Sybrand van Haersma Buma (1965)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Sybrand Buma)
Jump to navigation Jump to search
Sybrand Buma
Sybrand van Haersma Buma 2012.jpg
Algemien
Folsleine namme Sybrand van Haersma Buma
Berne 30 july 1965
Berteplak Warkum
Partij CDA
Titels mr.
Politike funksjes
2002 gemeenteriedslid Leidsendam-Foarburch
2002-2019 lid Twadde Keamer
2010-2019 fraksjefoarsitter CDA Twadde Keamer
2012-2019 polityk lieder CDA
2019-.... boargemaster Ljouwert

Sybrand van Haersma Buma (Warkum, 30 july 1965) is in Nederlânsk politikus fan it CDA. Alhoewol't syn offisjele namme Van Haersma Buma is, wurdt dy faak ôfkoarte ta Buma. Hy wie fan 2010 oant 2019 fraksjefoarsitter fan dy partij yn 'e Twadde Keamer. Op 18 maaie 2012 waard Van Haersma Buma keazen ta partijlieder, wêrnei't er op 30 juny formeel beneamd waard. Earder dielde er it partijliederskip mei fise-minister-presidint en minister Maxime Verhagen en partijfoarsitter Ruth Peetoom. Yn 2019 waard Van Haersma Buma oansteld as boargemaster fan Ljouwert.

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in atheneumoplieding yn Snits studearre Van Haersma Buma tusken 1983 en 1989 Nederlânsk rjocht oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei die er in kursus ynternasjonaal rjocht oan 'e Universiteit fan Cambridge. Yn 1990 gong er as stafjurist oan it wurk by de Rie fan Steat.

Funksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sybrand van Haersma Buma: Tsjin it synisme. Foar in nije moraal yn de polityk. Amsterdam, Prometheus, 2016. ISBN 9789044633108
  • Sybrand van Haersma Buma: Tegearre kinne wy mear. Skoarl, Utjouwerij Conserve, 2012. ISBN 9789054293439
  • Sybrand van Haersma Buma: Oer it toetsen fan wetten oan de grûnwet. In blik op de kearn fan de demokrasy. Ljouwert, Universitêre Parse Fryslân, 2004. Gjin ISBN

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sybrand van Haersma Buma fan Wikimedia Commons.