Ynterbellum
In Ynterbellum (Latyn: inter ('tusken') en bellum ('kriich) is in perioade tusken twa krigen. Ornaris wurdt it begryp ynterbellum brûkt foar de jierren tusken de Earste en Twadde Wrâldkriich. It ynterbellum yn Jeropa begjint op 11 novimber 1918 mei de Wapenstilstân fan Compiègne en einiget op de dei dat de Dútsers Poalen oanfalle op 1 septimber 1939.
Lykwols wie der yn dat tiidrek noch wol kriich op de wrâld, lykas yn Súd-Amearika of de Sineesk-Japanske kriich. Yn Afrika fierde de Italjaanske faksist Mussolini de Italjaansk-Etiöpyske kriich.