de Nijstêd. Trije pannen, wêrûnder dat fan de V&D, geane ferlêrn.
- 22 maart - Yn it Feriene Keninkryk ûntstiet trelit as de Profumo-affêre oan it ljocht komt. Minister fan Definsje John Profumo bychtet in bûtenhoulikse relaasje mei de callgirl Christine Keeler op, dy't tagelyk ek omslein hat mei Jevgeni Ivanov, de marine-attasjee fan 'e Sovjet-Uny.
- 5 april - De Nederlânske prinsesse Marijke feroaret har namme yn Christina.
- 1 maaie - Under swiere Amerikaanske druk draacht Nederlân de koloanje Nederlânsk Nij-Guineä (neitiid West-Papoea) oer oan Yndoneezje. Dat bart útdruklik tsjin 'e wil fan 'e lânseigen Papoea-befolking fan it gebiet.
- 11 maaie - Yn 'e Amerikaanske steat Alabama wurde troch blanke ekstremisten ferskate bomoanslaggen dien op swarte foaroanlju.
- 12 maaie - De earste frou giet it Belgyske leger yn.
- 22 maaie - Op in gearkomste yn Addis Abeba rjochtsje de lieders fan Afrikaanske lannen de Organisaasje fan de Afrikaanske Ienheid (OAU) op.
- 11 juny - Gûverneur George Wallace fan 'e Amerikaanske steat Alabama wegeret persoanlik de earste negroïde studinten de tagong ta de Universiteit fan Alabama. Pas nei tuskenkomst fan federale troepen moat er belies jaan.
- 12 juny - Medgar Evers, in lid fan 'e minskerjochte-organisaasje NAACP, wurdt Mississippy fermoarde troch Byron de la Beckwith, in lid fan 'e Ku Klux Klan.
- 16 juny - De Sovjet-kosmonaute Valentina Teresjkova sirkelet as earste frou yn in baan om 'e Ierde.
- 26 juny - De Amerikaanske presidint John F. Kennedy hâldt yn West-Berlyn syn Ich bin ein Berliner-taspraak.
- 26 july - By de ierdbeving fan Skopje komme yn 'e Joegoslavyske dielrepublyk Masedoanje 1.070 minsken om. Fan 'e stêd Skopje wurdt 80% ferwuostge, en mear as 200.000 minsken reitsje dakleas.
- 28 augustus - Oan 'e Mars op Washington, dy't organisearre is troch de Amerikaanske boargerrjochtebeweging, dogge likernôch 200.000 swarte en blanke minsken mei. Yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. harket de mannichte ta hoe't dûmny Martin Luther King syn I Have a Dream-taspraak hâldt.
- 15 septimber - Yn 'e Amerikaanske steat Alabama komme 4 swarte bern om by de bomoanslach op de 16th Street Baptist Church yn Birmingham.
- 16 septimber - De Britske koloanjes Singapoer, Noard-Borneo en Sarawak foarmje mei it al ûnôfhinklike Maleizje (Malakka) de Maleizyske Federaasje.
- 16 septimber - Iepening fan de Fryslânhal yn Ljouwert.
- 9 oktober - By de trochbraak fan de Vajontdaam komt yn 'e delling fan 'e rivier de Piave, yn Itaalje, by in ierdferskowing in diel fan 'e berch de Toc omleech en falt yn 'e kearmar efter de Vajontdaam, dy't as gefolch dêrfan trochbrekt. Sa'n 2.000 minsken komme om.
- 1 novimber - By in steatsgreep yn Súd-Fjetnam wurdt presidint Ngô Đình Diệm fermoarde. It lân komt ûnder in militêre diktatuer.
- 8 novimber - Foar it earst wurdt de feemerk fan Ljouwert holden yn 'e Fryslânhal.
- 22 novimber - By in besyk oan Dallas (Teksas) wurdt de Amerikaanske presidint John F. Kennedy deasketten wylst er yn in iepen auto in rûnrit makket. Der wurdt suver daliks in fertochte fan 'e moard oppakt: Lee Harvey Oswald.
- 24 novimber - Lee Harvey Oswald, de man dy't ferantwurdlik holden wurdt foar de moard op John F. Kennedy, wurdt sels deasketten troch nachtklubeigner Jack Ruby.
- 4 desimber - Yn it nije Italjaanske koälysjeregear fan premier Aldo Moro binne foar it earst ek sosjalistyske partijen opnommen.
- 10 desimber - It Sultanaat Sansibar wurdt wer ûnôfhinklik nei in 73 jier ûnder Britske hearskippij stien te hawwen.
- 12 desimber - Kenia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 12 - Cheri Honkala, Amerikaansk aktiviste
- febrewaris
- 4 - Sergej Fokitsjev, Russysk reedrider
- 9 - Lolo Ferrari, Frânsk neakenmodel, sjongster en pornoaktrise († 2000)
- 17 - Michael Jordan, Amerikaansk basketbalspiler
- maart
- 4 - Jason Newsted, Amerikaansk bassist
- 7 - E.L. James, Ingelsk skriuwster
- 8 - Johannes Draaijer, Frysk hurdfytser († 1990)
- 9 - Kevin Tod Smith, Nijseelânsk akteur († 2002)
- 22 - John Ringo, Amerikaansk skriuwer
- 27 - Karin de Groot, Nederlânsk presintatrise
- 27 - Quentin Tarantino, Amerikaansk regisseur
- april
- 5 - Edwin de Groot, Frysk skriuwer en dichter
- 18 - Jan Ykema, Frysk hurdrider en reedrydtrener
- 22 - Thijs de Vries, Frysk hurdfytser
- 26 - Ilse Starkenburg, Nederlânsk skriuwster († 2019)
- 29 - Pierre Woodman, Frânsk regisseur en produsint fan pornofilms
- juny
- 9 - Tatjana Šimić, Kroätysk-Nederlânsk aktrise
- 11 - Jan Marcus Posthuma, Frysk follyballer
- 12 - Patrice Martinez, Amerikaansk aktrise († 2018)
- 25 - George Michael, Ingelsk sjonger († 2016)
- july
- 1 - Igor Zjelezovski, Wytrussysk reedrider († 2021)
- 2 - Mark Kermode, Ingelsk filmkritikus en muzikant
- 7 - Geir Karlstad, Noarsk reedrider
- 10 - Colt .45, Amerikaansk neakenmodel
- augustus
- 1 - Coolio, Amerikaansk rapper († 2022)
- 3 - James Hetfield, Amerikaansk gitarist en sjonger
- 9 - Whitney Houston, Amearikaansk sjongster († 2012)
- 13 - Stephanie Zacharek, Amerikaansk filmkritika
- septimber
- 2 - James Kennedy, Amerikaansk histoarikus
- oktober
- 29 - Richard Langin, Frânsk pornoakteur
- novimber
- 5 - Yair Lapid, Israelysk politikus en sjoernalist
- 18 - Joost Zwagerman, Nederlânsk skriuwer en dichter († 2015)
- desimber
- 2 - Boukje Keulen, Frysk reedrydster
- 13 - Uwe-Jens Mey, Dútsk reedrider
- 26 - Lars Ulrich, Deensk drummer
- datum ûnbekend
- Jill Krop, Kanadeesk nijslêzeresse en tillefyzjeregisseur
- Francesca Petitjean, Frânsk bodybuildster en pornoaktrise
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- febrewaris
- 27 - Sikke Bruinsma, Frysk sportsjitter (* 1889)
- maart
- 4 - William Carlos Williams, Amerikaansk dichter en skriuwer (* 1883)
- juny
- 3 - Abeozen, Bretonsk skriuwer (* 1896)
- 9 - Anna Maria Catharina Buma, Frysk dichteresse (* 1889)
- 26 - Obe Postma, Frysk dichter (* 1868)
- 28 - Roeffie Vermeulen, Frysk hurdsiler (* 1906)
- augustus
- 13 - Morvan Marchal, Bretonsk aktivist (* 1900)
- septimber
- 23 - Hein Buisman, Frysk bûterkeapman en natoerbeskermer (* 1904)
- novimber
- 17 - Botte Neij, Amelanner skipper (* 1897)
- 22 - Aldous Huxley, Ingelsk-Amerikaansk skriuwer (* 1894)
- 22 - John F. Kennedy, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1917)
- 24 - Lee Harvey Oswald, Amerikaansk krimineel, moardner fan John F. Kennedy (* 1939)
- desimber
- 10 - Auke Sonnega, Frysk Keunstner (* 1910)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- albums
- The Beatles, With the Beatles
- singles
- Adamo, Tombe la Neige
- Adamo, Vous Permettez, Monsieur?
- Anneke Grönloh, Cimeroni
- Anneke Grönloh, Santo Domingo
- Anneke Grönloh, Soerabaya
- The Beach Boys, Little Deuce Coupe
- The Beach Boys, Surfin' USA
- Billie Davis, He's the One
- Billy J. Kramer with The Dakotas, Bad to Me
- Billy J. Kramer with The Dakotas, Do You Want to Know a Secret
- Bob Dylan, Blowin' in the Wind
- Bobby Bare, Detroit City
- Bobby Bare, Five Hundred Miles Away from Home
- Bobby Darin, Eighteen Yellow Roses
- Bobby Rydell, Loop De Loop
- Cliff Richard, Bachelor Boy
- Cliff Richard, Lucky Lips
- Cliff Richard, Summer Holiday
- Doris Day, Move Over, Darling
- Dusty Springfield, I Only Wanne Be with You
- Elvis Presley, Devil in Disguise
- Elvis Presley, Kiss Me Quick
- Elvis Presley, Viva Las Vegas
- Eydie Gorme, Blame It on the Bossa Nova
- Fats Domino, Red Sails in the Sunset
- Fats Domino, There Goes My Heart Again
- Françoise Hardy, Tous les Garçons et les Filles
- Frankie Valli, Walk Like a Man
- Freddy Quinn, Junge, Komm Bald Wieder
- Gene Pitney, 24 Hours from Tulsa
- Gerry & The Pacemakers, You'll Never Walk Alone
- Gert Timmerman, Ik Heb Eerbied voor Jouw Grijze Haren
- Helen Shapiro, Queen for Tonight
- Jim Reeves, Distant Drums
- Jim Reeves, Roses Are Red, My Love
- Jim Reeves, Welcome to My World
- Jimmy Gilmer & The Fireballs, Sugar Shack
- John Leyton, Funny Man
- Johnny Cash, Ring of Fire
- Jumping Jewels, Africa
- Lesley Gore, It's My Party
- Little Peggy March, I Will Follow Him
- Paul & Paula, Hey, Paula
- Paul Anka, Hello, Jim
- Peter & Zijn Rockets, Speel Die Dans
- Ria Valk, Ik Wil een Cowboy als Man
- Rob de Nijs & The Lords, Ritme van de Regen
- The Rolling Stones, Come On
- Roy Orbison, California Blue
- Roy Orbison, In Dreams
- Skeeter Davis, The End of the World
- Soeur Sourire, Dominique
- The Angels, My Boyfriend's Back
- The Beatles, From Me to You
- The Beatles, I Wanna Hold Your Hand
- The Beatles, Please, Mister Postman
- The Beatles, Please Please Me
- The Beatles, She Loves You
- The Beatles, Twist and Shout
- The Crickets, Lost and Alone
- The Crystals, Da Doo Run Run
- The Crystals, Then he kissed me
- The Ronettes, Be My Baby
- The Searchers, Sugar and Spice
- The Searchers, Sweets for My Sweet
- The Shadows, Atlantis
- The Shadows, Foot Tapper
- The Spotnicks, Dakota
- Trini Lopez, America
- Trini Lopez, If I Had a Hammer
- Willeke Alberti, Spiegelbeeld
- Willy & The Giants, Ajoen Ajoen
Jierren: | 1958 | 1959 | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 | 1966 | 1967 | 1968 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|