Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip

Ut Wikipedy
Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip
OCW
Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip
De Hôftoer dy't heart ta it ministearje OCW.
De Hôftoer dy't heart ta it ministearje OCW.
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Rynstrjitte 50
De Haach
skiednis
oprjochting 9 septimber 1918
funksjehâlders
minister Robbert Dijkgraaf
Dennis Wiersma (sûnder portefúlje)
steatssekretaris Gunay Uslu
sekretaris-generaal Marjan Hammersma
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-onderwijs-cultuur-en-wetenschap

It Nederlânske ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, ôfkoarte ta OCW (Onderwijs, Cultuur en Wetenschap), is it ministearje dat ferantwurdlik is foar ûnderwiis, kultuer, wittenskip en it emansipaasjebelied. Inkelde kearndoelen binne 'goed ûnderwiis en in tarieding op selsstannigens en ferantwurdlikens foar elkenien', 'de mooglikheid foar ûnderwizers om harren wurk te dwaan' en 'de mooglikheid foar elkenien om keunst te belibjen'. Wat de wittenskip oanbelanget seit it ministearje dat ek 'wittenskippers harren wurk dwaan moatte kinne'.

Politike lieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it kabinet-Rutte III wie Ingrid van Engelshoven (D66) de minister en wie Arie Slob (CU) minister sûnder portefúlje foar Basis-en Fuortset Underwiis en Media.
Yn it kabinet-Rutte IV is Robbert Dijkgraaf (D66) de minister en Dennis Wiersma (VVD) minister sûnder portefúlje. Gunay Uslu (D66) is steatssikretaris.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]