Ministearje fan Definsje (Nederlân)
Ministearje fan Definsje Def | ||
![]() | ||
![]() | ||
De yngong fan it ministearje oan Plein 4 yn De Haach. | ||
algemien | ||
lân | ![]() | |
adres | Plein 4, De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 1928 | |
funksjehâlders | ||
minister | Kajsa Ollongren | |
sekretaris-generaal | Gea van Craaikamp | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-defensie |
It Nederlânske ministearje fan Definsje, ôfkoarte ta Def, is ferantwurdlik foar it beskermjen fan Nederlân en de oerseeske gebietsdielen en foar de dêr ta beskikbere personele, finansjele en materiële middels. It ministearje wurdt laat troch de minister fan Definsje. Definsje hie yn 2014 likernôch 47.000 meiwurkers en is dêrmei ien fan 'e gruttere wurkjouwers yn Nederlân.
Politike lieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle politike ferantwurdlikens lizze by de minister. Sûnt 5 novimber 2012, doe't it kabinet-Rutte II beëdige waard, waard dat Jeanine Hennis-Plasschaert (VVD). Hja wie de earste froulike minister fan Definsje fan Nederlân. Sûnt it kabinet-Rutte III foarme waard, waard Ank Bijleveld (CDA) minister en Barbara Visser (VVD) steatssikretaris. Sûnt it kabinet-Rutte IV is Kajsa Ollongren (D66) minister fan Definsje.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() | Nederlânske ministearjes | ![]() |
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) · Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) · Bûtenlânske Saken (BZ) · Definsje (Def) · Ekonomyske Saken en Klimaat (EZ) · Finânsjes (Fin) · Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) · Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) · Justysje en Feiligens (J&V) · Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) · Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) · Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) |