Beemster

Ut Wikipedy
Gemeente Beemster
Flagge fan de gemeente Beemster        Wapen fan de gemeente Beemster
(Flagge fan Beemster) (Wapen fan Beemster)
Lokaasje fan de gemeente Beemster
Provinsje Noard-Hollân
Boargemaster
Haadplak Middenbeemster
Oerflak
- wetter
72,07 km²
-  1,49 km²
Ynwenners 10.105
Ferkearsieren A7, N243, N244
Netnûmer 0299
Postkoades 1460-1464
Offisjeel webstee www.beemster.net

Beemster is in eardere gemeente en polder yn de gemeente Purmerein yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente, dy't ûntstie yn 1812, hie 10.105 ynwenners (2021) en besloech in oerflak fan 72,08 km². De gemeente Beemster makke diel út fan 'e plusregio Stedsregio Amsterdam. It haadplak fan 'e gemeente wie Middenbeemster.

De gemeente Beemster is sûnt 1 jannewaris 2022 opheft en fusearre mei de gemeente Purmerein, dêr 't op 9 jannewaris 2018 ta besletten wie.