Artillery

Ut Wikipedy
Moderne artillery: de Panzerhaubitze 2000, ûnder oare brûkt troch Nederlân en Dútslân
Raketartillery: De BM-30 Smerch

Artillery of geskut is yn de kriichsmacht it wapen dat fjoersteun jout oan de eigen troepen. Histoarysk besteane der in soad types fan artillery-ienheden, ôfhinklik fan harren spesjaliteit of spesifike opdracht, lykas fjildartillery, festingsartillery, kustartillery en belegeringsartillery. Yn 1916 ûntsteane de earste loftdoelartillery-ienheden. By de moderne artillery wurdt allinnich noch ûnderskied makke tusken fjildartillery, ridende artillery en loftdoelartillery.

Underskieden wurde krombaangeskut (houwitsers en mortieren) en flakbaangeskut (kanonnen). Artillery wurdt ek faak katalogisearre neigeraden de stikken lutsen wurde of sels oandriuwing hawwe (meganisearre artillery). Lutsen artillery wurdt fersetten mei frachtweinen of rupsfoertugen, saneamde artillerylûkers. Meganisearre artillery bestiet meast út ien of meardere fjoermûlen dy't op in pânsere ûnderstel monteard binne.

De Nederlânske Lânmacht hat trije artillerykorpsen: it Korps Fjildartillery, it Korps Ridende Artillery ("Giele Riders") en it Korps Loftdoelartillery.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: