Hollâns Kroan
| Hollâns Kroan Hollands kroon | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Gemeentehûs fan Hollâns Kroan yn Anna Paulowna | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hollâns Kroan (Nederlânsk: Hollands Kroon) is in gemeente yn 'e regio West-Fryslân (foar in part) yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente waard op 1 jannewaris 2012 foarme troch de fúzje fan 'e eardere gemeenten Wieringen, Wieringermar, Anna Paulowna en Niedoarp. It gemeentehûs fan Hollâns Kroan stiet yn Anna Paulowna. De gemeente is part fan 'e gearwurkingsregio Noardkop. De gemeente bestiet benammen fan 'e lânbou, lykas feehâlderij, ikkerbou, blombolletylt en glêstúnbou.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skiednis fan foar it foarmjen fan 'e gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente beslacht in gebiet dat yn 'e rin fan 'e iuwen ynpoldere waard, nei't it yn 'e midsiuwen foar it grutste part troch de see ferswolgen waard. In part fan it gemeentegbiet wie lange tiid part fan 'e Sudersee, de eardere gemeente Niedorp leit yn 'e Westfryske Ringdyk, wylst Wieringen hiel lang in eilân west hat. Dat eilân krige yn 1432 stedsrjochten. Ek it gebiet yn 'e Westfryske Ringdyk krigen ferskate doarpen stedsrjochten. De doarpen Barsingerhorn en haringhuizen krigen tegearre as stede Basingerhorn stedsrjochten, wylst de stede Niedorp foarme waard torch de doarpen Oude Niedorp en Nieuwe Niedorp. Winkel krige ôfsûnderlik in stedsrjocht yn 1415. Hja wiene part fan in rige plattelânstêden yn West-Fryslân.
Wieringen hold yn it begjin fan 'e 20e iuw op te bestean as eilân, doe't de Wieringermar ynpoldere waard. Fan Wieringen ôf ferbynt de Ofslútdyk de gemeente mei Fryslân. It gemeentegebiet fan Hollâns Kroan is fanâlds rjochte op 'e lân- en túnbou. De blombolletylt om Breesân hinne en 'e grentekassegebiet Agriport A7 by Middenmar yn 'e Wieringermarpolder binne dêr foarbylden fan.
Skiednis fan 'e gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2012 by de fúzje fan 'e gemeenten Anna Paulowna, Niedorp, Wieringen en Wieringermar. Op 13 septimber 2011 stimde de Earste Keamer yn mei de fúzjegemeente d♪6r't de gemeente troch ûntstean koe. Op 23 novimber 2011 keazen de ynwenners fan de fjouwer eardere gemeenten by weryndielingsferkiezings de earste gemeenteried fan Hollâns Kroan. De gemeente kaam ferskate kearen yn it lanlik nijs omtrint de rekkensintrums fan Microsoft en Google en de ûnderstelde bestjoerlike mislieding dêromhinne.
Namme fan 'e gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wurknamme fan d efúzjegemeeente wie ynearsten "Amstelmeer". Dy namme komt fan 'e Amstelmar, om't trije fan de fjouwer gemeenten oan dy mar leine. Lang om let waard besletten in wedstriid út te skriuwen ûnder de ynwenners foar it betinken fan in gemeentenamme. Op 27 april 2010 waard de namme "Hollâns Kroan" buorkundich makke nei't ynwenenrs foarstellen ynstjoerd hiene. De namme komt oerien mei dy fan it eardere wetterskip Hollâns Kroan dat yn 1994 út in fúzje ûntstien wie en yn 2003 yn it wetterskip Hollâns Noarderkertier opgien is.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De gemeente bestiet út fjouwer plakken mei histoaryske stedsrjochten: Barsingerhorn, Niedorp, Wieringen en Winkel.
De gemeente hat 24 offisjele kearnen en ferskate útbuorrens en buorskippen.
Hjirûnder is in tabel mei plakken en har ynwenners (1 jannewaris 2023)'
| Kearn | Ynwenners | Kearn | Ynwenners |
|---|---|---|---|
| Anna Paulowna | 8.655 | Oosterland | 180 |
| Barsingerhorn | 915 | Oude Niedorp | 405 |
| Breesân | 3.770 | Slootdorp | 2.195 |
| Den Oever | 2.290 | Stroe | 95 |
| Haringhuizen | 180 | Van Ewijcksluis | 220 |
| Hippolytushoef | 5.070 | 't Veld | 2.260 |
| Kolhorn | 1.080 | Westerland | 780 |
| Kreileroord | 595 | Wieringerwaard | 2.425 |
| Lutjewinkel | 780 | Wieringerwerf | 6.115 |
| Middenmeer | 4.290 | Winkel | 3.505 |
| Nieuwe Niedorp | 3.320 | Zijdewind | 400 |
| Nieuwesluis | 105 | De Haukes | 135 |
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de gemeente hinne rint de autosnelwei A7. Autodiken binne de N99, N239, N240, N241, N242, N248 en de N249.
It iennige treinstasjon yn 'e gemeente is Stasjon Anna Paulowna oan it spoar fan De Helder nei Amsterdam.
De gemeente hat twa fleanfjilden:
- Fleanfjild Wieringermar by Slootdorp is in sweeffleanfjild
- Fleanfjild Middenmeer is in saneamd ultralight fleanfjild, ornearre foar lytse sportfleantugen.
Gemeenteried
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeenteried fan Hollâns Kroan bestiet út 29 sitten. Boargemaster is Rian van Dam (PvdA).
| Partij | 2011 | 2014 | 2018 | 2022 |
|---|---|---|---|---|
| Onafhankelijk Hollands Kroon | - | - | 3 | 8 |
| CDA | 5 | 4 | 5 | 5 |
| VVD | 8 | 5 | 5 | 4 |
| Senioren Hollands Kroon | 4 | 6 | 7 | 4 |
| GroenLinks | 1 | 1 | 2 | 2 |
| PvdA | 4 | 3 | 2 | 2 |
| LADA & ANDERS! | - | - | - | 2 |
| D66 | 1 | 1 | 2 | 2 |
| KristenUny | 1 | 1 | 1 | - |
| Lokaal Alternatief Democratie Anders (LADA) | 3 | 6 | 1 | - |
| ANDERS! | 1* | 1** | 1 | - |
| Partij Vrije Liberalen | 1 | - | - | - |
| Totaal | 29 | 29 | 29 | 29 |
| Opkomst | 40,52% |
*: as Progressyf Wieringermar
**: as Progressyf Hollâns Kroan
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hollâns Kroan fan Wikimedia Commons. |
| Gemeente Hollâns Kroan | ||
|---|---|---|
| Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • De Haukes • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
| Utbuorrens: De Belt • Dam • De Elft • De Gest • De Heid • De Hoelm • Hollebalg • Kleine Sluis • Kreil • Moerbeek • De Normer • Noord-Stroe • Noordburen • Noorderbuurt • Oosterklief • Poolland • Smerp • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief • Zandburen | ||
| Gemeenten yn de krite West-Fryslân | ||
|---|---|---|
| Alkmar - Dyk en Waard - Drechterlân - Hoarn - Hollâns Kroan - Inkhuzen - Koggelân - Medemblik - Opmeer - Skagen - Stede Broec | ||
| Noard-Hollân | |
|---|---|
| Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort | |
| wizigje | |
