Kristen Demokratysk Appèl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan CDA)
Kristen Demokratysk Appèl
Ofkoarting CDA
Partijlieder Henri Bontenbal
Partijfoarsitter Hans Huibers
Fraksjelieder
Twadde Keamer
Henri Bontenbal
Fraksjelieder
Earste Keamer
Theo Bovens
Delegaasjelieder
Europeesk Parlemint
Esther de Lange
Sitten yn
Twadde Keamer
Sitten yn
Earste Keamer
Sitten yn
Provinsjale Steaten
Sitten yn
Europeesk Parlemint
Oprjochte 11 oktober 1980
Fúzje fan ARP, CHU, KVP
Rjochting Sintrum-rjochts
Ideology Kristendemokrasy, konservatisme
Ledetal 37.375 (2021)
Jongereinorganisaasje CDJA
Europeeske partij EPP
Europeeske fraksje EPP
Ynternasjonaal CDI
Webstee www.cda.nl

It Kristen Demokratysk Appèl, Nederlânsk: Christen-Democratisch Appèl, koartwei CDA, is in Nederlânske politike partij. De grûnslach is kristlik-konfesjonalistysk, de politike filosofy is sintralistysk mei konservative eleminten. De partij hat in soad macht yn sawol de nasjonale polityk as yn in soad gemeentes.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fânâlds wie polityk yn Nederlân sterk kristlik kleure. Yn de jierren sechtich en santich naam de steun lykwols ôf foar de trije grutte kristlike partijen, de protestantske ARP en CHU en de katolike KVP. Dêrtroch waarden sûnt 1967 plannen foar in fúzje besprutsen. Op 11 oktober 1980 krige dizze fúzje syn beslach en waard it CDA oprjochte.

It ferfal like mei de fúzje wol stoppe: de nije partij bleau yn de hiele jierren tachtich om de 50 sitten yn de Twadde Keamer. Under de garismatyske premier Ruud Lubbers helle de partij yn 1986 en 1989 sels 54 sitten. Lubbers liede trije kabinetten mei it CDA as grutste partij: it Lubbers I en II mei de VVD, Lubbers III mei de PvdA.

De kristlike partijen, en ek it CDA, hie altiten wis west fan it sitten yn it regear, omt de oare partijen yn de Twadde Keamer har ûnderling útslueten troch te grutte ideologyske ferskillen. Benammen PvdA en VVD liken net yn ien regearing te kinnen. Yn 1994 kaam dêr lykwols feroaring yn. By dizze ferkiezings waard it CDA pleage troch in krisis om de nije listlûker Elco Brinkman. It CDA sakke yn de peilings hieltiten fierder en by de ferkezings ferlear de partij úteinlik 20 sitten, wêrmei't se op 34 útkaam. PvdA, VVD en D66 foarmen doe in kabinèt, Kok I, better bekend as it earste pearse kabinet.

Yn de opposysje gie it mei it CDA ek net goed. De liedslju wikselen inoar ôf, en de úteinlike primus inter pares, Jaap de Hoop Scheffer, hie ek net it garisma om de trend te kearen: yn 1998 ferlear it CDA wer fiif sitten en kaam op 29 út. Mei de ferkezings fan 2002 kaam ûnferwachts de omkear. De Hoop Scheffer waard ferfongen troch Jan Peter Balkenende, en ûndanks dat in soad minsken de gek mei him hienen kaam de partij út op 43 zetele, wêrmei't it wer de grutste partij wie.

Yn it folgjende kabinèt naam de partij dan net allinnich sitting mar levere se ek de premier: dat waard Balkenende sels. It Kabinet-Balkenende I, bestie út CDA, LPF en VVD, mar it foel al nei 86 dagen troch ynstabiliteit yn de LPF. By de ferkiezings yn 2003 krige de partij sels noch in sit mear, wêrmei't it de grutste bleau, al kaam de PvdA mei 42 dêr krekt ûnder. Balkenende late ek it nije kabinèt, Kabinet-Balkenende II, no besteande út CDA, VVD en D66. Dat kabinet foel yn 2006 en kaam it Kabinet-Balkenende III, besteande út CDA en VVD. Troch grutte krityk op it rezjym fan it Kabinet-Balkenende II ferlear it CDA wol wer yn de peilings. Dit ferlies waard lykwols yn de oanrin nei de ferkiezings fan 2006 goedmakke: it CDA ferlear trije sitten (44 nei 41). It Kabinet-Balkenende IV, bestie út CDA, PvdA en KristenUny.

Dat kabinet foel yn 2010. Yn de ferkiezings fan 2010 ferlear it CDA 20 sitten (41 nei 21). Yn oktober 2010 kaam it Kabinet-Rutte I, besteande út VVD, CDA (en mei "gedoochsteun" fan de PVV). Dit kabinet is stroffele oer it finanzjeel belied, wêrnei't de PVV opstapte. By de Keamerferkiezings yn 2012 ferlear it CDA 8 sitten en kamen hja op 13. De jierren dêrnei hawwe sy ûnder lieding fan Sybrand Buma opposysje fierd tsjin it kabinet Rutte II (VVD en PvdA). Dat hat it CDA winst oplevere, want by de ferkiezings fan 2017 gongen sy fan 13 nei 19 sitten. Van oktober 2017 oan jannewaris 2022 makken it CDA diel út fan it kabinet Rutte III (VVD, CDA, D66 en Kristen Uny). Sûnt jannewaris 2022 makket it CDA diel út fan it kabinet Rutte IV (VVD, D66, CDA en Kristen Uny)

Europeesk parlemint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It CDA makket diel út fan de Europeeske Kristendemokraten, de EVP, dy't, ûnder lieding fan foarsitter Wilfried Martens de partij fan Berlusconi (de F.A., dy't in fúzje oangie mei de Italjaanske fassisten) yn harren midden opnamen om sa oan in mearderheid te kommen.

Bekende CDA-politisy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kabinet Rutte III[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kabinet Rutte IV[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste en Twadde Keamer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Europa[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ferline[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deputearren yn Fryslân (2019-2023)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boargemasters (2023)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Provinsje Fryslân:

Fertsjintwurdiging Twadde Keamer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de hûndert leden fan de Twadde Keamer:

  • 1918 - 50 - (RKSP 30, ARP 13, CHU 7)
  • 1922 - 59 - (RKSP 32, ARP 16, CHU 11)
  • 1925 - 54 - (RKSP 30, ARP 13, CHU 11)
  • 1929 - 53 - (RKSP 30, ARP 12, CHU 11)
  • 1933 - 48 - (RKSP 28, ARP 14, CHU 10)
  • 1937 - 56 - (RKSP 31, ARP 17, CHU 8)
  • 1946 - 53 - (KVP 32, ARP 13, CHU 8)
  • 1948 - 54 - (KVP 32, ARP 13, CHU 9)
  • 1952 - 53 - (KVP 30, ARP 12, CHU 9)

Fan de hûndertfyftich leden fan de Twadde Keamer:

  • 1956 - 77 - (KVP 49, ARP 15, CHU 13)
  • 1959 - 75 - (KVP 49, ARP 14, CHU 12)
  • 1963 - 76 - (KVP 50, ARP 13, CHU 13)
  • 1967 - 69 - (KVP 42, ARP 15, CHU 12)
  • 1971 - 58 - (KVP 35, ARP 13, CHU 10)
  • 1972 - 48 - (KVP 27, ARP 14, CHU 7)
  • 1977 - 49 - (CDA)
  • 1981 - 48
  • 1982 - 45 → 43
  • 1986 - 54
  • 1989 - 54
  • 1994 - 34
  • 1998 - 29
  • 2002 - 43
  • 2003 - 44
  • 2006 - 41
  • 2010 - 21
  • 2012 - 13
  • 2017 - 19
  • 2021 - 15 → 14
  • 2023 - 5

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: