Lâns (wapen)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Richard Liuwenhert en Saladin bestride elkoar mei de lâns op in midsiuwsk ôfbyld
Normandyske kavaleristen falle de Angelsaksen oan yn de Slach by Hastings, ôfbyld op it Tapyt fan Bayeux. De lânsen wurde mei ien hân boppe de holle holden

In lâns is in gefjochtswapen dat ôflaat is fan is de spear en ornearre foar it gebrûk troch de kavalery. Yn tsjinstelling ta de spear wurdt der mei in lâns net smiten. De lâns is in wapen dat fral assosjearre wurdt mei ridders, dy't de lâns sawol yn de striid as foar toernoaien brûkten.

De lânsen dy't by toernoaien brûnkt waarden wiene, oars as de wapens dy't op it slachfjild brûkt waarden, stomp en meastal ek hol, sadat sy by kontakt ôfbrutsen en de tsjinstanner net trochboarren yn it toernoai.

De lânsen dy't yn de kriich tsjinnen, wienen skerp (om troch maliënkolders stjitte te kinnen) en goed útbalansearre sadat sy mei ien hân brûkt wurde koene.