Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit

Ut Wikipedy
Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit
LNV
Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit
Overzicht voorgevel en rechter zijgevel complex - NL-2594AC-73 - 's-Gravenhage - 20357951.jpg
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Bezuidenhoutseweg 73
De Haach
skiednis
oprjochting 1935
funksjehâlders
minister Henk Staghouwer
Christianne van der Wal (sûnder portefúlje)
sekretaris-generaal Jan-Kees Goet
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-landbouw-natuur-en-voedselkwaliteit Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit

It Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (Nederlânsk: Ministerie van Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit, ôfkoarte ta LNV) wie fan 1935 oant 2010 en sûnt 2017 fannijs in Nederlânsk ministearje mei it mêd fan belied oer lânbou, natuerbehear, boskbou, fiskerij, en fiedsel. Ek it lânbou-ûnderwiis foel lange tiid ûnder it ministearje, sa as de agraryske beropsopliedings en de WUR. It agrarysk ûnderwiis is sûnt 2017 ûnderbrocht by it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ministearje fan LNV bestie sûnt 1935 as selsstannige oerheidsynstânsje, doetiids ûnder de namme "Ministearje fan Lânbou en Fiskerij" (Ministerie van Landbouw en Visserij). Foar 1935 wie it lânbou- en fiskerijbelied ûnderbrocht by oare ministearjes, ynearsten by Ynlânske Saken en doe letter by it doetiidske ministearje fan Wettersteat, Hannel, en Niverheid (Ministerie van Waterstaat, Handel en Nijverheid). Tusken 1945 en 1959 krige it ministearje in wichige rôl yn it foarsjen fan fiedsel, itjinge de namme fan it ministearje waard: Ministearje fan Lânbou, Fiskerij, en Fiedselfoarsjenning (Ministerie van Landbouw, Visserij en Voedselvoorziening).

Yn 1989 besleat it kabinet-Lubbers III dat it ministearje fan Lânbou en Fiskerij ek it foech krige oer it mêd fan belied iepenloftrekreaasje en natuerbeskerming. De namme waard doe feroare yn Ministearje fan Lânbou, Natuerbehear, en Fiskerij (Ministerie van Landbouw, Natuurbeheer en Visserij). It naam it mêd fan natuer- en rekreaasje oer fan it Ministearje fan Kultuer, Rekreaasje, en Maatskiplik Wurk.

Op 1 july 2003 waard by it foarmjen fa it kabinet-Balkenende II de namme feroare ta Ministearje fan Lânbou, Natuer, en Fiedselkwaliteit. Dy feroaring waard nedich, om't de Nederlânske Fiedsel- en Warenautoriteit ûnder foech fan LNV kaam.

Op 14 oktober 2010 gie it ministearje tegearre it ministearje fan Ekonomyske Saken, nei it foarmjen fan it kabinet-Rutte I, op yn it nije Ministearje fan Ekonomyske Saken, Lânbou, en Ynnovaasje. Nei it foarmjen fan it kabinet-Rutte II waard de namme ferkoarte ta Ministearje fan Ekonomyske Saken.

Politike lieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it foarmjen fan it kabinet-Rutte III waard it ministearje fannijs oprjochte mei Carola Schouten fan de CU as minister. Yn it kabinet-Rutte IV is Henk Staghouwer (ek fan de CU) minister fan LNV en Christianne van der Wal (VVD) is minister sûnder portefúlje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]