Springe nei ynhâld

Noard-Hollân

Ut Wikipedy
Noard-Hollân
          
folksliet: Ik Hou van het Groen in Je Wei
polityk
lân Nederlân
statusprovinsje
oprjochting1840
offisjele taalNederlânsk
haadstêdHaarlim
tal gemeenten44
kommissaris fan
   de kening
Arthur van Dijk
  (VVD)
geografy
geograf. koördinaten52°40' NB 4°50' EL
oerflak4.091,93 km² (2015)
    dêrfan lân2.662,57 km²
    dêrfan wetter1.429,36 km²
  rang provinsjes6e fan 12
demografy
ynwennertal2.993.0881
  teldatum 1 jannewaris 2025
  rang provinsjes2e fan 12
befolkingstichtens1.124 / km²
grutste plakAmsterdam
religy (2015) 62,9% ateïsten en agnosten
16,3% roomsk-katoliken
7,9% protestanten
6,6% moslims
6,2% oaren
oar
NUTSNL32
ISO 3166-2NL-NH
tiidsôneMET (UTC+1)
simmertiidMEST (UTC+2)
offisjele webside
www.noord-holland.nl
1) boarne: CBS-StatLine

Noard-Hollân (Nederlânsk: Noord-Holland, Lânwestfrysk: Noard-Holland) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt de opdieling fan 'e âlde Provinsje Hollân yn 1840. It hat 2.993.088 ynwenners (1 jannewaris 2025, boarne: CBS), en in oerflak fan 4.092 km².

Noard-Hollân is in provinsje yn it noardwesten fan Nederlân. De haadstêd is Haarlim. Noard-Hollân bestiet foar it grutste part út in kop-foarmich skiereilân tusken de Noardsee, de Waadsee en de Iselmar.

De provinsje kin ûnderferdield wurde yn in noardlik en súdlik part, mei it Noardseekanaal as grins. It súdlik part is tichtbefolke mei stêden as Amsterdam en Haarlim en de gemeente Haarlimmermar. It fleanjild Skiphol en It Goai lizze ek yn it suden. It gebiet noardlik fan it Noardseekanaal is tinner befolke. De histoaryske regio's en geakundige regio's yn dat gebiet binne Kinmerlân, Saanstreek, Wetterlân (mei it eardere eilân Marken), West-Fryslân en de Kop fan Noard-Hollân (mei it eardere eilân Wieringen en it eilân Teksel).

De lange kustline mei brede sânstrannen en dúngebieten binne byldbepalend foar it westen fan 'e provinsje. In fearnspart fan de provinsje bestiet út marren, fearten en sleatten. De wichtichste kanalen binne it Noordhollandsch Kanaal en it Amsterdam-Rynkanaal. Amsterdam is neamd nei rivier de Amstel.

It grûngebiet fan 'e hjoeddeistige provinsje wie yn 'e hege midsiuwen ûnderdiel fan it Fryske goa Westflinge. Yn 'e 13e iuw wienen der ferskate fjildslaggen tusken de Hollânske greven en West-Fryslân. Nei de Slach by Froanen en de dêropfolgjende genoside fan 'e Friezen waard West-Fryslân yn 1297 ûnderdiel fan Noard-Hollân. It Greefskip Hollân wreide dêrmei út nei it noarden.

Yn 1581 gong it Greefskip Hollân mei it útroppen fan 'e Nederlânske ûnôfhinklikheid oer yn it nije gewest Hollân. Hollân wie it rykste gewest fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Yn 1795 waard it gewest, mei de komt fan 'e Frânsen, opheven. Yn 1814 waard Hollân as Provinsje Hollân ûnderdiel fan it nije Feriene Keninkryk fan de Nederlannen. Troch minister Van Maanen waard yn de grûnwetkommisje de namme "Holland en West-Friesland" foarsteld, mar waard troch de kommisje ôfwiisd.[1] Yn 1840 waard de provinsje Hollân opddield yn Noard-Hollân en Súd-Hollân.

Yn 1932 wie de bou de Ofslútdyk klear. De Ofslútdyk hie grutte gefolgen foar ferkear, miljeu en ekonomy. Yn 1933 koenen de earste auto's oer de Ofslútdyk nei de provinsje Fryslân ride, wat de reistiid ferkoarte. Troch de Ofslútdyk waard de Sudersee fan 'e Waadsee skieden. Ut de Isel wei kaam inkeld noch swiet wetter yn 'e Sudersee, dy't sûnt de oanlis fan 'e Ofslútdyk de namme Iselmar krigen hie. Nei sa likernôch twa jier wie it wetter fan 'e Iselmar gruttendiels swiet, wat grutte ekologyske gefolgen hie. Yn 1939 waard der in nije biologysk lykwicht. De Noard-Hollânske havendoarpen binne troch de oanlis fan de Iselmar gruttendiels opholden te bestean fan 'e fiskerij.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1850 – 472.000
  • 1900 – 961.000
  • 1960 – 2.055.000
  • 1980 – 2.308.000
  • 2000 – 2.518.000
  • 2020 – 2.880.000
  • 2025 – 2.993.000
Noard-Hollân (2019)

Noard-Hollân bestiet sûnt 2022 út 44 gemeenten.

  1. Aalsmeer
  2. Alder-Amstel
  3. Alkmar
  4. Amstelfean
  5. Amsterdam
  6. Bergen
  7. Beverwyk
  8. Blarikum
  9. Bloemendaal
  10. Castricum
  11. De Helder
  12. Diemen
  13. Dyk en Waard
  14. Drechterland
  15. Eastsaan
  16. Edam-Volendam
  17. Felsen
  18. Goaiske Marren
  19. Haarlim (haadstêd)
  20. Haarlimmermar
  21. Heiloo
  22. Heemskerk
  1. Heemstede
  2. Hilfertsom
  3. Hoarn
  4. Hollâns Kroan
  5. Huzen
  6. Inkhuzen
  7. Koggelân
  8. Landsmeer
  9. Laren
  10. Medemblik
  11. Opmeer
  12. Purmerein
  13. Saanstêd
  14. Skagen
  15. Stede Broec
  16. Teksel
  17. Uitgeest
  18. Uthoarn
  19. Wetterlân
  20. Widemarren
  21. Wormerlân
  22. Zandvoort

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Combertus Willem van der Pot, 'Bestuurs- en rechtsinstellingen der Nederlandse Provinciën' (1949) yn: Inventaris van het archief van het Provinciaal Bestuur van Zuid-Holland 1850-1945 (1995), side 9, earste alinea
Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje
Provinsjes fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
· · Berjocht bewurkje