Blokker (plak)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Blokker.jpg

Blokker is in Westfrysk doarp yn de gemeenten Hoarn en Drechterlân. It bestiet út twa plakken: Westerblokker Oosterblokker (West-Frysk: Oôsterblokker). Westerblokker makket tsjintwurdich diel út fan de gemeente Hoorn, Oosterblokker fan de gemeente Drechterlân. Westerblokker wurdt troch de gemeente en provinsje ek wol gewoan Blokker neamd. Blokker hat 5.580 ynwenners (2007), wêrfan 1.570 yn Oosterblokker wenje en 4.010 yn Westerblokker.

Blokker krige yn 1964 lanlike bekendheid doe't yn it gebouw fan de pleatslike grientefeiling "Op Hoop van Zegen" The Beatles twa kear achterelkoar optreden - harren ienige optredens ea op Nederlânske grûn. Wol ha se yn Hillegom noch in konsert jûn, dat wie de tv-registraasje.

It plak is al iuwen opdield yn twa dielen, al yn de 13e iuw wurdt sprutsen oer in eastlik en in westlik diel, mar it is pas sûnt 1979 dat Blokker yn ferskillende rjochtsgebieten falt. Oant 1979 wie Blokker sels in eigen gemeente, oant dize opdield waard yn de gemeenten Hoorn, Bangert (Drechterlân) en Venhuizen.

De plaknamme Blokker is de 'ferbastere' namme foar Blokwar(ren). Dy namme is in ferwizing nei it rjochthoekige en fjouwerkante lân dat foarme waard troch de twa sleatten dy't oan beide kanten fan it lân lizze.

Oosterblokker is wat men it eastlike gebiet neamde fan de Blokwar(ren). Yn 1396 komt it plak foar as Oesterblocwer, yn 1414 as Oisterblocweer en yn 1639 as Ooster Blocker.

Westerblokker is wat men it westlike gebiet neamde fan de Blokwar(ren). Yn 1289 komt it plak foar as Westerblokweere, yn 1396 as Westerblocwer en yn 1639 as Wester Blocker.

Op de súdlike dyk fan de Blokwarren ûntstie noch in plak, it hjoeddeiske doarp Blokdyk, dat leit ek yn de gemeente Drechterlân, mar wie yn 1979 in diel wurden fan de sûnt 2006 eardere gemeente Venhuizen.

Blokker foel in tid ûnder de stede Westwâld, dat yn 1414 stedsrjochten krigen hie. Mar uteinlik skieden de twa fan inoar, en waard Blokker selsstannich.

Bezienswaardigheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]