Breesân (wurkeilân)
| Breesân | ||
| geografy | ||
| lokaasje | Ofslútdyk | |
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| koördinaten | 53° 1' NB, 5° 12' EL | |
| kaart | ||
Breesân is in âld wurkeilân oan de Ofslútdyk. It eardere eilân leit san tolve kilometer fan de Fryske kust ôf. Ear't de Ofslútdyk der wie, wie Breesân in sânplaat yn de Sudersee. De sânplaat is doe ophege sa't fan dat plak ôf ek boud wurde koe oan de Ofslútdyk. Koarnwertersân wie ek san wurkeilân.
Breesân hat it Fersoargingsplak Breesândyk mei in pompstasjon en in parkearplak foar auto’s op 'e Ofslútdyk. Fierder hat it Ministearje fan Definsje dêr in oefenterrein wêr it munysje test. Rykswettersteat ferpachtet in part fan it eilân oan 'e See-angelport en kampearferiening Het Wad dy't dêr in kamping fan 50 steankaravans eksploitearret. De eardere wurkhavens wurde brûkt as flechthaven.
Op Breesân leit ien plakje, Breesândyk. It doarp hat fjouwer ynwenners.
