Springe nei ynhâld

Sjitsport

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sportsjitten)
In dielnimmer oan in sjitsport

De sjitsport bestiet út in tal kompetive sporten dêr't krektens, gong en it soarte gewear/pistoal of doel it ferskil yn meitsje. It sjitten mei pylk en bôge falt net ûnder sjitsport, mar ûnder it bôgesjitten, wylst it sjitten fan wyld falt ûnder it jeien. Faak wurdt jeien wol assosjearre mei de sjitsport. Yn it ferline wie dat ek sa, doe't der by de Olympyske Simmerspullen op libbende dowen sketten waard.

De sjitsport bestiet nei alle gedachten al salang't der wapens besteane. Yn de 19e iuw begûnen sjitters nasjonale wedstriden te organisearjen. Yn 1851 organisearre Willem III de earste Nederlânske sjitwedstriid, dêr't 13 skutterijen oan meidiene. Om 1852 hinne waard de Nederlandsche schutterijen (bûn fan in tal skutterijen) oprjochte. Dy assosjaasje waard letter de Keninlike Nederlânske Skutters Assosjaasje (KNSA).

Ek de Frânske sjitter Pierre de Coubertin, de grûnlizzer fan de moderne Olympyske Spullen, organisearre nasjonale wedstriden. It feit dat der op de earste Spullen, de Olympyske Simmerspullen 1896, fuortdaliks tsien sjitsporteveneminten op it program stiene, mei dan ek gjin ferrassing wêze. Koart nei de yntrede fan de nasjonale kampioenskippen waarden der ek wrâldkampioenskippen organisearre. Sûnt de Paralympyske Spullen fan 1976 is de sjitsport ek in Paralympsyke sport wurden.

Yn de rin fan de jierren hat de sport in soad feroarings ûndergien. In soad dissiplines ferdwûnen, waarden oanpast of waarden taheakke. De libbende doelen dy't fral yn it begjin brûkt waarden, waarden ferfongen troch sjitskiven of lansearre objekten. Wat net feroare is dat de sport inkel ûnder de omtinken fan de media komt wannear't it de Olympyske Spullen oanbelanget. Nettsjinsteande is it wannear't sjoen wurdt nei it tal beoefeners ien fan de grutste sporten yn de wrâld.