Noardwyk (Súd-Hollân)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lizzing fan de gemeente Noardwyk

Noardwyk (Nederlânsk en offisjeel Noordwijk) is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De gemeente hat 42.861 ynwenners (2019) en hat in oerflak fan 51,53 km²,, dêrfan is 16,12 km² wetter.

Skiednis en etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste spoaren fan bewenning fan Noardwyk-Binnen komme út ûngefear 20e iuw foar Kristus. Yn Noardwyk oan See ferskynden de earste echte bewenners omtrint 1200, nei alle gedachten fiskers. Yn 847 waard it plak oandien troch in Skotske benediktyn, mei de namme Jeroen fan Noardwyk. Hy boude in kapel en die missywurk. Yn 856 waard hy finzennomd troch de Wytsings en martele. Op 17 augustus 856 waard hy ûnthalze. Om 980 waard hy eare mei de bou fan in romaanske kapel, dy’t al gau in beafeartsoarde waard. Yn 1303 waard dy kapel ferfongen troch in grutte stiennen tsjerke. Dit wie de foarrinder fan de hjoeddeiske Grutte of Sint-Jeroenstsjerke.

Noardwyk wurdt foar it earst neamd yn in jeftebrief fan de kening fan Loataringen oan Gerolf, greve fan West-Frisia, op 4 augustus 889. Dêryn stie dat hy beliend waard mei de ambachtshearlikheid "Nortgo", de âlde namme fan Noardwyk. Northgo betsjut “goa ten noarden", dat wol sizze, wengebiet of parochy oan de noardkant fan de Ryn. Fergelykbere nammen komme foar yn Fryslân en Grinslân yn Wolvegea en Hunsingoa.

Hoe’t de namme "Nortgo" yn "Noardwyk" feroarje kin hat komt troch in rige fan klankferoarings en werynterpretaasjes. Fermeldingen oan de ein fan de 12e iuw litte sjen dat de beklamme -go (9e ieu en -ga (10e iuw) in ûnbeklamme -ge of -ke wurden is, en dat in ûnbeklamme lûd foar –ge ynfoege wurde koe, wat resultearre yn "Nortege", "Norteke" en "Nortike". Yn dy foarm koe it lêste lûd dêrnei weifalle, wat ta "Noortich" en "Nortic" late. Werynterpretaasje troch 13e iuwske skriuwers levere namen op as "Nortdijc" en "Nortdike". Dat úteinlik net “Noarddyk” mar “Noardwyk” de definitive namme wurden is, is in oar gefal fan werynterpretaasje. Omdat de namme fan de buorgemeente Katwyk yn it pleatslike dialekt útsprutsen waard as "Kattek" of "Kattik", waard yn oerienstimming dêrmei "Noartek" of "Noartik" de plaknamme "Noardwyk" foarme. De grutte omslach nei -wyk is earne bard tusken 1459 en 1541.[1]

Op 1 april 1398 ferliende greve Albrecht fan Beieren op fersyk fan inkele ynwenners oan Noardwyk stedsrjochten, mar op 12 maart 1399 luts hy de ferliening wer yn mei as reden dat de oanfregers net rjochtige wiene ta dit fersyk. It gefolch dêrfan wie dat der nea stedsmuorren en poarten boud binne. Noardwyk hâlde wol syn status fan ambachtshearlikheid.[2]

Yn 1429 waard Noardwyk offisjeel troch de biskop fan Utert ta beafeartsoarde ferheft. It wichtichste relikwy wie in skedel dy’t ûntdutsen waard yn de Sint-Jeroenstsjerke en dêr’t fan oannomd waard dat dy fan Sint-Jeroen wie. Yn 1450 waard Noardwyk-Binnen troffen troch in grutte stedsbrân, dêrby waard de tsjerke ferwoaste. Yn de 16e iuw kaam der troch de Reformaasje in ein oan it bestean fan Noardwyk as beafeartsoarde. De skedel fan Sint-Jeroen is sûnttiids ferswûn. Neffens de oerlevering soe de skedel yn de tsjerke begroeven wêze.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardwyk hie yn 1474 in fleat fan 38 skippen. De fleat mei saneamde bomskûten farde út fanôf it strân. Der waard benammen fiske op hjerring, kabbeljau, skylfisk, witing en skol. Yn 1913 farde foar de lêste kear in bomskûte út. Ek Noardwyk-Binnen profitearre fan de fiskerij mei de lynbanen, dêr’t tou makke waard.

Yn de 18e en 19e iuw waarden yn Noardwyk-Binnen krûden kweekt. Noardwyk-Binnen wie doe it belangrykste krûdesintrum fan Nederlân. De krûden waarden ferhannele yn Amsterdam en brûkt foar midisinale tapassings. Troch de opkomst fan gemysk makke medisinen ferdwûn de krûdetylt oan de ein fan de 19e iuw. Ek blykte yn 1880 dat de sângrûn fan Noardwyk gaadlik wie foar de blombollekkweek. Der fêstigen har yn koarte tiid sa 'n 250 blombollekwekers yn Noardwyk, dy’t in soad sân ôfgroeven. Der waarden benammen tulpen, titelroazen en gladioalen ferboud.

Yn 1866 waard Noardwyk in baaiplak. Omdat it seewetter medisinale wurking skynde te hawwen kamen der minsken mei in koetske in dei nei it strân. Ek waard yn dizze tiid de earste peal fan Huis ter Duin slein. Lykas safolle oare hotels rjochten dy fan Noardwyk har mear en mear op de merk fan saaklike gearkomsten. Sa brûkte it Nederlânsk fuotbalalvetal Huis ter Duin foar oernachtings by gearkomsten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: