Attje Kuiken

Ut Wikipedy
Attje Kuiken yn 2020

Attje Harma Kuiken (Grins, 27 oktober 1977) is in Nederlânsk politika. Se is út namme fan de Partij fan de Arbeid sûnt 30 novimber 2006 lid fan de Twadde Keamer. Sûnt 12 desimber 2016 oant 23 maart 2017 wie hja en sûnt 22 april 2022 is hja wer fraksjefoarsitter.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kuiken waard berne yn Grins, mar it grutste part fan har jonkheid opbrocht yn Ferwert. Se studearre bestjoerskunde en oerheidsmanagement oan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert en belieds- en organisaasjewittenskippen oant de Katolike Universiteit Brabân en wie beliedsmeiwurker Yntegraal Feilichheidsbelied by it Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Yn Breda rjochte se in ôfdieling fan de Jonge Sosjalisten op. Teffens die se mei oan it VARA-debatprogramma Het Lagerhuis.

By de Twadde Keamerferkiezingen yn 2006 stie Kuiken op it 12e plak fan de kandidatelist. Se waard direkt keazen en krige 2797 foarkarstimmen. Se hold op 31 jannewaris 2007 har maidenspeech oer de begrutting Binnenlânske Saken foar 2007.

Fan 19 jannewaris oant en mei 10 maaie 2010 wie Kuiken om reden fan swierwêzen net yn de Keamer; se waard ferfongen troch Saskia Laaper. By de Twadde Keamerferkiezingen fan 2010 stie hja as 14e op de kandidatelist. Se waard op 'en nij keazen en krige 2974 foarkarstimmen. Twa jier letter wie se 24e op de kandidatelist en waard wer keazen. Yn it parlemint is se fraksjewurdfierder asylbelied en ymmigraasje. Earder hie se dy taak foar feilichheid, iepenbiere oarder, kriminaliteitsbestriding, strafrjochttapassing en ynternasjonale justysjele gearwurking.

Op 5 novimber 2015 waard Kuiken fise-fraksjefoarsitter fan de PvdA. Se folge Martijn van Dam op dy't steatssiktaris fan Ekonomyske Saken waard. Op 12 desimber 2016 folge se Diederik Samsom op as fraksjefoarsitter oant de Twadde Keamerferkiezingen yn 2017. Op 22 april 2022 folge se Lilianne Ploumen op as fraksjefoarsitter.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]