Faasje

Ut Wikipedy

Faasje, feart, gong of (mei in no folslein ynboargere hollanisme) snelheid is de mjitte fan feroaring per tiidsienheid. De wittenskiplike ôfkoarting foar faasje is v (fan it Ingelske velocity). Faak wurdt doeld op bewegingsfaasje: de mate wêryn de ôfleine wei yn de tiidsienheid feroaret. Mar ek foar oare grutheden dy't mei de tiid feroarje wurdt it begryp faasje brûkt. Sa kin sprutsen wurde oer groeifaasje, bygelyks it oantal persoanen wêrmei't de befolking per jier groeit of krimpt; of oer omsettingsfaasje, bygelyks it oantal gram stof dat per sekonde omsetten wurdt by in gemyske reaksje. Yn it Ingelsk wurdt hjirfoar de term "rate" brûkt, wylst by beweging de begrippen "velocity" (faasje as fektor, dus mei grutte en rjochting) en "speed" (faasje as scalair, dus mei allinnich in grutte) brûkt wurde. Ek by syklyske prosessen wurdt soms fan in faasje sprutsen. De klokfaasje is de faasje wêrmei't in syklus trochrûn wurdt. In foarbyld hjirfan is de rekkenfaasje fan kompjûters.

Fersnelling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faasje kin feroarje oer de tiid. Dit wurdt fersnelling of akseleraasje neamd. In bekend foarbyld fan fersnelling is it oplûken fan in auto. De fersnelling kin berekkene wurde as ôflieding fan de faasje. Mei oare wurden, fersnelling is de faasje wêrmei't faasje oer de tiid feroaret.

Ienheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In faasje wurdt neffens de SI ienheden mjitten yn meter de sekonde (m/s). Oare ienheden binne kilometer it oere (km/h) en de knoop. Yn de Feriene Steaten wurde milen it oere brûkt (mph) foar de faasje yn it weiferkear.

In yn de natuerkunde wichtige faasje is de ljochtfaasje c. Dizze wurdt brûkt as ienheid fan faasje wannear't hege faasjes útdrukt wurde moatte yn in ferhâldingsgetal fergelike mei de ljochtfaasje.

In ienheid dy't in ferhâlding oanjout, is it Mach getal. Dit is de ferhâlding tusken de faasje fan in objekt en de lûdsfaasje dy't dêr is. Dizze ienheid wurdt benammen brûkt om oan te jaan dat de lûdssfaasje benadere wurdt of dat der oerhinne gien wurdt, wat bygelyks foar it fleangedrach fan fleantugen fan belang is. In faasje dy't grutter is as Mach 1 wurdt oanjûn mei supersoanyske faasje dêrûnder is sprake fan subsoane faasje.

Foarbylden fan faasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metten faasje fan in auto yn km/o

It faasjerekôr fan de minsk op de maraton (lange ôfstân) leit om de 20 km/h (kilometer it oere). De normale kuierfaasje fan de minsk is 5 km/o. Yn in sprint wurde bytiden snelheden fan 50 km/o metten. Sûchdieren rinne meast op fjouwer poaten en guons hawwe maksimale snelheden tsjin of sels boppe de 100 km/o. Fûgels as de sljochtfalk kinne yn dûkflechten in einfaasje oant 400 km/o helje. Motorisearre ferfier giet folle hurder as rinnende minsken: sa wurde yn de autosport snelheden oant 300 km/o helle, en kinne fleantugen hûnderten kilometers yn it oere fleane. De lûdsfaasje fan 340 m/s (1224 km/o, Mach 1) foarmet in 'lûdsbarriêre' dêr't supersoanyske fleantugen en gewearkûgels trochhinne 'brekke' kinne.

De ljochtfaasje fan 300.000 km/s is de heechst mjitten faasje, en neffens de spesjale relativiteitsteory sels de heechst mooglike faasje.

Faasje yn formulefoarm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemiddelde faasje vgem fan in objekt dat oer in ôfstân Δx beweecht yn in tiidsynterfal Δt wurdt definearre as:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.