Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes
Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes BZK | ||
![]() | ||
![]() | ||
It hjoeddeiske gebou fan it ministearje. | ||
Funksjehâlders | ||
Minister | Raymond Knops | |
Sikretaris-generaal | Maarten Schurink | |
Skiednis | ||
Oprjochte | 12 maart 1798 | |
Algemien | ||
Lân | ![]() | |
Adres | Turfmerk 147, De Haach | |
Offisjele webside |
It Nederlânske ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, ôfkoarte ta BZK (Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties, is de opfolger fan it eardere ministearje fan Binnenlânske Saken (ôfkoarte ta BiZa). It taheaksel 'Keninkryksrelaasjes' hat te krijen mei de oerseeske ryksdielen Arûba, Kurasau en Sint-Marten, dy't foar 1998 ûnder it Kabinet foar Nederlânsk-Antiljaanske en Arûbaanske Saken foelen.
Kearntaken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wichtichste taken fan it ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes binne:
- It ynstean foar de demokratyske rjochtssteat
- De soarch foar in goed wurkjend iepenbier bestjoer
- It ynstean foar de kwaliteit fan meiwurkers en bestjoerders yn 'e rykstsjinst
- It bewaken fan 'e Grûnwet
- It koördinearjen fan 'e gearwurkingsrelaasje mei Arûba, Kurasau en Sint-Marten
- De soarch foar it konstitúsjonele steatsrjochtlike bestel
- It slagjen fan partisipaasje en yntegraasje fan nije ynwenners
- Gruttestêdebelied en befolkingskrimp
- Wenningmerk (keap- en hiersektor, wêrûnder wenningkorporaasjes)
- Hierbelied/hiertaslach
- Boubelied
- Rýksûnderkommen
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() | Nederlânske ministearjes | ![]() |
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) · Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) · Bûtenlânske Saken (BZ) · Definsje (Def) · Ekonomyske Saken en Klimaat (EZ) · Finânsjes (Fin) · Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) · Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) · Justysje en Feiligens (J&V) · Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) · Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) · Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) |