Springe nei ynhâld

Konfusianisme

Ut Wikipedy
Konfusiaansk alter

It konfusianisme is in Sineesk etysk en filosofysk systeem, dat de lear fan Konfusius (551479 f.Kr.) folget. It konfusianisme hat grutte ynfloed hân op de skiednis en de kulltuer fan East-Aziatyske lannen oant yn de 21ste iuw. Troch de skiednis fan it Sineeske keizerryk hinne wie it konfusianisme de offisjele ideology en hie dêrtroch grutte ynfloed op de befolking.

Yn lanne en gebieten mei in protte Han-Sinezen, útsein yn de Folksrepublyk Sina, besteane der in soad konfusianistyske basisskoallen en konfusianistyske skoallen foar it foarset ûnderwiis.

It konfusianisme hat seis basiswearden:

  • Ren - minsklikheid
  • Xiao - Berlike ûnderhearichheid
  • Yi - Rjochtfeardigens
  • Li - Fatsoen
  • Chung - Trou
  • Shu - Wjerkearigens