Cheri Honkala
Cheri Honkala | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Cheri Lynn Honkala | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | Minneapolis (Minnesota) | |
berteplak | 12 jannewaris 1963 | |
etnisiteit | Finsk Noardlik Sjajinsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | minskerjochte- en anty-earmoede- aktiviste, politika | |
jierren aktyf | ±1985 – no | |
prizen | Letelier-Moffitt Human Rights Award 1999 |
Cheri Honkala (folút: Cheri Lynn Honkala; útspr.: ['ʃɛri lɪn 'hɔŋkələ]; Minneapolis (Minnesota), 12 jannewaris 1963) is in Amerikaansk politika en ynternasjonaal ferneamd minskerjochte- en anty-earmoede-aktiviste fan mingd Yndiaansk-Finsk etnysk komôf. Hja is ien fan 'e oprjochters fan 'e Kensington Welfare Rights Union, in organisaasje dy't opkomt foar de rjochten fan 'e minderbedielden yn 'e Amerikaanske stêd Philadelphia. Yn 2011 besocht Honkala en wurd sheriff fan Philadelphia mei it ferkiezingsûnthjit dat se wegerje soe om hûsútsettings te ferrjochtsjen. Yn 2012 die se as fise-presidintskandidate foar de Griene Partij fan de Feriene Steaten mei oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Honkala waard yn 1963 yn earmoede berne yn Minneapolis, yn 'e noardlike Amerikaanske steat Minnesota. Har heit, Maynard Duane Honkala, wie fan Finsk etnysk komôf, wylst har mem in Sjajinne (Cheyenne) wie. Honkala groeide op yn in sfear fan húslik geweld, wêrby't har mem allegeduerigen mishannele waard troch har heit, en dat stilwei ûndergie út eangst dat se har bern kwytreitsje soe as se de autoriteiten om help frege. Uteinlik kaam de wierheid dochs út en waard Honkala út 'e hûs pleatst, wêrnei't se de rest fan har jonkheid trochbrocht yn njoggen ûnderskate bernetichthuzen.
Doe't se santjin jier wie, die har twa jier âldere broer Mark, dy't geastlike sûnensswierrichheden hie, himsels tekoart. Om't er gjin syktekostefersekering hie, wie de medyske soarch dy't syn libben rêde kinnen hie foar him ûnberikber. Tsjin dy tiid wie Honkala sels al in mem, te witten fan har soan Mark, dy't ferneamd wie nei syn omke. Fanwegen hierskulden waarden sy en har poppe út harren wente set, en wiene se twongen om yn har wite Chevrolet Camaro te libjen. Nettsjinsteande har allinnichsteande âlderskip en it feit dat se yn har auto wenne, wist Honkala dochs de middelbere skoalle ôf te meitsjen.
Koarte tiid letter waarden sy en har soan folslein dakleas doe't har (ûnfersekere) auto oan barrels riden waard troch in automobilist dy't ûnder ynfloed efter it stjoer siet. Honkala koe dy winter gjin inkeld opfanghûs fine dat har en har soan tegearre opnimme woe. Dêrop kreake se in leechsteande wenningwetwente. Letter soe se dêroer sizze: "Ik keas derfoar om yn 't libben te bliuwen, en ik keas derfoar om myn soan yn 't libben te hâlden."
Aktivisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst se noch yn Minneapolis wenne, rjochte Honkala de anty-earmoedegroepen Women, Work and Welfare ("Froulju, Wurk en Bystân") en Up and Out of Poverty Now ("Oerein en Ut 'e Earmoede No") op. Oan 'e ein fan tachtiger jierren ferfear se nei Philadelphia, yn 'e noardeastlike steat Pennsylvania, dêr't se yn 1991 yn 'e wyk Kensington ien fan 'e oprjochters wie fan 'e Kensington Welfare Rights Union (KWRU; "Bystânrjochtefakbûn fan Kensington"). Honkala organisearre oer in perioade fan 25 jier withoefolle protestaksjes, demonstraasjes en sit-ins, en wie ek behelle yn it opsetten fan ferskate tintedoarpen. Nei eigen sizzen is hja dêrby mear as 200 kear arrestearre foar boargerlike oerhearrichheid.
Sa kreaken Honkala en oare KWRU-leden yn 1993 in leechsteande roomske tsjerke en yn 1994 in groep leechsteande wenningwetwenten. Datselde jiers setten se yn 'e simmer in tige opfallend tintedoarp op op in leech perseel dêr't earder in fabryk ôfbaarnd wie. Om't it gemeentebestjoer fan Philadelphia net fêststelle koe wa't de eigner fan 'e grûn wie, koene se de dakleazen dêr net wei ferdriuwe, al moast men it tintedoarp in goed jier letter opjaan doe't in deunby streamende rivier bûten syn oeren trêde. Yn 1995 kampearren Honkala en ferskate oare KWRU-leden op 'e Independence Mall, deunby de Liberty Bell, ien fan 'e bekendste monuminten fan Philadelphia, om ek foar toeristen dúdlik te meitsjen hoe dreech oft de sitewaasje foar de earmen yn 'e stêd wie. Foar dy aksje krige se seis moanne selstraf ûnder betingst en in boete fan $250 foar "wenjen yn in park".
Yn oktober 1996 holden Honkala-en-dy in sit-in yn 'e rotonde fan it Steatskapitoal fan Pennsylvania yn Harrisburg, nei't de Republikeinske gûverneur (en lettere minister) Tom Ridge, dy't bekend stie om syn eigen wielderige libbensstyl, alle bystânútkearings frijwol ôfskaft hie. Yn april 1997 waard Honkala oppakt foar oertrêding fan in tagongsferbod, doe't se hutten foar dakleazen oan it bouwen wie op in leechsteand bedriuweterrein om't alle opfangsintra yn Philadelphia smoarfol sieten en de lju twongen wiene om op 'e dyk te libjen.
Yn july 1997 late Honkala in mars fan earmen, ûnder de namme March for Our Lives, fan 'e Liberty Bell yn Philadelphia nei it haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York. Dy aksje wie de opmjitte fan 'e Poor People's Economic Human Rights Campaign (PPEHRC; "Ekonomyske Minskerjochtekampanje fan 'e Earmen"), dêr't Honkala de nasjonaal koördinator fan waard. De PPEHRC ûntjoech him meitiid ta in nasjonale beweging en dé stim fan 'e earmen yn 'e Feriene Steaten. Troch har foaroansteande posysje yn dy organisaasje krige Honkala fan dy tiid ôf lanlike en sels ynternasjonale bekendheid. Yn 1999 waard har krewearjen bekroane doe't se tegearre mei dr. Juan Garcés de prestizjeuze Letelier-Moffitt Human Rights Award fan it Amerikaanske Ynstitút foar Beliedsstúdzjes wûn. Letter waard se twaris útnûge om it jierlikse Sosjale Wrâldfoarum (WSF) ta te sprekken, yn 2004 yn it Yndiaaske Bombay, en yn 2006 yn 'e Fenezolaanske haadstêd Caracas.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin 2011 stelde Honkala har op útnûging fan 'e Griene Partij fan de Feriene Steaten kandidaat foar it amt fan sheriff fan Philadelphia. Se ûnthiet de kiezers dat se wegerje soe om gesinnen dy't har hypteek net mear opbringe koene, út har huzen te setten. As in publisiteitsstunt ried se op op in hynder en mei in wite stetson op (om it byld fan 'e tradisjonele sheriff út it Wylde Westen op te roppen) troch de Allegheny Avenue, ien fan 'e haadstrjitten fan Philadelphia. Uteinlik einige se by de ferkiezing op it trêde plak mei rom 10.000 stimmen.
Yn 2012 waard Honkala troch Jill Stein, de presidintskandidate foar de Griene Partij, frege om har running mate te wurden. Nei't hja dêrmei ynstimd hie, waarden de beide froulju op 14 july, op 'e nasjonale konvinsje fan 'e Griene Partij, offisjeel nominearre as kandidaten foar de amten fan presidint en fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Harren programma, dat de Griene New Deal neamd waard, omfieme fjouwer haadpunten: ekonomyske lykberjochtiging; in oergong nei griene enerzjyfoarmen en miljeufreonlike produksjemetoaden; in yngripende herfoarming fan 'e finansjele sektor en fan 'e steatsfinânsjes; en it reparearjen fan 'e demokrasy troch de macht fan bedriuwen en fan 'e riken te beheinen.
Under de presidintskampanje waarden Honkala en Stein yn augustus 2012 yn Philadelphia arrestearre, doe't se by in protestaksje tsjin hûsútsettings it pleatslike filiaal fan 'e hypteekbank Fannie Mae besetten. Op 16 oktober waarden Honkala en Stein op 'e nij oppakt, doe't se besochten om tagong te krijen ta it twadde presidinsjele debat tusken Barack Obama en Mitt Romney, de kandidaten fan 'e beide grutte partijen. Uteinlik einigen Stein en Honkala by de ferkiezings op it fjirde plak, efter de beide grutte partijen en de Libertaryske Partij, mei krapoan 470.000 stimmen.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op har santjinde skonk Cheri Honkala, yn 1980, it libben oan har soan Mark, dy't letter bekendheid krije soe as de akteur en regisseur Mark Webber. Yn 1990 troude Honkala mei in fakbûnsfunksjonaris út Philadelphia, mei wa't se it jiers tefoaren op in konferinsje yn 'e kunde kommen wie, mar it houlik einige koarte tiid letter yn in skieding. Yn 2002 befoel Honkala fan in twadde soan, Guillermo Santos.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaansk polityk aktivist
- Amerikaansk sosjaal aktivist
- Amerikaansk minskerjochte-aktivist
- Amerikaansk pleatslik politikus
- Amerikaansk federaal politikus
- Amerikaansk fise-presidintskandidaat
- Amerikaansk aktivist fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk politikus fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Finsk komôf
- Persoan fan Sjajinsk komôf
- Kreaker
- Persoan berne yn 1963