Springe nei ynhâld

Wilhelmina fan de Nederlannen

Ut Wikipedy
Wilhelmina yn 1901

Wilhelmina fan de Nederlannen (31 augustus 1880 - 28 novimber 1962) wie Keninginne fan Nederlân fan 1890 oant 1948.

Wilhelmina, yn de earste wiken fan har libben Paulientje neamd, wie iennichst bern fan Kening Willem III by syn twadde frou Emma fan Waldeck-Pyrmont. Sy waard berne op Paleis Noordeinde yn De Haach. Sy hie trije âldere bruorren út it houlik fan har heit mei Sophie fan Württemberg: Willem (1840-1879), Maurits (1843-1850) en Aleksander (1851-1884), fan wa't by't har berte allinnich de jongste noch yn libben wie.

Har heit wie al 63 jier âld doe't sy berne waard. Doe't Willem III op 23 novimber 1890 ferstoar, waard Wilhelmina keninginne. Oant sy 18 jier âld waard, regearre har mem Emma as regentesse yn har namme. Yn it Gruthartochdom Lúksemboarch waard fanwege de Salyske wet in oare opfolger keazen út it Hûs fan Nassau, en koe Wilhelmina har heit dêr net opfolgje.

Op 4 september 1898 waard Wilhelmina yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam ynhuldige. Yn 1901 troude sy mei prins Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin, dat houlik wie net lokkich en it duorre in skoft foardat sy in bern krigen. De berte fan harren iennichste bern Juliana (30 april 1909) waard ek eins net mear ferwachte.

Hja die har wurk mei tawijing en toande har yn de Earste Wrâldoarloch in striidbere 'soldatekeninginne', dy't geregeld by de troepen yn it fjild kaam te sjen. Troch har gedrach seach se yn novimber 1918 kâns in troch sosjalistelieder Pieter Jelles Troelstra ferwachte revolúsje te foarkommen. Yn de Twadde Wrâldoarloch fêstige se har yn Londen en besocht fan dêrút troch útstjoerings fan Radio Oranje betrouwen yn de befrijing oer te bringen. Se hie ek kontakten mei fersetsstriders en Ingelânfarders (fersetsminsken dy't nei Ingelân oerstutsen wiene).

Wilhelmina die yn 1948 nei fyftich jier ôfstân fan de troan, en luts har wêrom op it Paleis it Loo yn Apeldoorn. Op 28 novimber 1962 ferstoar Wilhelmina en waard bysetten yn it famyljegrêf yn de Nije Tsjerke yn Delft.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wilhelmina of the Netherlands fan Wikimedia Commons.