East-Aazje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De lizzing fan East-Aazje.

East-Aazje is de loskes definiëarre eastlike geografyske regio fan it wrâlddiel Aazje. It omfiemet yn elts gefal Japan, Taiwan, Noard- en Súd-Koreä, Mantsjoerije, Hongkong, Makau en eastlik en sintraal Sina. Oare dielen fan Sina wurde der soms, krekt as Mongoalje, ek ta rekkene, mar oer it algemien komme Mongoalje en Sinkiang-Oeigoerje faak better ta har rjocht yn Sintraal-Aazje (dêr't se in protte kulturele en ekologyske oerienkomsten mei hawwe), wylst Tibet soms ta Súd-Aazje en soms ta Sintraal-Aazje rekkene wurdt.

As Mongoalje en hiel Sina ta East-Aazje rekkene wurde, hat it gebiet in oerflak fan sa'n 12 miljoen km², wat 28% fan Aazje is, en 15% grutter as hiel Jeropa. Fierders hat East-Aazje sa'n 1,5 miljard ynwenners, wat 38% fan 'e befolking fan Aazje is en 22% fan 'e wrâldbefolking. Dêrmei komt it gebiet op in befolkingstichtens fan 133 minsken de km², wat in protte is yn ferhâlding ta it wrâldgemiddelde fan 45 minsken de km² (mar as de tige tinbefolke gebieten yn West-Sina en Mongoalje net meirekkene wurde, sjit dat sifer noch folle fierder de hichte yn).

Kultureel kin East-Aazje fierhinne lykslein wurde mei de saneamde sinosfear, it gebiet dat histoarysk sjoen ûnder tige sterke Sineeske kulturele ynfloed stie (al heart Fjetnam dêr dúdlik ek ta). Dy ynfloed docht û.m. bliken út de fersprieding fan it Sineeske skrift en de Sineeske kalinder en fan 'e gewoante om 'e efternamme foar de foarnamme te setten (dy't bûten de sinosfear inkeld foarkomt yn Hongarije). De grutte godstsjinsten fan East-Aazje binne it boedisme, mei yn Sina en Taiwan dêrby it Sineeske tradysjonele leauwe, it konfusianisme en it taoïsme, yn lannen as Mongoalje en Súd-Koreä it sjamanisme en yn Japan it sjintoïsme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.