Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Coat of arms of the Tweede Kamer.svg

De Twadde Kamer is ien fan de twa parten fan de Steaten-Generaal fan it Keninkryk fan de Nederlannen, it parlemint. Hy is te fergelykjen mei it House of Commons yn it Feriene Keninkryk en de Bundestag yn Dútslân. De Twadde Keamer wurdt gearstald troch in ferkiezing.

Funksjonearjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De plenêre seal fan de Twadde Keamer

Hoewol't de namme faaks it tsjindiel fermoeden docht, hat de Twadde Keamer yn de Nederlânske polityk mear macht as de Earste Keamer. Foar de Twadde Keamer wurde de regeringskoalysjes foarme. Ek wurde ministers dêr ta ferantwurding roppen foar harren belied. De Earste Keamer hat dy macht ek, mar dêr bart dat folle minder faak. In minister of kabinet bliuwt ornaris net oan sûnder it betrouwen fan (in mearheid yn) de Twadde Keamer.

De Twadde Keamer hat yn 'e haadsaak trije taken:

  • kontrôle op regearingsbelied
  • meiwetjouwer (mei it regear en de Earste Keamer)
  • fertsjintwurdiging fan de befolking

Om it regear kontrolearje te kinnen, hat de Twadde Keamer ferskate rjochten en ynstruminten. In wichtich foech fan de Twadde Keamer is it rjocht fan begrutting as budzjetrjocht. Dat is de mooglikheid begruttings fan de ministearjes goed en ôf te karjen en om dy te feroarjen. Ek it rjocht fan ynterpellaasje en it rjocht fan enkête heart hjirta.

Ien fan de wichtichste rjochten by de wetjouwing is it oanpassingsrjocht as rjocht fan amendemint. Dat is de mooglikheid om wetsfoarstellen op ûnderdielen te wizigjen. As in mearderheid fan de Keamer sa'n feroaring, amendemint, stipet, dan wurdt de ferlange wiziging oanbrocht. Der minister dy't it wetsfoarstel yntsjinne hat hoecht it dêr net altiten mei iens te wêzen; in minister dy't dêr grutte beswieren tsjin hat, kin drige mei ôfgean of mei it ynlûken fan it hiele wetsûntwerp.

In oar ynstrumint fan de Keamer is de saneamde moasje, de útspraak. Yn in moasje sprekt de Keamer in miening út of freget in minister of it hiele kabinet om eat te dwaan of krekt te litten. Sa'n útspraak waacht minder swier as in amendemint, omdat hy net binend is. In minister kin in moasje neist him dellizze. It mêd fan in útspraak fan de Keamer is net beheind ta wetsfoarstellen; de Keamer kin him ek muoie mei oare besonjes fan de minister; sels mei it deistich lânsbestjoer.

Gebou fan de Twadde Keamer, yngong oan it Plein yn De Haach.

De Twadde Keamer hat ek it rjocht fan inisjatyf. Dat is it rjocht om wetsfoarstellen yn te tsjinnen. De measte wetsfoarstellen wurde opsteld troch it regear, mar in pear kear yn it jier wurdt der troch ien as inkele Keamerleden in saneamd inisjatyfwetsfoarstel yntsjinne. De yntsjinner(s) sit(ten) dan efter de regearingstafel om harren wetsûntwerp te ferdigenjen, ek yn de Earste Keamer.

Fierders kin de Keamer it rjocht fan ynterpellaasje brûke. Yn minder wichtige kwestjes kinne ministers troch Keamerleden oan de tosk field wurde yn it wyklikse mûnlinge frage-oerke fan de Twadde Keamer. Ek bestiet de mooglikheid om skriftlike fragen te stellen, wêrop de belutsen minister of steatssekretaris ferplicht is te antwurdzjen.

Yn útsûnderlike gefallen makket de Keamer gebrûk fan it rjocht fan ûndersyk, it rjocht fan enkête. In spesjaal dêrfoar beneamde kommisje ûndersiket dan yn in kwestje it regearingsbelied oant op 'e boaiem. Belutsenen kinne ûnder de eed heard wurde en gizele wurde. Bekende foarbylden binne de Parlemintêre enkête nei de Bijlmerramp en de Parlemintêre enkête nei de boufraude (2002). Yn minder swiere gefallen folstiet in Parlemintêr Undersyk, wêrby't tsjûgen net ûnder de eed steane.

Leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Keamer is plak foar 150 fertsjintwurdigers fan de politike partijen, dy't by algemiene, lanlike, demokratyske Twadde Keamerferkiezings yn de Keamer keazen wurde neffens evenredige fertsjintwurdiging. In plak wurdt in sit neamd; de fertsjintwurdigers wurde Keamerleden of parlemintaarjers neamd. Foar 1917 hie Nederlân in yngewikkeld distriktestelsel wêrby't allinnich bepaalde manlju stimme mochten. Yn 1917 en 1919 waard de wet sa oanpast dat alle manlju en froulju stimme mochten. Foar novimber 1956 wienen der mar 100 sitten.

Gearstalling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lêste ferkiezings wienen op 15-17 maart 2021.

Gearstalling in maart 2022.[1][2]
(Tallen yn fergelyk mei de perioade 2017-2021):

██ Koälysjepartij

Politike partij Ideology listlûker hjoeddeiske fraksjefoarsitter [3] Stimmen Persintaazje Sitten Ferskil
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) konservatyf liberaal Mark Rutte Sophie Hermans 2.279.130 21,87% 34 +1
Demokraten 66 (D66) progressyf liberaal Sigrid Kaag Jan Paternotte 1.565.861 15,02% 24 +5
Partij foar de Frijheid (PVV) nasjonalistysk-konservatyf Geert Wilders Geert Wilders 1.124.482 10,79% 17 -3
Kristen Demokratysk Appèl (CDA) kristendemokratysk Wopke Hoekstra Pieter Heerma 990.601 9,50% 15 -> 14 -4
Sosjalistyske Partij (SP) sosjalistysk Lilian Marijnissen Lilian Marijnissen 623.371 5,98% 9 -5
Partij fan de Arbeid (PvdA) sosjaaldemokratysk Lilianne Ploumen Attje Kuiken 597.192 5,73% 9 0
GrienLinks (GL) grien Jesse Klaver Jesse Klaver 537.308 5,16% 8 -6
Foarum foar Demokrasy (FVD) nasjonaal konservatisme Thierry Baudet Thierry Baudet 523.083 5,02% 8 -> 5 +6
Partij foar de Dieren (PvdD) bisterjochten Esther Ouwehand Esther Ouwehand 399.750 3,84% 6 +1
KristenUny (CU) kristlik-sosjaal Gert-Jan Segers Gert-Jan Segers 351.275 3,37% 5 0
Volt Nederlân (Volt) Jeropeeske Uny Laurens Dassen Laurens Dassen 252.480 2,42% 3 -> 2 +3
Rjocht Antwurd 21 (JA21) nasjonalistysk-liberaal Joost Eerdmans Joost Eerdmans 246.620 2,37% 3 +3
Steatkundich Grifformearde Partij (SGP) reformatoarysk Kees van der Staaij Kees van der Staaij 215.249 2,07% 3 0
DENK (DENK) multykultarisme Farid Azarkan Farid Azarkan 211.237 2,03% 3 0
50PLUS (50+) âlderein Liane den Haan / 106.702 1,02% 1 -> 0 -3
BoerBoargerBeweging (BBB) boerebelangen Caroline van der Plas Caroline van der Plas 104.319 1,00% 1 +1
BY1 (BIJ1) diskriminaasje Sylvana Simons Sylvana Simons 87.238 0,84% 1 +1
Groep-Van Haga nasjonaal konservatisme Wybren van Haga 3 fan FVD
Lid-Den Haan âlderein Liane den Haan 1 fan 50+
Lid-Omtzigt kristendemokratysk Pieter Omtzigt 1 fan CDA
Lid-Gündoğan Jeropeeske Uny Nilüfer Gündoğan 1 fan Volt
oare partijen 206.954 1,97%
Totaal 10.422.852 100% 150
Totaal koälysjepartijen 5.186.867 49,76% 78 -> 77

Opkomst 78,71% mei 10.462.677 stimmen foar 150 sitten.

Ferkiezingsresultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferkiezings fan de Twadde Keamer sûnt 1989:[4]

Politike partij Ofkoarting Sitten 2021 Sitten 2017 Sitten 2012 Sitten 2010 Sitten 2006 Sitten 2003 Sitten 2002 Sitten 1998 Sitten 1994 Sitten 1989
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy VVD 34 33 41 31 22 28 24 38 31 22
Demokraten 66 D66 24 19 12 10 3 6 7 14 24 12
Partij foar de Frijheid PVV 17 20 15 24 9
Kristen Demokratysk Appèl CDA 15 19 13 21 41 44 43 29 34 54
Sosjalistyske Partij SP 9 14 15 15 25 9 9 5 2
Partij fan de Arbeid PvdA 9 9 38 30 33 42 23 45 37 49
GrienLinks GL 8 14 4 10 7 8 10 11 5 6
Foarum foar Demokrasy FVD 8 2
Partij foar de Dieren PvdD 6 5 2 2 2
KristenUny ¹ CU 5 5 5 5 6 3 4 5 5 3
Volt Nederlân Volt 3
Rjocht Antwurd 21 JA21 3
Steatkundich Grifformearde Partij SGP 3 3 3 2 2 2 2 3 2 3
DENK DENK 3 3
50PLUS 50+ 1 4 2
BoerBoargerBeweging BBB 1
BY1 BIJ1 1
List Pim Fortuyn LPF 8 26
Leefber Nederlân LN 2
Algemiene Aldere Ferbûn AOV 6
Sintrumdemokraten CD 3 1
Uny 55+ U55+ 1
Totaal 150 150 150 150 150 150 150 150 150 150
Opkomst 78,7% 81,9% 74,6% 75,4% 80,4% 80,0% 79,1% 73,3% 78,7% 80,3%

¹ 1989-1998: GPV + RPF

Foarsitters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de ynstelling fan de Twadde Keamer yn 1815 waard de foarsitter beneamd troch de Kroan. Sûnt 1848 hie de Keamer it rjocht in twafâldige foardracht op te meitsjen: de nûmer 1 waard dan beneamd ta foarsitter en nûmer 2 waard earste fise-foarsitter. Yn de grûnwet fan 1983 is opnomd dat de Keamer sels in foarsitter kiest.

Lange tiid waarden efter de skermen ôfspraken makke oer in lykwichtige besetting fan de hege amten als fisepresidint Ried fan Steat en de keamerfoarsitters. Yn 2002 keas de Twadde Keamer foar in iepen proseduere. Frans Weisglas fan de VVD stelde him kandidaat wylst syn partij de posysje tatocht hie oan de ôftredende fise-premier Annemarie Jorritsma. Weisglas joech glâns oan it amt oant syn ôfgean op 29 desimber 2006. Op 6 desimber 2006 waard Gerdi Verbeet (PvdA) keazen, boppe bekendere Keamerleden lykas Henk Kamp en Maria van der Hoeven. Op 23 juny 2010 waard Gerdi Verbeet wêr keazen boppe Charlie Aptroot (VVD). Sy waard opfolge troch Anouchka van Miltenburg (VVD) op 25 septimber 2012. Van Miltenburg waard opfolge troch Khadija Arib (PvdA) op 13 jannewaris 2016. Arib waard opfolge troch Vera Bergkamp (D66) op 7 april 2021.

Burgers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wie in gearkomst fan de Twadde Keamer yn 1814 yn it earstoan besletten, yn de grûnwet fan 1815 waarden se ûnder druk fan de Belgen iepenbier. Yn 1859 kaam der in perstribune yn de gearkomstseal. Utstjoering fan debatten troch de radio en letter de telefyzje hawwe de iepenbierheid tige fergrutte. Sûnt 1968 hâldt de Keamer ek harksittings dêr't deskundige of belanghawwende boargers taljochtings yn jaan kinne oan de Keamer of ien fan har kommisjes.

Sûnt 2006 hat de Keamer it boargerinisjatyf. Kiesgerjochtigden kinne mei 40.000 hantekeningen in ûnderwerp foardrage foar de Keameraginda. Dit ûnderwerp mei net yn striid wêze mei de grûnwet en mei net yn de lêste twa jier yn de Keamer oan de oarder west hawwe. Sûnt 1 jannewaris 2008 kin de aksje foar in boargerinisjatyf ek op it ynternet fierd wurde.

Griffiers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûn 1 novimber 2004 is Jacqueline Biesheuvel-Vermeijden griffier fan de Twadde Keamer. Hja is de earste frou dy't dit amt beklaait. Sjoch ek list fan griffiers fan de Twadde Keamer fan Steaten-Generaal.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de hal, de Steatenpassaazje, steane in soad bylden op fuotstikken. Op de earste ferdjiping lizze de grutte gearkomstseal fan de Twadde Keamer en ferskate lytsere gearkomstromtes foar bygelyks kommisjegearkomsten.

Fierders sit yn it gebou noch de Hannelingskeamer, dêr't alle Hannelings fan de Twadde Keamer binne.

Fek K[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fek K is in part fan de seal fan de Twadde Keamer, dêr't ministers sitte by debatten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tweede Kamer 17 maart 2021, Kiesraad
  2. De huidige Tweede Kamer, Parlement.com
  3. Fractievoorzitter Tweede Kamer, Parlement.com
  4. Verkiezingen Tweede Kamer 1917-2021, Parlement.com