Springe nei ynhâld

Wolvegea

Ut Wikipedy
Wolvegea
It âlde gritenijhûs fan Weststellingwerf, ea op it krúspunt fan de drokste diken, no oan it Sintrumplein
It âlde gritenijhûs fan Weststellingwerf, ea op it krúspunt fan de drokste diken, no oan it Sintrumplein
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 13.355 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 13,19 km², wêrfan:
- lân: 12,07 km²
- wetter: 1,12 km²
Befolkingsticht. 1.098 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8471-8472
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 52' N 5° 59' E
Lokaasje Wolvegea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Wolvegea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
FB-side Wolvegea
Kaart
Wolvegea (Fryslân)
Wolvegea

Wolvegea is it haadplak fan de gemeente Weststellingwerf, oan it spoar fan Swol nei Ljouwert. De gemeente besiket mei it nijbouprojekt De Lindewyk, 'wenjen oan it wetter' fan Wolvegea in trekpleister te meitsjen foar minske en natuer.

Wolvegea hat 13.355 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

In kaart fan Wolvegea ± 1850 fan Eekhoff. Te sjen binne û.o. de Mole, it doarp Haule en de Nije Oanlis. Ek binne de bûtens fan Van Haren en Van Heloma te sjen, en ek de Lycklama Stins

Wolvegea is oarspronklik in streekdoarp. De âldste boarne wêryn it doarp neamd wurdt is út 1218. Yn de 19e iuw ûntwikele it doarp him ta in wichtige kearn. Grutte oarsaak wie de oanlis fan de ryksstrjitwei tusken Ljouwert en Swol yn de jierren '20 fan de 19e iuw. Dy dyk krúste yn it doarp in wichtige east-westferbining. Op it krúspunt fan de beide wegen waard yn 1835 it gritenijhûs boud (sjoch ôfbyld). Dêrmei waard Wolvegea definityf it haadplak fan de gemeente Weststellingwerf. Hoewol't it gebou yn funksje al ferskate opfolgers hân hat, bestiet it noch altyd. Der sitte yn 2008 inkele bedriuwen en apparteminten yn.

Ek de iepening fan steatsspoarline A tusken Arnhim, Swol en Ljouwert yn 1868 droech by oan de ûntwikkeling fan it doarp. It âlde stasjonsgebou út 1865 bestiet, nettsjinsteande in jierrenlange driging ta sloop, noch altyd en is yn 1991 hielendal fannijs opmakke. Ek bûten de âlde wegen wreide de bebouwing him mear konsintrearre út. Yn 1839 waard it publike kuierplak De Nije Oanlis as wurkferskaffingsprojekt útfierd. It park waard ûntwurpen troch de ferneamde túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard. Dêrneist hienen ek de grutte bûtenhuzen grutte parkeftige tunen. Hjirfan binne noch inkele lytse gedieltes bewarre bleaun, soms allinnich mar yn de foarm fan wat âlde beammen.

It nije gemeentehûs fan Weststellingwerf as middelpunt fan ferskate nijbouprojekten op ynwreidingslokaasjes, wêrûnder de bibleteek, winkels en apparteminten links op de foto

Nei de Twadde Wrâldoarloch is it wenningbestân fan Wolvegea bot tanommen. Benammen oan de súd- en westkant wreide it doarp him út mei nije wenwiken. Tichteby it sintrum wie it benammen sosjale wenningbou, rjochting it bûtegebiet binne yn haadsaak keapwenten setten. Yn de jierren 1990 kaam der midden yn it doarp in wenwyk by op it plak fan de âlde drafbaan. Letter folgen nijbouprojekten by it eardere bûtenswimbad en in tichteby steande middelbere skoalle. Ek oan de eastlike kant fan it winkelsintrum ûntstienen in grut oantal útwreidingslokaasjes, ûnder oare op it eardere merkeplein, inkele âlde bedriuwsgebouwen en twa âlde supermerklokaasjes. Dêr kamen benammen appartemintekompleksen te stean. De heechbou slút goed oan by it tichtby steande nije gemeentehûs mei acht ferdjippings. Dy werynrjochting fan de eastlike kant fan it sintrum waard yn 2008 foltôge.

De opknapte Martinibuert, wêrby't de wenningen mei útienrinnende materialen renovearre binne

Sûnt it begjin fan de 21e iuw is in grut part fan de hierwenningen yn de Martiniwyk út de jierren 1960 opknapt. De ientoanige boublokken en de ferwaarloaze iepen romte binne yn it ramt dêrfan omfoarme ta in oantreklike iepen wyk mei in soad ferskaat. Suver tagelyk waard oan de eastlike kant fan it doarp begûn mei de bou fan in grutte wenwyk. Foar it nijbouprojekt De Lindewyk waard sa goed as it hiele gebiet tusken it spoar en de A32 opfolle mei wenningen, grien en fral wetter. Yn de wyk binne sa'n 650 wenningen boud, dêrneist waard it kenmerkende lânskip fan de Lindefallei de wyk yn lutsen. Ek is der in grut rekreaasjeterrein mei swimplasse en strân oanlein.

Wolvegea leit yn in agraryske krite. Iuwenlang waard der eltse wike de feemerk fan Wolvegea holden, dy't yn 1972 opheft waard. Fierders wie foar it doarp ek de hannel yn turf in wichtige boarne fan ynkomsten. Neidat turf as brânstof hieltiten mear ferfongen waard troch stienkoal, oalje en gas, luts it doarp mear yndustry oan. Yn 2008 hat Wolvegea trije bedriuwenterreinen. It âldste fan dizze terreinen leit om de Skipsleat. It lykneamde terrein is yn de rin fan de jierren fierder útwreide. De útwreidingen makken dat hieltyd mear gebouwen leech kamen te stean. Yn 2004 is it bedriuwenterrein dêrom opknapt en kaam der in soad grien by. Yn 2008 stean op de Skipsleat sa'n 60 bedriuwen dy't oan mear as 650 minsken wurkgelegenheid biede. Oan de westside wurdt it terrein noch fierder útwreide.

Oan de eastside fan de Skipsleat, tusken it spoar en de âlde wei nei It Hearrenfean, leit bedriuwenterrein Hearendiel. Hjir is benammen plak foar bedriuwen dy't bygelyks aktyf binne yn de yndustry, distribúsje en gruthannel. Tusken de Hearrenfeanskewei en de A32 leit it bedriuwenterrein De Plantaazje. Hjir steane benammen kantoaren en tsjinstferlienende bedriuwen.

De N351 slingert as rûnwei Om den Noort tusken de trije bedriuwenterreinen troch. De bedrijven binne hjirtroch goed oansluten op de grutste útfalswegen. En ek it stsjon leit yn de measte gefallen op rinôfstân.

Lindenoard

It ienige bûtenhûs dat no noch yn Wolvegea stiet, is Huzinge Lindenoard. Hjir hat ûnder oare de ferneamde grytman Willem van Haren wenne. Hy wie de earste Van Haren dy't yn opfolging 122 jier grytman wienen. Willem van Haren wie grytman fan Weststellingwerf tusken 1688 en 1711. Syn pakesizzer Onno Zwier van Haren wie tusken 1742 en 1779 neist ûnder oare adviseur fan Steedhâlder Willem IV ek grytman fan Weststellingwerf. Nei in brân yn 1776 liet hy it hûs tusken 1776 en 1779 werbouwe yn Loadewyk XIV-styl.

Tsjerke op 'e Hichte'
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke op 'e Hichte.
De Wikipedy hat ek in side Sint-Fransiskustsjerke (Wolvegea).

In oar kenmerkend gebou yn it doarp is de Tsjerke op'e Hichte (PKN). Dy waard yn 1646 nei ferwoasting fan de oarspronklike tsjerke boud mei diels it materiaal fan de âlde muorren. De houten bekroaning fan de toer is út 1894. Oan de oare kant fan it spoar stiet de troch Pierre Cuypers jr. ûntwurpen roomske Sint-Fransiskustsjerke út 1939.

Fan de yn Weststellingwerf berne Peter Stuyvesant stiet in monumint fan Jentsje Popma.

Yn de âlde boargemasterswente is tsjintwurdich de Aldheidkeamer Weststellingwerf ûnderbrocht. It gebou datearret fan 1925.[3] Yn de nôtmole Wynlust wurdt noch jimmeroan nôt meald. Yn de omkriten is noch in poldermole, dy't de namme De Gooyer draacht.

Piter Stuyvesant (1955) (Jentsje Popma)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2021
Ynwenners 5.555 6.162 7.591 9.097 10.346 12.150 13.090

As haadplak fan de gemeente Weststellingwerf hat Wolvegea in wichtige regiofunksje. Yn it winkelsintrum sitte supermerken en in soad winkels. Dêrneist sit hjir de grutste wenbûlevard fan Fryslân en bine der moadesaken, kafees en hotels.

De Wolf fan Wolvegea

Op sportgebiet binne der in swimbad, in tal fuotbalfjilden, in skeeler- iisbaan en sportsealen. Wolvegea hat it modernste drafsportsintrum fan Nederlân. Hjir wurde, neist Duindigt de measte profesjonele wedstriden ferriden wêr't wedde wurde kin.

Yn Wolvegea binne twa middelbere skoallen: it Linde Kolleezje en AOC Terra. De basisskoallen binne: Túndoarpskoalle, De Heidepolle, Doarpsskoalle, Súd, De Adelaar, De Wegwijzer, Sint Franciscusskoalle en de Mgr. J. Scholtensskoalle.

Sint-Fransiskustsjerke

Bekende ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wolvega leit oan de autosnelwei A32 tusken It Hearrenfean en Stienwyk.

Iepenbier Ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It stasjon fan Wolvegea

De strjitten yn Wolvegea.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
· · Berjocht bewurkje