Ministearje fan Algemiene Saken
Ministearje fan Algemiene Saken AZ | ||
It ministearje fan Algemiene Saken oan it Binnenhôf | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
adres | Binnenhôf 19, De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 3 july 1937 | |
funksjehâlders | ||
minister | Dick Schoof | |
sekretaris-generaal | Gert-Jan Buitendijk | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-algemene-zaken |
It Nederlânske ministearje fan Algemiene Saken, ôfkoarte ta AZ (Algemene Zaken), is it ministearje fan 'e minister-presidint fan Nederlân. It is mei likernôch 400 meiwurkers fierwei it lytste ministearje.
Politike lieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt syn oantreden yn 2024 is Dick Schoof minister-presidint en jout er dus lieding oan it ministearje fan Algemiene Saken.
Amtlike lieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amtlik lieder (sikretaris-generaal) wie Paul Huijts en is sûnt 2020 Gert-Jan Buitendijk.
Taken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste taken binne it stypjen fan 'e minister-presidint by de koördinaasje fan it algemiene regearbelied en wurdfiering dêroer, mar ek de koördinaasje fan it algemiene kommunikaasjebelied.
Ta it ministearje fan Algemiene Saken hearre ûnder oare it kabinet fan 'e minister-presidint, de Ryksfoarljochtingstsjinst (RVD) en de Tsjinst Publyk en Kommunikaasje. Dêrneist regelt it ministearje saken foar it buro fan 'e Wittenskiplike Rie foar it Regearbelied (WRR) en de Kommisje fan Tafersjoch op de Ynljochtings- en Feiligenstsjinsten, en is it ferantwurdlik foar it kabinet fan de Kening.
Tusken 1945 en 1947 wie der gjin ministearje fan Algemiene Saken. De minister-presidint liede doe it ministearje fan Algemiene Kriichsfiering fan it Keninkryk, in yn 1942 yn Londen ynsteld departemint. Minister-presidint Louis Beel hefte dat ministearje yn 1946 op en waard minister fan Binnenlânske Saken. Doe't dúdlik waard dat de kombinaasje te swier wie, kaam yn 1947 it ministearje fan Algemiene Saken dochs werom.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlânske ministearjes | ||
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) ·
Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) ·
Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ·
Bûtenlânske Saken (BZ) ·
Definsje (Def) ·
Ekonomyske Saken (EZ) ·
Finânsjes (Fin) ·
Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) ·
Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) ·
Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) ·
Justysje en Feiligens (J&V) ·
Klimaat en Griene Groei (KGG)
Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) ·
Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) ·
Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) | ||
· · |