Poldermole

Ut Wikipedy
De Grutte Mole yn Schellinkhout is in achtkante poldermole
Wipmole mei iepen skeprêd
Spinnekop: de Oudenhofmole yn Oegstgeest
Tsjasker yn Dútslân
Moletrijegong by Leidschendam

In poldermole (ek wol wettermole neamd, mar dy namme jout betizing) is in wynmole dy't wetter fan in leger nivo nei in heger nivo bringt. Dit type mole komt benammen foar yn poldergebieten.

Oars as de yndustrymole bygelyks in nôtmole, in papiermole of in seachmole wêr't de produksje fan materialen in ferkeapber produkt opleveret, is de poldermole lichtwol it ienige type mole dat gjin direkt gewin foar de moolner jout. De poldermole is meastentiids eigendom fan in wetterskip of stifting dy't de moolner leannet foar it wurk.

By in poldermole is it oandreaune wurk ( de fizel of it skeprêd ) fêst opsteld. By in houten achtkante poldermole is de kape draaiber en by in wipmole en spinnekop it boppehûs, wêrtroch't de wjukken op de wyn kruid wurde. De spinnekop is in lytse poldermole. De tsjasker is noch lytser, steunt op in peal of bok en is hielendal draaiber. Ek is der noch in greidemole, dy't himsels op de wyn set.

Beneaming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beneaming fan moletypen jout wolris betizing. De nammejouwing kin per streek ferskille, in bepaald moletype kin bekend stean ûnder ferskillende nammen. It omkearde bart ek: ferskate moletypen stean bekend ûnder deselde namme. Bygelyks in wettermole is ek in mole dy't wetter as oandriuwkrêft brûkt. Dêrom wurdt yn dit lemma fan poldermole sprutsen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste oant no bekende fan wyn oandreaune poldermole wurdt fermelden yn de Bourgoyenmeersen yn Gint yn 1316 as de "hoesse molen" (Hoosmolen). Yn it begjin fan de 15e iuw waard yn de omkriten fan Alkmar foar it earst yn Nederlân gebrûk makke fan poldermoles; de earste waard yn 1407 yn gebrûk nomd. It idee bliek yn de praktyk súksesfol en al gau ferskynden der troch hiel Nederlân mear eksimplaren. Yn de iuwen dêrnei waard de poldermole in wichtich ynstrumint by de behearsking fan de Nederlânske wetterhúshâlding. Oant de komst fan de stoomgemalen yn de 19e iuw en de elektryske gemalen yn de 20e iuw wienen de poldermoles it wichtichste helpmiddel om polders drûch te meallen.

Ferskate types[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestean ferskate types poldermoles. Op de boppeste foto stiet in achtkante poldermole (in Noard-Hollânske binnenkruier). Oare types poldermole binne de tsjasker, de spinnekop, wipmole en de Amerikaanske wynmotor.

Wurking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In poldermole makke oarspronklik gebrûk fan in skeprêd om it wetter nei in heger nivo te skeppen. Mei dizze technyk kin in mole it wetter sawat oardel meter fersette. Mei de tapassing fan de fizel (skroef fan Argimedes) nei de 19e iuw koe de opfierhichte fergrutte wurde ta 4 à 5 meter.

Molegong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As it te oerwinnen nivoferskil grutter is as in mole oan kin, wurde der meardere moles delsetten. As twa of mear moles it wetter fan inselde leech wetterpeil nei inselde heger wetterpeil, de boezem, ferpleatse, wurdt dit in molegong neamd.

As it wetter oer in gruttere hichte ferpleatst wurde moat as dat ien molegong maksimaal oan kin, dan wurde der meardere molegongen efter inoar boud. Dit komt benammen foar by djiplizzende polders. Dit wurdt trepte bemealling neamd. Yn de praktyk bestiet in molegong út maksikmaal trije treppen:

  • de ûndermole mealt it wetter út de polder wei yn de ûnderboezem;
  • de middenmole mealt it wetter út de ûnderboezem yn de tuskenboezem;
  • de boppemole mealt it wetter yn de ringfeart.

Nederlânsk bekendste molegong stiet yn Kinderdijk.

Drûchmakking fan grutte marren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Molebouwer Jan Adriaenszoon Leeghwater ferbettere yn de 17e iuw de technyk fan de poldermole. Hjirtroch en tanksij de tapassing fan molegongen, koenen fan de 17e iuw ôf ek gruttere marren drûchlein wurde. It earste grutte projektwie de Beemster, dy't yn 1612 mei inkele tsientallen moles drûchmeald waard. Fanwege súkses waard dizze formule by mear poldrs tapast. In Noard-Hollân by de Skermer binne noch altyd inkele molegongen te finen. Ek yn Súd-Hollân steane noch molegongen yn: Aarlanderveen, Zevenhuizen, Leidschendam en it wrâldferneamde Kinderdijk.

Gemalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich is de funksje fan de poldermoles faak oernomd troch moderne gemalen, dy't mei in gruttere kapasiteit ûnder alle waaromstandichheden it wetter oer gruttere hichtes ferpleatse kinne. Der steane lykwols benammen yn Noard- en Súd-Hollân noch tsientallen poldermoles yn it leechlizzende lân.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]