Kavalery

Ut Wikipedy
It Frânske 4e Rezjimint Huzaren yn 'e Slach by Friedland (1807).

De kavalery (fan it Frânske cavalerie, dat wer ôflaat wie fan cheval, "hynder"), foarhinne ek wol it hynstefolk of de ruterij neamd, is in ûnderdiel fan 'e lânmacht fan 'e striidkrêften fan 'e measte lannen. Foarhinne gie it dêrby om troepen dy't op hynders rieden, mar tsjintwurdich is it in oantsjutting foar de tanks en loftmobile troepen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kavalery bestiet al hast salang't de minske oarloch fierd hat. Hjirby gie it yn it ferline útslutend om troepen te pearde; soldaten dy't op oare bisten rieden, lykas kamielen of oaljefanten, waarden ornaris net oantsjut as 'kavalery'. De kavalery ûnderskiedt him fierders fan 'e beide oare tradisjonele ûnderdielen fan 'e lânmacht, te witten de artillery (it swiere geskut) en de ynfantery (it fuotfolk). Ynfanteristen dy't har op hynders ferpleatsten om mobiler te wêzen, mar ôfstigen om te fjochtsjen, waarden yn 'e santjinde en iere achttjinde iuw dragonders neamd, mar letter ûntjoech him in aparte klasse fan beriden ynfantery, wylst dragonders ta wiere kavaleristen waarden.

Fan de ierste tiden ôf hie de kavalery it foardiel fan mobiliteit boppe de gewoane ynfantery. Boppedat hie immen dy't fan 'e rêch fan in hynder ôf focht it foardiel fan hichte boppe ien dy't op 'e grûn stie. En dêropta waarden striidhynders faak treend om 'e fijân fan 'e berider te skoppen en te biten. In neidiel wie lykwols dat de kavalery yn 'e regel lichter bewapene wie as de ynfantery. Mei lju dy't net treend wiene om it tsjin hynstefolk op te nimmen of formaasjes dy't útinoarfallen wiene, makke de kavalery sadwaande ornaris koarte metten, mar in wisberette kloft ynfanteristen dy't in oaniensletten formaasje behold en oer wapens beskikte (lykas spearen of gewearen) wêrmei't men de kavaleristen fan in ôfstân te liif koe, koe him de kavalery oer it algemien goed fan it liif hâlde. Om't de beide ûnderdielen ferskillende funksjes ferfollen, beskikten frijwol alle legers oer sawol kavalery as ynfantery.

Yn de Midsiuwen waard de kavalery foarme troch ridders, dy't swier pânsere (yn harnas) de striid mei-inoar of mei it fuotfolk oangiene. Yn dy tiid bewapene it fuotfolk him mei saneamde helleburden, lange stokken mei dêroan bileblêden, spearpunten en heakken, dêr't se de ridders mei berikke en út it seal skuorre koene. Nei't de swiere bepânsering syn wearde ferlear om't fjoerwapens yn 'e moade kamen dy't troch de measte harnassen hinne skeaten, joech de kavalery geandewei de Renêssânse de bepânsering op, al bleaune boarstkurassen, dy't inkeld it boarst bedutsen en in beskate beskerming beaen tsjin lânsen en sabels, oant yn de njoggentjinde iuw foar in diel fan de kavalery yn 'e moade.

Litouske lânsiers oan it oefenjen yn 'e 1930-er jierren.

Yn it Ynterbellum waarden yn de measte legers de kavalery-ienheden omfoarme ta motorisearre ynfantery, meganisearre ynfantery of tankienheden. Lykwols tsjinne der noch altyd wier hynstefolk yn 'e Twadde Wrâldoarloch (1939-1945), benammen yn 'e legers fan Poalen, de Sovjet-Uny, Mongoalje en Itaalje. Yn oare legers ferfolle ruterij faak spesjalisearre funksjes, lykas de Finske kavalery, dy't ynset waard yn tichtbeboske gebieten dêr't moderne ferfiersmiddels net praktysk wiene. Tsjin 1950 wie foar gefjochtstroepen kavalery op hynders lykwols yn hast alle legers ôfskaft. Tsjintwurdich tsjinnet wier hynstefolk yn it leger inkeld noch in seremonieel doel.

Soarten histoaryske kavalery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moderne kavalery: in PZL W-3 Sokół-helikopter fan 'e Poalske 25e Loftmobile Kavalery Brigade.

Histoarysk bestiene der ferskate soarten kavalery. Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw wie de kavalery yn 'e measte Jeropeeske legers sa yndield:[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vels Heijn, dr. N., Waterloo: Glorie zonder Helden, Amsterdam, 1990 (De Bataafsche Leeuw), ISBN 9 06 70 71 579, s. 48.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.