Willem III fan de Nederlannen
Willem III (folút: Willem Aleksander Paul Freark Loadewyk; (Brussel, 19 febrewaris 1817 – Apeldoarn, 23 novimber 1890) wie fan 1849 oant syn ferstjerren yn 1890 kening fan Nederlân, gruthartoch fan Lúksemboarch en hartoch fan Limburch.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem III wie de soan fan kening Willem II en Anna Paulovna fan Ruslân, de dochter fan tsaar Paul. Hy stie bekend om syn opljeppendheid, en sawol dat as syn mânske postuer waarden oan syn Russysk komôf taskreaun. Willem III hie gjin goede relaasje mei syn heit; benammen wied er tige bitter oer de Grûnwetswiziging fan 1848 dêr't Willem II mei ynstimd hie, en dy't de macht fan 'e foarst yn Nederlannen sterk oan bannen lei. Nei syn troansbestiging, yn 1849, fersette er him dan ek geregeldwei tsjin 'e grutdiels symboalyske rol dy't him taparte waard.
Willem III troude twaris. De earste kear wie yn 1839, doe't er oan syn folle nicht Sofy fan Wuertemberch boaske. Ut dat tige ûngelokkige houlik waarden trije soannen berne: Willem, Maurits en Aleksander. Behalven mei syn earste frou hie Willem III ek mei syn âldste soan (dy't him úteinlik weromloek yn selsopleine ballingskip yn Parys) in strieminne relaasje. Nei de dea fan syn earste frou, en doe't syn trije soannen allegear foàr him stoaren, besleat Willem III om jitris yn it houliksboatsje te stappen, diskear mei de jonge Emma fan Waldeck-Pyrmont, mei wa't er mear as fjirtich jier skeelde. Ut dat yn 1879 sletten twadde houlik waard de lettere keninginne Wilhelmina berne. Willem III stoar yn 1890 oan in niersykte, wêrnei't syn frou Emma oant 1898 keninginne-regintesse foar de jonge Wilhelmina yn 't plak waard.
- Kening fan Nederlân
- Gruthartoch fan Lúksemboarch
- Prins fan Oranje
- Prins fan Oranje-Nassau
- Hartoch fan Limburch
- Markys fan Feare en Flissingen
- Greve fan Bueren en Leardaam
- Greve fan Fianden
- Greve fan Katzenelnbogen
- Greve fan Kulemboarch
- Greve fan Nassau-Dietz
- Greve fan Spiegelberg
- Boarchgreve fan Antwerpen
- Baron fan Beilstein
- Baron fan Breda
- Baron fan Dyst
- Baron fan Grave en it Lân fan Cuijk
- Baron fan Herstal
- Baron fan Iselstein
- Baron fan Kranendonk en Eindhoven
- Baron fan Liesveld
- Erf- en frijhear fan it Amelân
- Nederlânsk generaal
- Nederlânsk politikus
- Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Nederlânsk persoan fan Deensk komôf
- Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Eastenryksk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Ingelsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Litousk komôf
- Nederlânsk persoan fan Poalsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Russysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Sweedsk komôf
- Hûs Oranje-Nassau
- Wilhelmina fan de Nederlannen
- Persoan berne yn 1817
- Persoan stoarn yn 1890