Kaai

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ferskate soarten kaaien.
1rightarrow.png Dizze side giet oer in metalen foarwerp dat op in slot past. Foar oare betsjuttings, sjoch: kaai (betsjuttingsside).

In kaai is in metalen foarwerp dat brûkt wurdt om in slot mei te iepenjen en ôf te sluten, troch de kaai yn it kaaisgat te stekken en dan yn 'e breedterjochting om te draaien, sadat it slutingsmeganyk op 't slot of fan 't slot draaid wurde kin. De measte kaaien besteane út twa dielen, nammentlik: de kaaisbek, dy't yn it slot stutsen wurdt, en de kaaisbôge, dy't as hantfet fungearret. Yn âldere kaaien bestie de kaaisbek út in meast rûne stâle mei hast oan 'e útein oan ien kant in útstekkend diel dat sa foarme wie dat it op it slot paste, wylst de kaaisbôge ornaris in ovale rûnte fan metaal wie mei in gat yn 'e midden. Tsjintwurdich besteane kaaien yn 'e regel út in kaaisbek dy't oan ien kant of twa kanten oer hast de hiele lingte mei útstykjende pjukken en ynslipe dobben oerdutsen is, en in tichte rûne kaaisbôge.

Kaaien binne meastal bedoeld foar mar ien inkeld slot. Dat hat te krijen mei harren funksje as befeiligingsmeganisme; allinnich dejinge dy't de juste kaai hat, kin dan it slot iepenje. In útsûndering op dizze ien-kaai-ien-slotregel wurdt foarme troch de loper, in soarte kaai dy't bedoeld is om in grut tal slotten mei te iepenjen. Faak wurde kaaien oan in kaaisring droegen; as men in stikmannich kaaien oan deselde kaaisring hat, sprekt men fan in kaaibosk. Kaaien foarmje in ûnmisber part fan it moderne libben en komme yn 'e hiele wrâld foar, mei't se tagong jouwe ta en by ôfsluting befeiliging biede oan wenten, gebouwen, auto's, fytsen en oare fiertugen, laden, kasten en klûzen.

Soms wurde kaaien ek as symboalen brûkt; sa wurdt yn 'e kristlike ikonografy de apostel Petrus ôfbylde mei in kaai, om't hy de tagong ta de himelpoarte bewekje soe. Sadwaande is de kaai ek it symboal fan it Fatikaan, mei't de paus as biskop Rome ommers as de opfolger fan Petrus beskôge wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.