Springe nei ynhâld

Koarnwertersân

Ut Wikipedy
Koarnwertersân
Koarnwertersân
Koarnwertersân
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal36 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak3,34 km² (3,3 km² lân, 0,04 km² wetter)
Befolkingsticht.15 ynw./km²
Oar
FerkearsierenA7 E22
Postkoade8752
Netnûmer0517
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 4' NB, 5° 20' EL
Loftfoto fan Koarnwertersân (2014)
Loftfoto fan Koarnwertersân (2014)
Offisjele webside
www.kornwerderzand.frl/
Kaart
Koarnwertersân (Súdwest-Fryslân)
Koarnwertersân
Koarnwertersân

Koarnwertersân is in lyts doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan 'e knik yn de Ofslútdyk en leit likernôch 4 km fan it Fryske fêstelân. It doarp hat 36 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Oarspronklik wie it in wurkeilân, dat foar de bou fan de Ofslútdyk oanlein waard op de sânplaat mei deselde namme dy't yn de Sudersee lei. De knik yn ' Ofslútdyk, dêr't Koarnwertersân ynboud is, is om sa de útstream fan de Iselmar makliker te meitsjen. It slûzekompleks fan Koarnwertersân wetteret ôf op de skeane slinke fan de Middelgrûn. It like de yngenieurs better om it slûzekompleks rjocht op de slinke te pleatsen, om't it wetter dan yn in rjochte line fuort streamt.

It doarp waard yn 1928 boud. Yn 1940 en 1941 waarden hûzen boud om it slûs- en brêgepersoniel te húsmanjen. Healwei de 1980-er jierren waarden de huzen ferkocht nei't it ferplichtsjen om it personiel yn Koarnwertersân wenje te litten kaam te ferfallen.

Oant 2011 lei Koarnwertersân yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Slach om de Ofslútdyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Slach om de Ofslútdyk.

Yn maaie 1940, by de Dútske ynfal yn Nederlân, waard dêr fûl fochten. It Fort Koarnwertersân wie ien fan de pear Nederlânske stellings dy't de Dútske oanfaller tsjinhâlde koe.

Dat waard fan militêre betsjutting achte yn ferbân mei ynundaasjes. Dêrom is yn Koarnwertersân in stelsel fan kazematten oanlein dat de slûzen beskermje moat. Dêr waard yn de Maaiedagen fan 1940 fûleindich fochten; it hat de iennige Nederlânske stelling west dy't hoekhold foar de Dútsers oer.

Tichteby Koarnwertersân lizze de Lorentzslûzen, in stelsel fan silen en in grutte en lytse skutslûs. Mei de Stevinslûzen behearskje se it wetterpeil fan de Iselmar, en dêrmei ek fan it efterlân. It wetter fan de Iselmar wurdt spuid op de Waadsee. Yn it ramt fan it Projekt Ofslútdyk wurdt der sûnt 2019 wurke oan it fersterkjen en ferheegjen fan 'e Ofslútdyk en it fergrutsjen fan 'e wetterôffier. Dêr komt in nije kearslûs en de besteande silen wurde fergrutte. De grutte slûs by Koarnwertersân wurdt grutter makke oant 25 meter breed en 150 meter lang en de farslinke wurdt ferdjippe.[2] Ek de draaibrêge wurdt ferfongen, want dy is troch metaalwurgens fersliten. Se wolle gauris net goed ticht nei't se iepen wiene, itjinge it ferkear bot hindere.[3]

Westlik fan 'e slûzen wurdt de Fiskmigraasjerivier boud, in passaazje foar fisken dy't fan it swiete wetter fan 'e Iselmar nei it sâlte wetter fan 'e Waadsee en oarsom swimme kinne. dat projekt is in unikum yn 'e wrâld.[4]

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Ofslútdyk Waadsintrum
It museumgebou

De feriening foar Doarpsbelang komt op foar de belangen fan 'e ynwenners fan it doarp. Foar alle oare foarsjennings binne de ynwenners rjochte op Makkum.

Sport en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch it plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail of Deltapaad neam. De E9 rint bylâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten.

Ofslútdyk, Slûswei.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
  2. (ned) Projekten. deafsluitdijk.nl.
  3. Wurk oan brêgen Ofslútdyk set útein. Hjir moatst rekken mei hâlde.. Omrop Fryslân (4 novimber 2024). Oproppen op 21 oktober 202521 oktober 2025.
  4. Webside Fiskmigraasjerivier
Boarnen
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Koarnwertersân fan Wikimedia Commons.
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje