Colt .45 (model)

Ut Wikipedy
Colt .45
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Misty Mountains, Cotton Candy
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 july 1963
berteplak Corpus Christi (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
lesbysk pornoaktrise
jierren aktyf 19952005
offisjele webside
gjint

Colt .45, echte namme ûnbekend (Corpus Christi (Teksas), 10 july 1963), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornoaktrise, dy't fral yn 'e jierren njoggentich en de iere jierren 2000 populariteit genoat. Hja stie benammen bekend om har grutte boarsten (kup 52HH), dy't se krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Har skûlnamme ûntliende se oan 'e Colt .45-revolver, it meast ferneamde fjoerwapen út 'e tiid fan it Wylde Westen, en sadwaande in wichtich stikje Americana.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Colt .45 waard berne yn Corpus Christi, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, yn it suden fan 'e steat Teksas. Yn 1995, doe't se 32 jier wie, sette se útein mei in karriêre as stripper, wêrby't se de hiele Feriene Steaten troch reizge, alle grutte stripklubs bylâns. Yn guon fan sokke gelegenheden dûnse hja ûnder de nammen Misty Mountains ("Mistige Bergen", in ferwizing nei har beide meast promininte lichemsdielen) of Cotton Candy ("Sûkerspin"). De reden dêrfoar wie dat der ek in drank bestiet mei de namme Colt .45 (in produkt fan 'e Pabst Brewing Company), en guon stripklubútbaters wiene bang dat har klanten fan twa gelikense nammen op 'e doele reitsje soene.

Njonken har wurkpaad as stripper wie Colt .45 ek aktyf as neakenmodel foar neakenblêden dy't har op it grutte-boarstesjenre taleine, lykas Score, Hustler's Busty Beauties, Juggs en Gent. Yn it ferlingde dêrfan wurke Colt .45 mei oan in pear pornofilms fan The Score Group en Big Top Video, mar fierder as lesbyske porno gie hja nea, en meastal bleau it by masturbaasjesênes. Yn 2005, doe't se ûnderwilens 42 jier wie, hold Colt .45 op mei har wurk as stripper.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: