Springe nei ynhâld

Ofslútdyk

Ut Wikipedy
Ofslútdyk
   daam
De Ofslútdyk yn read
De Ofslútdyk yn read
Lokaasje
lân Nederlân
provinsjes Fryslân
Noard-Hollân
gemeenten Súdwest-Fryslân
Hollâns Kroan
koördinaten53° 0' NB, 5° 10' EL
Gegevens
lingte32 km
Bou
boujier1927
ree1932
iepening25 septimber 1933
Opslachmar
ynstreamIselmar
útstreamWaadsee
Gebrûk
weiA7
In satellytfoto fan de Ofslútdyk
It lêste gat wurdt sletten mei balstienliem
Filmbylden fan it sluten fan it lêste gat; 28 maaie 1932.

De Ofslútdyk (Nederlânsk: Afsluitdijk, Westfrysk: Ofsluitdoik) is in dyk tusken it Noardhollânske De Oever en it Fryske Surch. De dyk skiedt sûnt 1932 it Waad (Waadsee) fan de Sudersee, dy't fan dat stuit ôf de ‘Iselmar’ foarmet. De wetterkearing is 32 kilometer lang en sa'n 90 meter breed. De Ofslútdyk is in part fan de Suderseewurken, ûntwikkele troch Cornelis Lely. De namme Ofslútdyk ferwiist nei de oarspronklike opset, dêr't de hiele hjoeddeistige Iselmar by ynpoldere wurde soe. Mar de Ofslútdyk is in daam wurden yn stee fan in dyk, om't der gjin lân en wetter skiedt, mar wetter keart.

Ynearsten soe der ek in treinspoar op de Ofslútdyk komme. Dêr wie ek rekkenskip mei holden, mar úteinlik is der gjin treinspoar op kaam, mar in ekstra brede autosneldyk. Oan de noardkant, dy fan it Waad, leit ek in fytspaad. Der lizze útstellen om by it opheegjen fan de daam yn de takomst dochs noch in spoar oan te lizzen.

Oan alletwa kanten fan de Ofslútdyk lizze slûzen: oan Noardhollânske kant binne dat de Stevinslûzen en oan de Fryske kant de Lorentzslûzen by Koarnwertersân, in earder wurkeilân op likernôch 4 kilometer fan it Fryske fêstelân. Op it plak dêr't it lêste gat yn 'e Ofslútdyk tichte waard, de Flieter waard in monumint oprjochte, it Flietermonumint. Op 'e grins fan Noard-Hollân en Fryslân waard in grinspeal Ofslútdyk set.

Al yn de 17e iuw waarden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk, bygelyks troch Hendrik Stevin, mar yn dy tiid bleau it by plannen; der waard oannommen dat it drûchlizzen fan de binnensee technysk net út te fieren wêze soe. Dat feroare earst yn 1886. Dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte, dy’t ûndersykje woe oft de Sudersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie der ek lid fan en hy makke it plan foar it projekt. Yn 1913, doe’t Lely al minister fan Wettersteat wie, waard de ynpoldering yn it regearprogram opnommen. Yn dy tiid wiene der noch in protte protesten, benammen fan de fiskerij, mar nei de wettersneed fan 1916 en de hongersneed fan 1918 wie de tiid ryp foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint dan ek akkoart.

Foar it ûntwerpen foar soksoarte projekten waarden yn dy tiid ienfâldigere middels wurke wurde ta ferlikening mei hjoed-de-dei. Slûzen en diken waarden earst op skaal boud en test.[1][2]
Yn it orizjinele ûntwerp fan Lely soe de Ofslútdyk net by Koarnwert, mar by Piaam op 'e Fryske kust oanslute. Dêr wie lykwols noed dat it ôfdamjen fan 'e Sudersee liede soe ta gâns hegere floedstoarmstannen by de diken fan Noard-Hollân en Fryslân. Om dêr in goed byld fan te krijen stelde Lely in steatekommisje yn en ûndersykje dat. Dy Steatekommisje Sudersee stie ûnder lieding fan Nobelpriiswinner Hendrik Lorentz. Lely hie mei opsetsin keazen foar in ynternasjonaal erkend wittenskipper om utens fan de top fan Rykswettersteat en mij dêr politike diskusjes oer.[3] De kommisje berekkene it effekt fan 'e Ofslútdyk mei in foar dy snuorje in tige innovative rekkemetoade. Hja kamen ta it einbeslút dat de stoarmfloedhichten yndie by de Fryske diken del justjes heger wurde soene, mar ek dat de tijslach, it ferskil tusken ebbe en floed, tige tanimme soe as de dyk by Piaam oanslute soe. It tanimmen fan de tijslach soe de streamfaasjes tanimme litte en it oanlizzen fan 'e dyk dreger meitsje. Ek bliek de ûndergrûn fan it oarspronklike trasee net ideaal foar it oanlizzen fan 'e dyk. De kommisje-Lorentz rekommandearre dêrom de Ofslútdyk justjes noardliker oan te lizzen, dêr't it tanimmen fan de tijslach minder waard.[4]

Njonken de dyk moast der ek twa kompleksen fan skipfeartslûzen en silen oan de twa úteinen fan 'e dyk boud wurde. It kompleks by Den Oever omfiemet de Stevinslûzen, neamd nei Hendrik Stevin, dy't as earste plannen makke ta it ôfsluten fan 'e Sudersee, en trije rigen fan fiif slûzen foar it spuien fan wetetr fan 'e Iselmar yn 'e Waadsee. It oare kompleks yn Koarnwertersân bestiet út 'e Lorentzslûzen, ferneamd nei Hendrik Lorentz, en twa rigen fan fiif silen, itjinge 25 útwetteringskolken oplevere. It is nedich en los regelmjittich wetter út 'e mar wei, om't er algeduergen wetetr oanfierd krijt troch rivieren lykas de Isel en polders dy't harvwetter yn 'e Iselmar ôffiere.

Yn de Ofslútdyk sit krekt foar de Fryske kust in knik yn de dyk. Dy knik is ynboud om sa de útstream fan de Iselmar makliker te meitsjen. It slûzekompleks fan Koarnwertersân wetteret ôf op de skeane slinke fan de Middelgrûn. It like de yngenieurs better om it slûzekompleks rjocht op de slinke te pleatsen, om't it wetter dan yn in rjochte line fuort streamt.

Oanlis Amsteldjipdyk en Ofslútdyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 1920 waard mei it projekt úteinset. Der waard begûn mei it oanlizzen fan de Amsteldjipdyk, ek wol "Koarte Ofslútdyk" neamd, fan Noard-Hollân nei Wieringen, dat yn dy tiid noch in eilân wie. By dat projekt waard de nedige ûnderfining opdien dat letter goed fan pas kaam by it oanlizzen fan 'e Ofslútdyk.

Sân jier letter begûn de oanlis fan de Ofslútdyk echt. Der waard besletten om by fjouwer plakken te begjinnen. Fan de beide kanten ôf, yn Fryslân en Noard-Hollân, en fan it wurkeilân Breesân ôf. By it oanlizzen fan de 32 kilometer lange dyk waard foar it earst balstienliem brûkt. Dat waard yn 'e omkriten yn de Saale-iistiid ôfset. De dyk leit op in fûnemint fan frissele wylgeteannen dy't delsonken waarden troch dêr stienblokken del op te lizzen.

Op 28 maaie 1932, middeis om twa minuten oer ienen, fiif jier nei it begjin fan de bou, waard it lêste gat yn 'e Ofslútdyk, de Flieter, sletten. Fjouwer moanne letter, op 20 septimber 1932, waard de namme fan de Sudersee offisjeel feroare yn de Iselmar. Noch ris in jier letter waard op 25 septimber 1933 de dyk iepene foar it ferkear.

It oanlizzen koste op syn minst fjirtjin minsken it libben. Guon troch ferdinken en guon troch bedriuwsûngemakken.[5]

Oer de hiele wrâld is der noch altiten in soad bewûndering foar it fakmanskip dêr't de Ofslútdyk mei boud is. De dyk waard oanlein sûnder kompjûters en oare avansearre apparaten. De bou fan dy dyk befêstige de posysje fan Nederlân yn de wetterboukunde.

De Ofslútdyk oan de kant fan Noard-Hollân, mei it stânbyld fan Lely

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich, mei de Dútske oanfal op Nederlân yn maaie 1940, is der tige fûl fochten om de Ofslútdyk en de strideraasjes binne letter ferneamd wurden ûnder de namme Slach om de Ofslútdyk. De Dútsers hawwe út alle macht besocht om oer de Ofslútdyk te kommen, mar dat is harren winliken net slagge.

Yn it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân wurdt omtinken jûn oan dat barren.

Wettersneed fan 1953

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wettersneed fan 1953, dy't ferwoastgjende gefolgen hie foar Seelân, Belgje en Ingelân, wie de fjoerproef fan 'e Ofslútdyk. De dyk koe de grutte weagen trochstean en waard foar in part oerspield, mar hy koe stân hâlde koe oerstreamings fan 'e Iselmar tefoarren komme. Dêr waard sein dat de Ofslútdyk "dy nachts syn nut bewiisd hat".[6]

Projekt Ofslútdyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lorentzslûzen by Koarnwertersân
Stevinslûzen by Den Oever

De wrâldwide klimaatferoaring jouwe noed foar it omheechgean fan 'e seespegel.[7] Berekkenings op grûnwurk dêrfan liede ta de konklúzje dat de slûzen net grut genôch wêze soene om it wetter fan 'e Iselmar nei de Waadsee ôf te fieren. As oplossing waard in tredde slûzekompleks oerwage. It plan mislearre lykwols troch brekme oan finansjele middels.

Yn 2006 kundige de doetiidske minister fan Ferkear en Wettersteat Karla Peijs oan dat de Ofslútdyk nei 75 jier yngeande renovaasje ûndergean soe. De dyk soe mei 10 meter boppe NAP al te leech wêze, mei't de dykhichten oan 'e Noardseekust op it stuit 11,5 meter boppe NAP binne. Ek soene de top en binnenfalling eroazje net genôch ferneare kinne. Boppedat soene de slûzen net mear oan 'e hjoeddeistige noarmen foldwaan.

Gearwurkjen tusken Ryk en regio

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 29 maaie 2008 waarden acht partijen troch Rykswettersteat en de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân útnoege om foar elts in yntegrale fyzje op 'e Ofslútdyk te ûntjaan en te ûnderbouwen op it te heljen en út te fieren yn romtlike, finansjele en juridyske sin.

It Ryk en de regio leine yn 2011 yn in skriftlike oerienkomst, de "Nije Ofslútdyk" tusken it Ryk, de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân en de gemeenten Súdwest-Fryslân, Harns en Hollâns Kroan, de taakferdieling fêst. It Ryk soe him rjochtse op de feiligens fan 'e dyk en de wetterôffier út 'e Iselmar nei de Waadsee. Dêr waard likernôch 800 miljoen euro foar oarnearre. Steatsekretaris Joop Atsma sei yn desimber 2011 20 miljoen euro ta foar it útferen fan de regionale plannen.[8]

Nei 10 jier plannen hat Rykswettersteat yn novimber 2016 mei de oanbesteging foar it projekt foar it fersterkjen en modernisearjen fan 'e Ofslútdyk úteinset.[9] Njonken wetterfeiligens en wetterhúshâlding waarden ek oare funksjes en wearden meinommen, lykas de kultuerhistoaryske wearde en de ferbiningswei A7. By de tariedings waard troch Rykswettersteat wichtige ynformaasje oer weachhichten en wetterstannen oer de holle sjoen. Net meinommen wie it gegeven "dêr't by reedlik leech wetter dochs frij hege weagen yn 'e Iselmar ûntstean kinne".[10] De kosten waarden dêr hûnderten miljoen euro's djurder troch en it ôfwurkjen fan it projekt mei inkelde jierren fertrage.[10]

De Nije Ofslútdyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bouwurksumheden yn 2019 tusken Surch en Koarnwertersân

It wurk sette yn april 2019 útein en hie yn 2022 ree wêze moatten. It projekt betsite út it fersterkjen fan it dyklichem en de skutslûzen en silen, it fergrutsjen fan de hoemannichte wetter fan 'e Iselmar ôf te fieren nei de Waadsee en en it ferbetterjen en ûnderhâld fan de A7. Op oansetten fan it regioanaal gearwurkingsferbân De Nije Ofslútdyk waard ekstra wurk meinommen op it mêd fan natoer, rekreaasje en toerisme.

By it wurk waard de Ofslútdyk ôfsletten foar fuotgongers en fytsers,[11] mar se krigen de mooglikheid en reizgje fergees mei de bus oer de Ofslútdyk en hja koene har fyts ek meinimme.[12][13]

Fersterkjen Ofslútdyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In Xbloc foar it fersterkjen fan 'e Ofslútdyk by Koarnwertersân

De Ofslútdyk moat oant op syn minst 2050 beskerming biede tsjin ekstreem waar. De dyk wurdt oan 'e Waadseekant mei twa meter ferhege en mei in nije beklaaiïng en oanpast profyl. Yn 'e nije beklaaiïng, fan alyk it boppe- en ûnderberin ynnovaasjes brûkt. Oer it besteande basalt wurdt in nije beklaaiïng oanlein dy't út saneamde Levvel-blocs besteane. De blocs binne ôflaat fan it al earder troch de BAM ûntwikkele Xbloc, mei de namme XblocPlus. Dy ynnovative blokken weegje 6.500 kg it stik en hawwe in weachremjende wurking. Oan' e Waadseekant wurde 75.000 fan soksoarte blokken oer it besteande basalt pleatst. Op it boppeberin fan 'e dyk wurdt stienbeklaaiïng oanbrocht.

De slûzen oan wjerskanten krije ekstra kearslûzen. De besteande silen wurde fergrutte en by Den Oever komme twa ekstra silen en in gemaal by. It gemaal krijt in maksimum kapasiteit fan 300 m³ wetter de sekonde. De enerzjy dy't dy't de slûzen en pompen brûke, wurde duorsum opwekke mei sinne-enerzjy. De grutte slûs by Koarnwertersân wurdt grutter makke oant 25 meter breed en 150 meter lang en de farslinke wurdt ferdjippe.[14] Ek de draaibrêgen by Koarnwertersân en Den Oever wurde ferfongen, want dy binne troch metaalwurgens fersliten. Se wolle gauris net goed ticht nei't se iepen wiene, itjinge it ferkear bot hindere.[15]

Fiskmigraasjerivier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofslútdyk Waadsintrum

By Koarnwertersân komt ek in Fiskmigraasjerivier. Dy rivier makket it mooglik foar fisken en swim fan swiet ne sâlt wetter en oarsom. De Ofslútdyk foarmet in barriêre foar fisken. Troch sânsuppleesje wurdt in eigen ekosysteem makke om in sêfte oergong fan sâlt nei swiet wetter te krijen. Rûsd wurdt dat der yn 't jier 250.000 fisken de nije passaazje brûke sille.

Fernijbere enerzjy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan it projekt wurdt ek de ynteraksje en opslach fan ferskate foarmen fan fernijbere enerzjy ûndersocht en ekspoitearje de dyk enerzjyneutraal. Dêr binne yn in slûzekompleks turbinen foar ynstallearre en en in wynturbine en sinnepanielen pleatst. In ûndersyksprojekt ûndersiket de mooglikheid om enerzjy te winnen út 'e ferskate sâltgehalten fan 'e Iselmar en Waadsee.

Súdlik fan Breesândyk yn 'e Iselmar waard fan 2019 oant 2021 it Wynpark Fryslân boud mei 89 wynturbinen dy't likernôch 500.000 húshâldings yn enerzjy foarsjocht.

Dêrnjonken wurdt it toerisme oanmoedige en útwreide, bygelyks troch it oanlizzen fan in nij fytspaad oan 'e Waadseekant en it Ofslútdyk Wadden Center yn Koarnwertersân.

Arsjitektuer en keunst op 'e Ofslútdyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Flietermonumint

Njonken de troch Dirk Roosenburg ûntwurpen Lorentzslûzen by Koarnwertersân en de Stevinslûzen by Den Oever, stiet der op it plak dêr't it lêste gat yn 'e Ofslútdyk yn 1932 tichte waard, it Flietermonumint, ornaris yn 'e folksmûle bekend as "It Monumint", in útsjochtoer ûntwurpen troch Willem Dudok. Ta weromtinken oan 'e ôfsluting fan 'e Sudersee, makke byldzjend keunstner Hildo Krop by de yngong fan 'e útsjochtoer in brûnzen reliëf fan trije stiensetters dy't basaltblokken pleatse. De ynskripsje op it reliëf is: Een volk dat leeft bouwt aan zijn toekomst (In folk dat libbet bout oan syn takomst).

Sûnt 1954 stie oan 'e kop fan de Ofslútdyk by Den Oever in stânbyld fan Cornelis Lely, makke troch byldhouwer Mari Andriessen en ûntbleate troch keninginne Juliana. It byld stie by de dyk oer de Ofslútdyk en Lely seach winliken út oer syn libbenswurk: de Wieringermarpolder en de Iselmar mei yn 'e fierte Flevolân.

Troch it ferdûbeljen fan de Rykswei kaam Lely yn 'e middenberm te stean. Yn febrewaris 2004 helle Rykswetetrsteat him fan syn sokkel. Op 9 maaie 2007 waard it stânbyld pleatst by it Flietermonumint. Op 24 maaie, yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan 'e dyk waard it byld ûntbleate troch kroanprins Willem-Alexander.

Fotos' en fideo's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofslútdyk yn 1957, 25 jier
Stân byld Lely, 1967
Ofslútdyk út 'e loft wei
Ofslútdyk fan Den Oever ôf
Knik yn 'e Ofslútdyk
Ofslútdyk by It Monumint

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Ofslútdyk

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rehbock, T, Wasserbauliche Modellversuche zur Klärung der Abflusserscheinungen beim Abschluss der Zuiderzee, Rapporten en mededeelingen betreffende de Zuiderzeewerken, nr 3. Algemeene Landsdrukkerij, (1931).
  2. Thijsse, J.Th., Modelproeven in het Waterbouwkundig Laboratorium te Delft betreffende sluizen en andere kunstwerken, Rapporten en mededeelingen betreffende de Zuiderzeewerken, nr 4. landsdrukkerij (1932).
  3. van der Ham, Willem (2007). Verover mij dat land, Lely en de Zuiderzeewerken. Boom, Amsterdam, side 273. ISBN 9789085064374.
  4. Lorentz, Hendrik, Verslag van de staatscommissie benoemd bij Koninklijk Besluit van 4 juli 1918 no. 30 met opdracht te onderzoeken in hoeverre, als gevolg van de afsluiting van de Zuiderzee, ingevolge de wet van 14 juni 1918 (Staatsblad no 354) te verwachten is, dat tijdens storm hoogere waterstanden, en een grootere golfoploop, dan thans het geval is, zullen voorkomen vóór de kust van het vaste land van Noord-Holland, Friesland en Groningen, alsmede vóór de daarvoor gelegen Noordzee-eilanden. Algemeene Landsdrukkerij (1926).
  5. gedenkteken-voor-veertien-arbeiders-die-omkwamen-bij-aanleg-van-afsluitdijk Gedenkteken voor veertien arbeiders die omkwamen bij aanleg van Afsluitdijk www.nhnieuws.nl
  6. "Zuiderzee-provincies", de Volkskrant, 7 febrewaris 1953, pp. 3. Oproppen op.
  7. (dú) Andreas Gebbing, Klimaschutzpolitik in den Niederlanden. Westf. Wilhelms-Universität Münster (Sep. 2010). Argivearre op 19 septimber 2016. Oproppen op 20 febrewaris 201720 febrewaris 2017.
  8. Rijk & Regio, deafsluitdijk.nl
  9. (ned) Projektoersjoch Ofslútdyk. Oproppen op 2017-02-042017-02-04.
  10. 1 2 Jurre van den Berg & Marcel van Lieshout, Fouten in opdracht Afsluitdijk waren al jaar voor start renovatie bekend, volkskrant.nl, 20 maaie 2022
  11. [ Fiets- en wandelpaden over de Afsluitdijk]. Argivearre op 4 april 2023. Oproppen op 20 maaie 202220 maaie 2022.
  12. Fytsbus. Algemiene ynformaasje oer de fytsbus
  13. Fytsersbûn. Houd de Afsluitdijk open voor fietsers en voetgangers!.
  14. (ned) Projekten. deafsluitdijk.nl.
  15. Wurk oan brêgen Ofslútdyk set útein. Hjir moatst rekken mei hâlde.. Omrop Fryslân (4 novimber 2024). Oproppen op 21 oktober 202521 oktober 2025.