Fjoerwapen

Ut Wikipedy
De Russyske AK-47, ien fan 'e bekendste en meast produsearre automatyske gewearen fan 'e wrâld.

In fjoerwapen is in wapen dat ien of mear projektilen ôfsjitte kin troch tapassing fan hege druk, dy't feroarsake wurdt troch by eksplosive ferbrâning frijkommende fluch útsettende gassen. It is dêrmei in projektylwapen, mar alle projektylwapens binne net fjoerwapens (bgl. pylk-en-bôge, kattepûl, ensfh.). As de gasdruk berikt wurdt troch meganyske gaskompresje ynstee fan gemyske driuwkrêftûntbrâning, lykas by in luchtbuks, giet it net om in fjoerwapen, mar om in luchtwapen. Wetlike omskriuwings fan fjoerwapens kinne breder wêze as wittenskiplike omskriuwings en ek luchtwapens en/of oare projektylwapens omfetsje dy't eins gjin fjoerwapens binne. De earste primitive fjoerwapens waarden yn 'e tsiende iuw yn Sina ûntwikkele, wêrnei't de technology him oan 'e ein fan 'e Midsiuwen fersprate nei it Midden-Easten en Jeropa. Aldere types fjoerwapens brûkten ornaris buskrûd foar it berikken fan 'e driuwkrêft en waarden fan foarren laden; moderne fjoerwapens brûke ynstee reekswak krûd of oare stoffen, en wurde fan efteren laden. It ôffjurjen fan in fjoerwapen hjit sjitten.

Opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wichtichste ûnderdiel fan in fjoerwapen is de loop. Dat is in soartemint koker of buis fan metaal, dêr't it projektyl, ornaris de kûgel of de hagel, út ôfsketten wurdt. Hânfjoerwapens (d.w.s. draachbere fjoerwapens, yn tsjinstelling ta geskut) hawwe fierders in kolf oan 'e efterein fan 'e loop sitten, dêr't men it fjoerwapen oan fêsthâldt (by pistoalen en revolvers) of dy't men by it ôfsjitten tsjin jins skouder oan skoarret om 'e weromslach fan it skot op te fangen (by gewearen). It sjitten wurdt dien troch de trekker oer te heljen. Dat is in lyts útsteksel oan 'e ûnderkant fan in hânfjoerwapen, dat by de betsjinner wei krommet. Om foar te kommen dat de trekker oeral efter heakjen bliuwt en it wapen sa by fersin ôfgean kin, sit der ornaris in trekkerbûgel om hinne. Oan 'e boppekant fan in hânfjoerwapen sit de hoanne, dy't spand wurde moat om it wapen sjitklear te meitsjen. In protte moderne fjoerwapens, benammen pistoalen, hawwe fierders in feilichheidspal. Dat is in ekstra befeiliging om sjitten by fersin foar te kommen.

In hânkanon wurdt ôffjurre mei help fan in stander, op in yllustraasje yn in manuskript út 1400.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste primitive fjoerwapens waarden yn 'e tsiende iuw yn it Keizerryk Sina útfûn, doe't bamboezen buizen oan spearen befêstige waarden sadat in draachbere fjoerlâns ûntstie dy't laden waard mei buskrûd en hagel. Dat wapen waard bgl. mei treflike resultaten ynset by it Belis fan De'an yn 1132. Omtrint 1250 waard út 'e fjoerlâns it fan in brûnzen loop foarsjoene hânkanon ûntwikkele, dat as de wiere foarâlder fan alle moderne fjoerwapens beskôge wurdt. It âldste eksimplaar fan dat wapen, dat troch argeologen opdobbe waard yn it distrikt Acheng, yn 'e Sineeske provinsje Heilongjiang, datearret fan 1288.

Om dyselde tiid hinne fersprate de technology fan it fjoerwapen him fia de Siderûte nei it Midden-Easten, dêr't de Arabieren en de Mammelûken (dy't oer Egypte hearsken) yn 'e lêste desennia fan 'e trettjinde iuw oer sokke wapens beskikten. Yn 'e fjirtjinde iuw fersprate it fjoerwapen him fierder, út it Midden-Easten nei Jeropa, en út Sina nei Koreä. Yn Perzje en op it Yndyske subkontinint waarden fjoerwapens út it Osmaanske Ryk wei yn 'e fyftjinde iuw yntrodusearre. Yn dyselde snuorje krongen fjoerwapens ek troch yn Súdeast-Aazje, nei alle gedachten út Sina wei. Nei de ferovering fan Malakka troch de Portegezen, yn 1511, rekken de Easterske en Westerske tradysjes fan wapensmidderij fermongen. Yn Japan waarden de earste fjoerwapens pas geandewei de sechstjinde iuw yntrodusearre, en troch de Portegezen ynstee fan út Sina wei.

In soldaat bewapene mei in musket (1608).

It ierste fjoerwapen yn Jeropa wie de faasfoarmige pot-de-fer ("fjoerpôt"), dy't al rillegau evoluëarre ta in langwerpige buis. Dy waard oantsjut mei it wurd "bus", dêr't ek it buskrûd syn namme oan tanket. De ierste fjoerwapens yn Jeropa wiene makke fan smei-izerne steaven dy't byinoar holden waarden mei izerne hoepen. Letter waarden se út ien stik yn brûns getten, mei as gefolch dat it meitsjen folle djoerder mar de kwaliteit folle better waard. Tanksij oanhâldende fernijings op it mêd fan metallurgy en buskrûd koene sokke 'bussen' ta reuseftige bombardes útgroeie en projektilen fersjitte fan hast 300 kg oer in ôfstân fan oardel kilometer. De earste draachbere 'bus' wie de hânbus, in lyts kanontsje befêstige oan in lange houtene of izerne steaf. Dêrút ûntjoegen har de foarrinders fan 'e moderne hânfjoerwapens, lykas de heakbus en it musket.

It fjoerwapen soarge foar in grutte feroaring op it mêd fan 'e oarlochfiering. De fjoerkrêft en it relatyf ienfâldige gebrûk fan it fjoerwapen (d.w.s. sûnder dat der, lykas by pylk-en-bôge, ferlet wie in soad oefening) wie sels foar in part ferantwurdlik foar de ein fan 'e feodale maatskippij fan 'e Midsiuwen. Kastielmuorren koene net oer it geweld fan kanonnen, en ferlearen dêrfandinne foar in grut part harren militêre nut. Dat betsjutte teffens fierhinne de ûndergong fan it systeem fan kastielen dy't it omlizzende plattelân behearsken. Yn it plak dêrfan kamen stêden en troch it lânsregear oanleine fêstingwurken dy't foarsjoen wiene fan ierden wâlen. Dat wie in folle effektivere ferdigening tsjin kanonnen, dy't boppedat frij ienfâldich oanpast wurde koe oan nije ynsichten en ûntwikkelings.

In kanon.

Yn 'e sechstjinde iuw ferkrongen yn Jeropa de nije hânfjoerwapens, it musket en it fjoerroer, yn heech tempo oare projektylwapens lykas de langbôge en de krúsbôge. It soe lykwols noch oant de achttjinde iuw duorje ear't ek oare ynfanterywapens, lykas spearen, piken en helleburden, stadichoan begjinne soene te ferdwinen. De lâns hold it as kavalerywapen sels út oant yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw.

Technyske ûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It basisprinsipe fan it fjoerwapen is sûnt de ierste 'bussen' net feroare. Men makke in metalene koker mei ien iepen kant en ien tichte kant. Yn 'e tichte kant waard in hiel lyts gatsje, it saneamde sundgat, iepenholden of letter iepenmakke. It buskrûd en it projektyl waarden (yn dy folchoarder) fia de iepen kant yn 'e bus troppe en flink oanstampt. Troch it gatsje waard in lont oanbrocht, dat yn 'e brân stutsen waarden. As it fjoer fia it lont de buskrûdlading berikte, folge in eksplosive ûntbrâning, dy't it projektyl mei grutte krêft út 'e koker blies. Dêrtroch krige it projektyl sa'n faasje, dat er ienris út 'e koker yn 'e frije lucht noch in hiel ein troch fleach. It projektyl wie yn 'e begjintiid fan it fjoerwapen oer it algemien in bal fan stien, lead of izer. It lont waard yn 't earstoan oanstutsen mei in gloeiende houtspuon, mar letter begûn men dêr in gloeiend stik lont, it saneamde fjoerlont, foar te brûken.

In rêdslot út 'e 17e iuw.

De ierste fjoerwapens, hânfjoerwapens ynbegrepen, hiene allegear in saneamd lontslot, wêrby't it buskrûd ta ûntbrâning brocht waard troch wat eins in iepen fjoer wie. Dat makke de ynset fan fjoerwapens ôfhinklik fan 'e waarsomstannichheden: as it reinde, koe der net sketten wurde. Boppedat ferrette yn it tsjuster de gloeiende punt fan it lont de posysje fan 'e sjitter. Dêrom waard meitiid it rêdslot ûntwikkele. Dat bestie út in metalene skiif kombinearre mei in spiraalfear, dy't mei in kaai opwûn en dêrnei fêstset waard. As dy blokkearring fan it systeem (de arretearring) opheft waard troch it oerheljen fan 'e trekker, draaide de skiif ûnder feardruk mei grutte faasje werom nei syn oarspronklike stân, wêrby't er by in fjoerstien lâns skrabe. Dat skraabjen feroarsake in fonkerein dy't mear as genôch wie om it fine buskrûd yn it sundgat te ûntstekken. It is deselde technyk dy't tsjintwurdich noch wol yn oanstekkers brûkt wurdt.

Mei't it rêdslot yngewikkeld en dêrom djoer yn produksje wie, waard socht nei in ienfâldigere en goedkeapere oplossing. Dy fûn men yn 'e fjoerstienûntstekking. Dêrby waard de fjoerstien yn 'e bek fan in soarte fan hammer fêstklamme. Dy 'hammer', ek wol de hoanne neamd, wie oan 'e sydkant fan it fjoerwapen befêstige en koe tsjin 'e druk fan in fear yn nei efteren lutsen ('spand') wurde en yn dy stân fêstset ('arretearre') wurde. By it oerheljen fan 'e trekker waard de arretearring opheft; dêrtroch beweegde de hoanne werom nei syn oarspronklike stân, mei as gefolch dat de fjoerstien tsjin in izeren plaatsje oan sloech dat him fuort by it sundgat befûn. De fonken dy't dêr it gefolch fan wiene, lieten it krûd yn it sundgat ûntbrâne.

In gewear mei fjoerstienûntstekking.

De ûntwikkeling fan 'e fjoerstienûntstekking duorre ferskate iuwen. In earder stadium fan dat proses wie it snaphoanneslot, in systeem dat eins út twa hammerkes bestie. De earste hammer hie in soarte fan skroefbek dêr't in stikje fjoerstien yn fêstklamme waard. Dy hammer waard spand, tsjin 'e druk fan in hammerfear yn. De oare hammer, dy't bestie út in soartemint ambyld, waard flak boppe it sundgat pleatst. Nei it oerheljen fan 'e trekker sloech de hammer mei de fjoerstien tsjin it 'ambyld' oan, sadat der in fonk ûntstie dy't yn 'e krûdpanne fan it sundgat sloech. Fan gefolgen ûntbrânde it fine krûd yn 'e sundpanne, sadat de haadkrûdlading efteryn de loop ûntstutsen waard.

In oar stadium yn 'e ûntwikkeling fan 'e fjoerstienûntstekking wie it echte fjoerstienslot. Om't it snaphoanneslot frijwat waargefoelich wie, foege men in lid ta dêr't de sundpanne mei ôfsletten wurde koe. In fertikaal plaatsje op dat lid die yn dat gefal tsjinst as 'ambyld' foar de fjoerstien.

Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw waard de loop fan it fjoerwapen foar it earst foarsjoen fan trekken en fjilden. Dat is in profyl oan 'e binnenkant fan 'e loop dy't de kûgel by it ôfsjitten fan it fjoerwapen in beskate draaiïng meijout. Dat makke de kûgelbaan stabiler en it fjoerwapen sels trefwisser. Tsjintwurdich hawwe de lopen fan alle fjoerwapens trekken en fjilden, útsein glêdloopse fjoerwapens lykas jachtgewearen.

In Colt .45-revolver.

In wiere revolúsje op it mêd fan fjoerwapenûntwerp kaam op gong doe't de Skotske predikant Alexander Forsyth út Belhelvie yn Aberdeenshire yn 1799 de grûnslach fan it perkusjeslachhuodsje útfûn. It gie dêrby om in gemysk mingsel, fulminaat, dat mei in stevige tik ta ûntploffing brocht wurde koe. Dêrnei wie de stap nei it eigentlike slachhuodsje (fulminaat yn in sêftmetalen húl) net mear botte grut. Dy ûntwikkeling folge sadwaande omtrint 1820. Fan dy tiid ôf hearden it gebrûk fan iepen fjoer as nedichheid foar sjitten en de dêrmei mank geande swierrichheden oangeande wiet waar ta it ferline.

De fjoerwapens út dy tiid wiene fierhinne noch altyd op it âlde prinsipe basearre, te witten: in metalene koker dy't oan ien kant ôfsletten wie. Dat betsjutte dat alle wapens foarladers wiene. De keamer (it plak yn 'e loop dêr't it krûd oanbrocht waard), moast sadwaande fia de loopmûning laden wurde mei krûd en kûgel, mar it perkusjeslachhuodsje waard no efterop de keamer op in opsetstikje op it sundgat set. Dat opsetstikje waard in skoarstientsje of piston neamd. Om in stevige tik op it slachhuodsje jaan te kinnen, waard in soarte fan slachmeganisme ûntwurpen (de hoanne), dat as hammer wurke en basearre wie op 'e hoannefoarm fan 'e fjoerstienûntstekking. Dat meganisme waard direkt efter of njonken de keamer oanbrocht. De hoanne waard tsjin in feardruk yn nei efteren kantele en fêstset (arretearre). Troch de arretearring fia in hefboom (de trekker) op te heffen, koe de hoanne mei krêft op it slachhuodsje slaan, mei as gefolch dat de eksplosive lading fan it slachhuodsje (it slachsas) eksplodearre en dêrby in flam produsearre dy't troch it sundgat yn 'e piston de krûdlading yn 'e keamer ûntbrâne liet.

In Glock 17-semy-automatysk pistoal.

De folgjende stap wie de ûntwikkeling fan it ienheidspatroan. Dêrta waarden it projektyl (de eigentlike kûgel), it krûd en it slachhuodsje byinoar dien yn ien gehiel, it saneamde patroan. Dat hie yn 't earstoan in húl dy't fan papier of karton makke wie, mar letter waard it wizânsje om 'e patroanhúl fan gielkoper te meitsjen. Sokke patroanen koene net fia de loopmûning laden wurde, mar moasten fia de efterkant fan it fjoerwapen yn 'e keamer ynbrocht wurde. Dat hold yn dat de efterkant fan 'e loop iepene wurde kinne moast. Fjoerwapens wêrby't dat kin, wurde efterladers neamd.

Nei it laden moast de loop lykwols wer ôfsletten wurde kinne op sa'n wize dat der gjin gefaar bestie dat de loop wer iepenspringe soe as it patroan ôfsketten waard. De ôfsluting moast dus de hommelse druk fan 'e útsettende krûdgassen wjerstean kinne. De oplossing foar dat probleem wie in meganisme dat de keamerbeskoatteling neamd wurdt. Nei it ôffjurjen fan 'e kûgel út it patroan bleau yn 'e keamer it lege patroan efter, dat hânmjittich ferwidere wurde moast ear't der in nij patroan yn pleatst wurde koe. By guon fjoerwapens, lykas jachtgewearen, is dat tsjintwurdich noch sa. By oare fjoerwapens is dêrfoar in oplossing betocht, lykas it automatysk útsmiten fan it leechsketten patroan (by û.m. mitrailleurs en pistoalen) of it tafoegjen fan mear as ien keamer (lykas by revolvers).

Types fjoerwapens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ôfsjitten fan in mortier.

Geskut[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geskut of artillery is de beneaming foar fjoerwapens dy't sa grut, swier en/of bombidich binne dat se net (maklik) troch ien persoan tild wurde kinne.

kanon

In kanon kin projektilen ôfsjitte yn in rjochte of licht bûgde baan en wurdt dêrom ek wol flakbaangeskut neamd. Kanonnen wiene de ierste effektive fjoerwapens. Se binne sûnt de ein fan 'e Midsiuwen yn hast alle konflikten ynset. De ierste foarm fan it kanon wie de bombarde (dêrfandinne it wurd 'bombardemint').

houwitser

In houwitser is in mingfoarm tusken in kanon en in mortier. In houwitser sjit projektilen yn in kromme baan nei it doel en wurdt dêrom ek wol oantsjut mei de term krombaangeskut. De earste houwitsers ferskynden oan 'e ein fan 'e santjinde iuw. Se hawwe in minder grut berik as kanonnen, mar binne tige effektyf by it bestoken fan ferdigeningswurken. Boppedat koene se (troch de kromme sjitbaan) oer de eigen ynfantery hinne sjitte, eat dat mei kanonnen mar hiel beheind mooglik is.

mortier

In mortier is in koarte sjitbuis dêr't in projektyl mei nei it doel sketten wurde kin fia in hege, kromme baan. Men neamt it wapen dêrom ek wol steilbaangeskut. Foarhinne waarden mortieren gauris ynset by de belegering fan stêden en fêstings, om oer de ferdigeningswurken (muorren of wâlen) hinne te sjitten. Tsjintwurdich wurde mortieren yn 'e rol fan licht geskut benammen ynset ta stipe fan 'e ynfantery.

In Springfield Model 1873-gewear mei bajonet.
In Thompson-pistoalmitrailleur.

Hânfjoerwapens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hânfjoerwapens binne fjoerwapens dy't troch ien persoan droegen en brûkt wurde kinne, yn tsjinstelling ta geskut.

gewear

In gewear is in hânfjoerwapen mei in lange loop, dat twahannich betsjinne wurde moat. Dêrta hat sa'n wapen in kolf dy't yn it ferlingde fan 'e loop leit en tsjin it skouder oan skoarre wurde moat om 'e weromslach fan it skot op te fangen. Iere foarmen fan it gewear wiene de heakbus, de wâlbus, it musket en it fjoerroer. Gewearen wurde yn 'e kriichsmacht brûkt as de persoanlike wapens fan 'e gewoane soldaten by de ynfantery. Se wurde ek brûkt by de jacht (yn 'e foarm fan it jachtgewear) en by it sportsjitten.

karabyn

In karabyn is in lichtere foarm fan it gewear, mei in koartere loop. Sokke wapens waarden foarhinne brûkt as de persoanlike fjoerwapens fan soldaten by de kavalery, yn 'e tiid dat dy noch op hynders ried. Lange, swiere gewearen wiene yn dy sitewaasje ûnhandich.

pistoal

In pistoal is in licht hânfjoerwapen dat betsjinne wurde kin mei ien hân. In synonym is dêrom 'fûstfjoerwapen'. It pistoal hat in folle koartere loop as in gewear en in nei ûnderen ta bûgde kolf, dy't tsjinnet as hânsel. Iere pistoalen wiene noch frij grut, mar meitiid waarden se almar lytser. In aparte foarm fan it pistoal is de revolver, dy't in rotearjend silindermagazyn hat, dêr't ornaris seis patroanen yn kinne. Minuskule foarmen fan in revolver wurde derringers neamd.

Mitrailleurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e njoggentjinde iuw waard in trêde soarte fjoerwapen ûntwikkele: de mitrailleur. Dat wie yn earste ynstânsje in mearloops fjoerwapen dat loop-foar-loop of mei alle lopen tagelyk ôfsketten waard. De earste gongbere mitrailleur, dy't omtrint 1860 yntrodusearre waard, wie de Amerikaanske Gatling gun, dy't de grutte en bombidigens fan in stik geskut hie. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw kamen mitrailleurs yn 'e foarm fan hânfjoerwapens yn gebrûk. Guon fan 'e bekendste moderne gewearfoarmige hânfjoerwapens binne eins mitrailleurs, lykas de Amerikaanske M16 en de Russyske AK-47. In bysûnder type mitrailleur is it masinepistoal of de pistoalmitrailleur, dy't derút sjocht as in gewearfoarmige mitrailleur, mar eins pistoalmunysje fersjit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.