De Haach

Ut Wikipedy
Gemeente De Haach
Flagge fan de gemeente De Haach        Wapen fan de gemeente De Haach
(Flagge fan De Haach) (Wapen fan De Haach)
Lokaasje fan de gemeente De Haach
Provinsje Súd-Hollân
Boargemaster Jan van Zanen (VVD)
Haadplak De Haach
Oerflak
- wetter
98,20 km²
-  15,77 km²
Ynwenners 501.725
Ferkearsieren Stedsrûtes, A12, A13, A44
Netnûmer 070, 015 (Ypenburch)
Postkoades 2491-2599
Offisjeel webstee Offisjele webstee fan de gemeente
It Binnenhôf, it politike sintrum fan Nederlân.
Sintrum fan it Plein ôf sjoen

De Haach[1] (Nederlânsk: Den Haag, foarhinne: 's-Gravenhage) is in stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân, dêr't it de haadstêd fan is. De gemeente hie op 1 jannewaris 2005 468.421 ynwenners en hat in gebiet fan 85,65 km2 (lân). Nei grutte is De Haach de tredde stêd fan Nederlân (efter Amsterdam en Rotterdam), en de stêd is foaral wichtich as machtssintrum; de keninginne, de ministerrie en de Steaten-Generaal (Earste en Twadde Keamer) hawwe dêr har residinsje.

Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn ferhâlding hat it sintrum fan De Haach net in soad âlde gebouwen, dat komt om't de stêd mar let stedsrjochten krige. In pear histoaryske gebouwen binne der al, lykas it Binnenhof en it Mauritshûs, wat tsjintwurdich yn gebrûk is as museum. De measte monuminten binne lykwols boud yn de njoggentjinde en tweintichste iuw; it Panorama Mesdag, it Lange Voorhout en resinter it nije stêdhús, binne dêr foarbylden fan. In foarbyld fan moderne boukeunst is Het Strijkijzer.

De Haach hat troch syn besûndere lizzing krekt efter de dunen altyd in soad rike minsken oanlutsen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1248 fêstige de Hollânske greve Willem II him op it plak fan De Haach en makke it hjoeddeiske Binnenhof ta syn residinsje. Dat barren wurdt no beskôge as de stifting fan de stêd. It plak hjitte doe Die Haghe; de namme 's-Gravenhage waard earst yn de santjinde iuw optocht, en is dus nét de âldste namme. Willem syn soan Floris V liet de Ridderseal bouwe. Hoewol't it de neikommende iuwen woeks ta in plak fan in pear tûzen ynwenners, krige De Haach gjin stedsrjochten, om't de greven harren residinsje leaver sels bestjoere woene.

Ek yn de tiid fan de Republyk bleau De Haach in doarp, ek al waard it wichtiger as regearingssintrum doe't de Steaten-Generaal en de steedhâlder har dêr fêstigen. Tusken 1600 en 1800 woeks it doarp fan 15.000 nei 40.000 ynwenners, en benammen doarpen as Skeveningen, Wassenaar en Ryswyk waarden ta bûtenwiken foar de elite. In 1806 krige de stêd fan it Frânske bewâld stedsrjochten, wat lykwols sûnt de grûnwet fan 1848 gjin steatkundige betsjutting mear hat.

Yn 1870 hie de stêd al 100.000 ynwenners, yn 1900 - it De Haach fan Louis Couperus - al 200.000. Yn de stêd, dy't altiten mei de elite assosjearre waard, festigen har yn dy tiid in soad arbeiders, yn nijbouwiken lykas de Skilderswyk en it Laakkertier. De Haachske Skoalle makke yn dy tiid namme mei in soad bekende skilders. Ek krige de stêd net minder as twa haadstasjons, fan twa spoarbedriuwen: ien oan it spoar fan Amsterdam nei Rotterdam, De Haach Hollânske Spoar, en ien oan it spoar nei Utert, De Haach Steatsspoar.

De gemeente anneksearre yn de tweintichste iuw in tal lytsere gemeenten, lykas Loosduinen en Skeveningen. Resint is ústeld ek Ryswyk en Foarburch troch De Haach anneksearje te litten.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie De Haach in Dútske festingstêd.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gearstalling befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarsprong ynwenners fan De Haach
Etnyske kategory Persintaazje
Autochtonen 51,3%
Westerske allochtonen[2] 14,8%
Turksk 7,4%
Marokkaansk 5,6%
Surinaamsk 9,5%
Antilliaansk en Aruba 2,4%
Oars net-Westersk 9,1%

Benei de hellte fan de ynwenners is allochtoan (westersk en net-westersk). It part allochtone - ten opzichte van autochtone - ynwenners nimt stadichoan ta. Yn de Skilderswyk en it Transvaalkertier leit it persintaazje allochtonen sûnt 2005 ticht by de 100%. Ek yn de wiken Griente- en Fruitmerk, Laakkertier en de Stasjonsbuert wenje mear allochtonen as autochtonen. De gearstalling fan de allochtone befolking ferskilt per buert. De buerten mei de minste allochtonen - westerske allochtonen meirekkene as allochtoan - yn De Haach binne Dúndoarp, Kijkdún, Kraayenstein en de Fûgelwyk.[3]

De wiken mei de leechste ynkommens it haad fan de befolking binne de Skilderswyk, it Transvaalkertier en Laakkertier en Spoarwyk (alle €9.000,- of leger). De wiken mei it heechste ynkommen it haad fan de befolking binne Benoardenhout, Haachske Bosk (mei in lytse 300 ynwenners) en Westbroekpark/Duttendel (alle €19.000,- as heger).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 151.
  2. Persoanen mei in heit en/of mem berne yn Europa (sûnder Turkije), Noard-Amearika en Oseänië of Yndoneezje of Japan.
  3. De Haach yn sifers
 
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht