Feriene Eastyndyske Kompanjy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It VOC-logo
It feitlik oktroaigebiet fan de FEK

De Feriene Eastyndyske Kompanjy, FEK (Vereenigde Oostindische Compagnie, VOC) wie in bedriuw dat yn de 17e ieu en de 18e ieu it Nederlânsk monopoalje op hannel mei East-Ynje hie. It wie opset foar it permanint finansierjen fan East-Ynjereizen, yn stee fan it finansierjen fan aparte reizen sa't dat oant dan ta dien waard. Hjirta waarden seis keamers oprjochte, yn fiif plakken en ien provinsje dy't hannel mei East-Ynje hienen. Dy keamers brochten kaptaal yn troch de útjefte fan oandielen. Mei dat kaptaal waarden de skippen finansiere, en letter ek alle fêstigings fan it bedriuw yn East-Ynje. Mei dy fêstigings waard de FEK ta in multynasjonaal bedriuw, net folle oars as hjoeddeiske multinasjonale bedriuwen.

De eartiids yn seefeart en hannel útblinkende Friezen hawwe net in grut oandiel hân yn de VOC (1621-1800). Se hienen oandielen, namen tsjinst op VOC-skippen en emigrearden soms nei Súdeast-Aazje. Doe't yn 1602 ynskreaun wurde koe op de oandielen, skreau Fryslân mar foar sa'n F 8000.000 yn en krige ien fan de keamers. De Friezen wienen hjiroer fergrime. Se kearden har tsjin de Hollânske en Sieuske kapitalisten en de Hollânske hegemony (1603-1665). In eigen Fryske VOC bestie sûnt 1642, mar allinnich op papier. Fryske keaplju, dêrby steund troch harren Steaten en steedhâlder Willem Freark hawwe omdochs besocht tusken de nei frijheid stribjende kolonisten en de monopolistyske bewâldhawwers fan de VOC in kyl te driuwen. Hollân ferwite de Friezen gebrek oan aksje by de oprjochting. Boppedat krigen se de rie de te keap oanbeane oandielen oer te nimmen.

VOC-stêden[bewurkje seksje | edit source]

Skipswerf dan de VOC op Oostenburg yn Amsterdam

.

Inkelde VOC-retoerskippen[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Replika fan de Duyfken
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Category:Dutch East India Company en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.