Hoarn (Noard-Hollân)

Ut Wikipedy
Gemeente Hoarn
Flagge fan de gemeente Hoarn        Wapen fan de gemeente Hoarn
(Flagge fan Hoarn) (Wapen fan Hoarn)
Lokaasje fan de gemeente Hoarn
Provinsje Noard-Hollân
Boargemaster Jan Nieuwenburg
Haadplak Hoarn
Oerflak
- wetter
52,49 km²
-  32,62 km²
Ynwenners 67.753
Ferkearsieren A7
Netnûmer 0229
Postkoades 1620-1628, 1689 & 1695
Offisjeel webstee www.hoorn.nl
Topografyske kaart fan de gemeente Hoarn
Binnenhaven
See foar Hoarn

Hoarn[1] (Nederlânsk en offisjeel: Hoorn, Westfrysk: Hoorn) is in stêd en gemeente yn de regio West-Fryslân fan de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De stêd Hoarn krige yn 1357 stedsrjochten, wat as it begjin fan it gemeentlik bestjoer sjoen wurde kin. Hoarn ferfollet in sintrumfunksje foar West-Fryslân. Hoarn hat 68.316 ynwenners (1 juny 2007) en in oerflak fan 52,49 km².

Stêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 sil de stêd 650 jier bestean; de gemeente en foaral de stêd sels binne fan doel dit mei ferskate festiviteiten te fieren.

Gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stêd

  • Hoarn

Doarpen

Buorskippen

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoarn wie yn de 17e iuw in stêd fan belang, omdat dit ien fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy-stêden wie. Der wie faak hannel yn bygelyks piper tusken Nederlânsk-Ynje en Nederlân.

Ferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Treinen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 3200 Intercity Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal
  • 3300 Stoptrein Hoarn Kersenboogerd – Hoarn – Schiphol – Haadddoarp.
  • 3400 Sneltrein Hoarn – Alkmar – Haarlim – De Haach Sintraal.
  • 4500 Stoptrein Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal.

Autodyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Steateloazjemint
  • Bûterhal
  • Keamer Hoarn Feriene Eastindyske Kompanjy
  • Westfrysk Museum
  • Waach
  • Diaconiehús
  • Pakhuzen Bierkaai
  • Haadtoer
  • Keamer Hoarn Feriene Westyndyske Kompanjy
  • Bossuhuzen
  • Easterpoarte
  • Eastertsjerke
  • Foreestenhûs
  • Poarte Admiraliteitsgebou
  • Weeshûs
  • Mariatoer
  • Aldste wenhûs
  • Doelen
  • Claes Stapelshof
  • Sint Pitershof
  • Timmermansgildehûs
  • Noardertsjerke
  • Ramen 1-3
  • Luterske Tsjerke
  • Menniste Tsjerke

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2005 - 68.138
  • 2000 - 64.604
  • 1950 - 12.988
  • 1900 - 10.804

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 151.
 
Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort